Douglas DC-4 | |
---|---|
| |
Rol | Transport- en passazjiersfleantúch |
Makker | Douglas Aircraft Company |
Earste flecht | 14 febrewaris 1942 (produksjerige) |
Yn tsjinst | 1942 |
Ut tsjinst | net |
Tal makke | 80 DC-4 en 1.163 C-54/R5D (1942 - augustus 1947) |
Brûkers | |
Farianten | C-54 Skymaster, Canadair North Star, Aviation Traders ATL-98 Carvair |
De Douglas DC-4 is it earste fjouwermotorige ferkearsfleantúch dat ûnwurpen en boud waard troch de Amerikaanske Douglas Aircraft Company. It tastel hat yn de Twadde Wrâldkriich in protte foar militêre doelen tsjinne en dêrnei oeral yn de wrâld as passazjiertastel by ferskate loftfeartmaatskippijen. As militêr tastel waard er oantsjut as C-54 Skymaster by de loftmacht, en as R5D by de marine. It earste tastel, in C-54, fleach foar it earst op 14 febrewaris 1942. Fan DC-4 waarden letter de modellen DC-6 en DC-7 ôflaat.
Untwikkeling
De type-oantsjutting DC-4 waard troch de Douglas Aircraft Company brûkt ûnder de ontwikkeling fan de DC-4E as in grutte fjouwermotoarige opfolger fan de DC-3. Dy wie bedoeld om oan de fraach fan United Airlines nei in langeôfstânspasszjierstastel te foldwaan. De DC-4E (de E stie foar experimental) waard ûntwurpen foar 52 passazjiers, mei in foar dy tiid grutte romptrochsneed en trijefâldige fertikale sturt, te gerlykjen mei dy't letter troch Lockheed brûkt waard foar syn Constellation.
De earste flecht fan de DC-4E wie op 7 juny 1938. It tastel, dat troch United Airlines foar testflechten brûkt waard, wie syn tiid fier foarút en dêrom dreech yn ûnderhâld en on-ekonomysk yn it gebrûk. De by it projekt belutsen loftfeartmaatskippijen, neist United ek Eastern Air Lines, fregen Douglas dêrom in lytsere en ienfâldiger ferzje te ûntwikkeljen. Dat waard it tastel dat letter bekend wurde soe ûnder de namme DC-4. De Twadde Wrâldaorloch briek lykwols út foar't dit tastel yn gebrûk naam wurde koe, de hiele produksje waard doe brûkt ta foldwaan fan de Amerikaanske loftmacht.
De DC-4 hie in opfallende en wichtige wiziging wat syn foargonger voorganger, de DC-3, oanbelange: in noastsjel yn stee fan in sturttsjel. Dit makke it mooglik om de romp nei eftere folle breder te meitsjen as at it tastel in sturttsjel hân hie. Dy bredere romp makke it letter ek makliker om de DC-4 langer te meitsjen ta syn opfolgers, de DC-6 en DC-7. Boppedat waard de lâning dêrtroch feiliger.
Produksje
Tusken 1942 en 1946 waarden der 1163 DC-4's makke, allegear mei fjouwer Pratt & Whitney sûgermotors. Yn de oarloch gie Douglas troch mei it ûnwikkejen fan it tastel, mei't se ferwachten dat der in protte passazjierstastellen frege wurde soene at de aorloch dien wie. Nei de oarloch waarden lykwols sa'n 500 C-54's en R5D's fan de hân dien. Dy waarden opkocht troch in protte loftfeartmaatskippijen wêrttroch de fraach nei de sivile DC-4 folle minder grut wie as ferwachte. Totaal waarden nei de oarloch mar 74 nije DC-4's produsearre, ear't de produksje op 9 augustus 1947 stopset waard. Douglas bea in drukkabine oan as opsje by de sivile DC-4, mar dêr waard net ien fan ferkocht.
Farianten
Canadair boude 71 DC-4's mei de oantsjuttings DC-4M North Star, C-4 en C-5. Utsein in stikmannich C-5 hiene al dy types Rolls-Royce Merlin-motors. 51 derfan hiene in drukkabine. Dy tastellen waarden brûkt troch de Kanadeeske lofttmacht, Trans-Canada Airlines, Canadian Pacific Airlines en BOAC. Dy lêst neamde it tastel Argonaut.
Fan 1959 ôf krigen 20 DC-4's in nij libben as ATL-98 Carvairs. Dy omboude DC-4's koene 22 passazjiers en 5 auto's ferfiere. De romp waard langer makke, de noas koe sydlings iepenklappe, de cockpit waard boppe op de romp pleatst en de sturtflakken waarden fergrutte om de nei foaren ferlingde romp te kompensearjen. Dy tastellen waarden oant fier yn de jierren santich brûkt foar feartsjinsten.
De DC-4 hat him bewiisd as in populêr en betroubere masine. Der binne hjoed de dei noch guon fan yn gebrûk, fral as sjarter- of frachtfleantúch. De Dutch Dakota Association besit ek in fleanree tastel, mar slagge net om it tastek rendabel te eksploitearjen en leaset it dêrom oan de Súd-Afrikaanske maatskippij SkyClass [1].
Technyske gegevens en prestaasjes
Gegevens | Douglas DC-4-1009 |
---|---|
Langte | 28,60 m |
Spanwiidte | 35,81 m |
Hichte | 8,38 m |
Fleugeloerflak | 135,63 m² |
Oandriuwin | 4 stjermotors, Pratt & Whitney R-2000-2SD-13G Twin Wasp (fan 1.081 kW / 1.450 HK) |
Heechste faasje | 451 km/o op 4.265 m |
Krúsfaasjet | 365 km/o op 3.050 m |
Normaal fleanberik | 4.023 km mei 5.189 kg lading |
Bemanning | 2 piloaten, 1 boardwurktúchkundige, 2 stewards, op lange flechten 1 radio-telegrafist, 1 navigator |
Tsjinstplafond | 6.800 m |
Gewicht leech | 19.640 kg |
Maks. startgewicht | 33.112 kg |
Rol | langeôfstânsfleantúch |
Keppeling om utens
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |