Doodstil is in buorskip mei 70 ynwenners (2008) – en de namme fan de brêge (tille) oer it Bûterdjip – yn de gemeente It Hegelân yn de provinsje Grinslân yn Nederlân. Doodstil leit sa'n 3 km besuden Uthuzen en 20 kilometer noardlik fan Grins.
De namme komt wierskynlik fan de manljusnamme Doode of Doede. De namme Doede wurdt noch hieltyd brûkt yn Fryslân en Grinslân; efternammen as Dooijes, Doma en Doema binne der fan ôflaat. Dat de namme 'Doodstil' betsjut: de tille fan Doode.
In oerlevering wol hawwe dat de oarsprong fan de namme oars is. Eartiids soe der op dit plak gjin brêge lein hawwe, mar in pontsje. Op in stuit moast der in deakiste oerset wurde. Midden op it Bûterdjip makke it boatsje in ûnferwachte beweging en rekke de kist yn it wetter en wie ferdwûn. Om dat tenei foar te kommen is der doe "in brêge foar de deaden" oanlein.
De moaiste namme
De namme Doodstil sprekt minsken oan út reden fan syn wurdboek-betsjutting: folslein stil. Yn maaie 2005 waard Doodstil sa ek útroppen ta moaiste plaknamme fan Nederlân. It doarpke wûn it by in ynternetferkiezing fan it Siuwsk-Flaamske Waterlandkerkje, it Oerisselske Muggenbeet en de Brabantse haadstêd 's-Hertogenbosch.
- De nije "Doodstil" yn Doodstil
- Filla fan de eardere boargemaster fan Kantens, in ryksmonumint
- De pleats Nij Hoijkingaheerd
- De pleats Langenhuis, foar 1600 in úthôf fan Kleaster Juliana fan Rottum.
Sjoch ek
Keppeling om utens
It Hegelân | ||
---|---|---|
Doarpen: Adorp • Den Andel • Baflo • Bedum • Eenrum • Eppenhuizen • Hornhuizen • Houwerzijl • Kantens • Kleine Huisjes • Kloosterburen • Lauwerseach • Liens • Mensingeweer • Riich • Niekerk • Noardwâlde • Aldesyl • Onderdendam • Eastein • Oosternieland • Piterbuorren • Raskwert • Roodeschool • Rottum • Saaxumhuizen • Sâltkamp • Sauwerd • Startenhuizen (foar in part) • Stitswert • Súdwâlde • Tinallinge • Uithuizen • Uithuizermeeden • Uitwierde • Ulrum • Uskwert • Vierhuizen • Warffum • Warfhuzen • Wehe-den Hoorn • Westerdijkshorn • Westernieland • Wetsinge • Winsum • Zandeweer • Zuurdijk | ||
Buorskippen: 1e Nijhoezen • 2e Nijhoezen • 't Aagt • 't Lage van de Weg • 't Houweel • 't Stort • 't Wildeveld • Abbeweer • Aldedyk • Alinghuizen • Arwerd • Barnegaten • Bellingeweer • Bethlehem • Beusum • Bokum • Breede • Broek • De Dingen • De Hoogte • De Horn • De Houw • De Raken • De Streek • De Vennen • Den Hander • Den Haver • Deikum • Doodstil • Douwen • Duisterwinkel • Eelswerd • Elens • Ellerhuizen • Ernstheem • Ewer • Falom • Flydoarp • Griissleat • Groot Maarslag • De Haar • Hammeland • Harssens • Hefswal • Hekkum • Helwerd • Heuvelderij • Hiddingezijl • Holwinde • Iemshaven • Kaakhorn • Katershorn • Kattenburg • Klei • Klein Garnwerd • Klein Maarslag • Kolham • Koningslaagte • Koningsoord • De Knijp • Kruisweg • Lienstertillen • Lutje Marne • Lutje Saaksum • Lutjewolde (foar in part) • Maarhuizen • Menkeweer • Menneweer • Midhalm • Nijenklooster • Noordpolder • Noardpoldersyl • Obergum • Oldenzijl • Oldorp • Onderwierum • Oosterhorn • Oosterhuizen (Eenrum) • Oosterhuizen (Súdwâlde) • Oudeschip • Paapstil • Panser • Plattenburg • Polen (foar in part) • Ranum • Reidland • Roodehaan • Schapehals • Schaphalsterzijl • Schilligeham • Skouwen • Skouwersyl • Sint Annerhuisjes • Takkebos • Ter Laan • Tijum • Valcum • Waadwert • Walsweer • Westerhorn (De Marne) • Westerhorn • Westerklooster • Westpolder • Wierhuizen • Wierum • Willemsstreek • Zevenhuizen | ||
Eardere buorskippen: Het Bultje • De Hucht • Midhuizen | ||
Wetter: Broekstermaar • Delthe • Grutte Tsjaryt • Hoornse Vaart • Houwersylsterfeart • Hulpkanaal om Obergum • Hunzegoakanaal • Koksmaar • Kromme Raken • Oude Diepje • Ryddjip • Stitswerdermaar | ||
wizigje |