Doris Mooltsje | ||
mûne / mole | ||
lokaasje | ||
provinsje | Fryslân | |
gemeente | Súdwest-Fryslân | |
plak | Aldegea (Súdwest-Fryslân) | |
adres | Brekkenpaad 1a | |
koördinaten | 52° 59' NB, 5° 32' EL | |
bysûnderheden | ||
type mûne | spinnekopmole | |
funksje | poldermole | |
flecht | 15,50 m | |
boujier | 1998 | |
Webside | ||
dorismooltsje.nl | ||
Kaart | ||
It Doris Mooltsje is in wynmole yn Aldegea yn gemeente Súdwest-Fryslân út 1997. It is in spinnekopmole mei in achtkante ûndertoer. De funksje is poldermole. De mole stiet de Aldegeaster Brekken besuden it spoar Ljouwert - Starum.
Skiednis
De mole waard oarspronklik oan 'e ein fan 'e 18e iuw boud om polder 34 te bemeallen. De mole waard letter ferneamd nei Doris Hoekstra, dy't op 'e pleats by de mole buorke.
Yn 'e jierren 1930 waard de mole foar in grut part ôfbrutsen en it binnenwurk ferfongen troch in gemaal, dat fan in diselmotor oandreaun waard en letter troch in elektromotor. Allinne de ûnderbou fan 'e mole bleau foar in diel stean, dy't fan sinken platen oerdutsen wie. Mei't it gemaal yn 'e jierren 1990 syn fuksje ferlear soe ek it lêste restant fan 'e spinnekop hast ferdwine.
Op inisjatyf fan Simon Jellema fan 'e Rôt yn Drylts waard doe de Stifting Doris Mooltsje oprjochte. De stifting krige stipe fan de gemeente, de ruilferkavelingskommisje en it wetterskip, mar de provinsje sette it yn 'e kant en wegere om de mûne op de monumintlist te setten, ek nei in letter berop. Troch it krewearjen fan mûnemakkers en frijwilligers waard der yn 1995 dochs mei in weropbou fan 'e mole útein set, dy't yn 1998 folgtôge waard.
De mole is yn 2003 lang om let dochs op 'e list fan ryksmonuminten set. Eigener is de Stifting Doris Mooltsje.
Sjoch ek
Keppeling om utens
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Dorismooltsje fan Wikimedia Commons. |