- Dizze side giet oer de it bedriuw Douwe Egberts. Foar de persoan, sjoch: Douwe Egberts (persoan).
Douwe Egberts (of DE) is in ûndernimming dy't kofje, tee en oare libbensmiddels ferwurket en ferhannelet.
In protte minsken yn Nederlân sparje de punten fan DE, dy't útknipt wurde moatte fan de pakken kofje en dy't ek op pakjes tee en potten oploskofje sitte (moccona). De punten kinne ynwiksele wurde tsjin artikels yn spesjale winkels, faak mei bybeteljen.
Skiednis
De ûndernimming is ûntstien doe't Egbert Douwes fan syn bertedoarp Jiskenhuzen nei it tichtby lizzende De Jouwer ferhuze om dêr op 11 maart 1753 in winkel te begjinnen mei de namme De Witte Os. Yn 1780 waard it bedriuw oerdroegen oan syn âldste soan Douwe Egberts, it bedriuw hat noch altyd syn namme. It bedriuw hold him dwaande mei de bewurking fan kofje, tee en tabak.
- Yn 1948 begûn it bedriuw mei de ferkeap yn Belgje. Dêrnei folgen ek Frankryk, Spanje en Denemarken.
- Yn 1968 waard der in hâldstermaatskippij (holding) oprjochte, Douwe Egberts Keninklike.
- Yn 1969 waard Kanis & Gunnink oernommen.
- Yn 1978 waard DE oernommen troch de Sara Lee Corporation.
- Yn 1987 waard Duyvis oernommen.
- Yn 1989 waard Van Nelle oernommen.
- Yn 1998 waarden de mei tabak annekse bedriuwsûnderdielen ferkocht oan Imperial Tobacco.
- Yn 2001 waard DE Café oprjochte.
- Yn 2006 waard op 16 septimber Nasjonale Buorljudei opsetten.
- Yn 2011 waard Coffee Company oernaam.
- Yn 2012 kaam DE los fan Sara Lee en waard wer in selsstannich bedriuw ûnder de namme D.E Master Blenders 1753 NV
- Maart 2013 die JAB in bod op alle oandielen.
- Op 26 oktober 2013 ferdwûn D.E Master Blenders 1753 NV wer fan de beurs.
- Maaie 2014 wurdt de fúzje mei de kofjeäktiviteiten fan Mondelez oankundige.
Merken
- Douwe Egberts (kofje)
- Pickwick (tee)
- Kanis & Gunnink (kofje)
- Van Nelle (kofje)
- Senseo (kofje-apparaat; tegearre mei Philips)
- Douwe Egberts Coffee Systems (drankenfoarsjenning)
- Douwe Egberts Coffee Care (drankenfoarsjenning)
- Piazza d'Oro (espresso)
- Cafitesse (kofjekonsintraten en systemen)
- Moccona (oploskofje)
- Laurentis
- Drum (tabak)
Kofjekrisis
Neffens it bedriuw sels hat DE in 'belied rjochte op it duorsum ferbetterjen fan de ekonomyske en sosjale posysje fan lytse boeren'.
Yn in ûndersyk fan Oxfam International nei de bydragen fan de fjouwer grutte ynternasjonale kofjebaarnders (Nestlé, Kraft, Sara Lee en Procter & Gamble) oan it oplossen fan de wrâldwide kofjekrisis skoarde Sara Lee lykwols it minst.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |