Dorum | ||
Polityk | ||
Lân | Dútslân | |
Dielsteat | Nedersaksen | |
Distrikt | Cuxhaven | |
Boargemaster | Klaus Seier (CDU) | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 3595 (31 desimber 2005) | |
Oerflak | 24,32 km² | |
Befolkingsticht. | 148 / km² | |
Hichte | 2 m | |
Oar | ||
Postkoade | 27632 | |
Tiidsône | UTC+1 | |
Simmertiid | UTC+2 | |
Offisjele webside | ||
www.sglandwursten.de/ |
Dorum is in doarp en wie oant 1 jannewaris 2015 in gemeente yn it histoaryske Fryske Lân Woersten yn de Dútske dielsteat Nedersaksen. It wie in dielnimmende gemeente yn de gearwurkjende gemeente Lân Woersten (Samtgemeinde Land Wursten). Tegearre mei de oare dielnimmende gemeenten Cappel, Midlum, Misselwarden, Mulsum, Padingbüttel en Wremen en de frije gemeente Nordholz waard it yndield yn de nije ienheidsgemeente Woerster Noardseekust. Dorum wie de sit fan de eardere gearwurkjende gemeente en is tegearre mei Nordholz de sit fan de nije gemeente.
Skiednis
Dorum en omkriten, it Lân Woersten waard yn de 6e iuw bewenne troch Friezen, doe't Saksen dizze geaen yn 'e 5e iuw ferlieten. Hja wurpen terpen op om harren wentes te beskermjen tsjin oerstreamings. De namme Dorum kaam yn 1312 yn in oarkonde foar. It plak hat dêrfoar Dornem, Thornum, Dorum en Dornem hiten. De namme komt fan it Fryske (en Nederdútske) thorn/dorn-hem, dat wierskynlik doarn-hiem/delsetting betsjut.[1] Op 16 july 1757 baarnde yn in pear oeren tiid in grut part fan it doarp ôf. Yn 1852 waard it Amtsgericht Dorum, it kantongerjocht, oprjochte.
Wapen
Nijsgjirrich is it wapen fan Dorum. It is spjalte yn twa helten. It lofter helte bestiet út sulver fjild mei dêryn in swarte read bewapene heale earn. De rjochter helte bestiet op syn bart út twa parten. It boppeste part is in yn goud fjild mei in yn swart in Sint-Urbanusfiguer en it ûnderste part is in sulveren klaverblêd yn grien fjild. De heale earn, dy't yn in soad Fryske wapens foarkomt, wiist nei de betsjutting fan Dorum as haadplak fan it Fryske Lân Woersten. De hillige Urbanus is beskermhillige fan de Dorumer tsjerke en it klaverblêd is in sinnebyld fan it gea.
Besjenswurdichheden
- Sint-Urbanustsjerke, boud om 1200 hinne.
- Haven Dorum-Neufeld, in sylhaven, benammen foar fiskerij.
- Fjoertoer Oberever sand
Ferkear
Troch Dorum rint de lânwei fan Midlum nei Bremerhaven en it plak leit 6 kilometer fan Bundesautobahn 27. Dorum hat in stasjon oan de spoarwei tusken Cuxhaven en Bremerhaven.
Keppeling om utens
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Dorum fan Wikimedia Commons. |