Donia State stie yn Dantumawâld, no Damwâld, gemeente Dantumadiel. Fan de state is neat werom te finen.
Op it plak fan de state stie dêrfoar grif in stins, mooglik út de 15e iuw, mar yn elk gefal al yn de 16e iuw besteand. De namme Donia wurdt foar it earst neamd yn 1421. Dan wurdt Dowa Doyngha fermeld, as grytman (fan Duntumadiel (?)) en hy wennet dan yn Dantumawâld. Nei alle gedachten is hy deselde as Dodo Doyngha, dy't yn 1423 it testamint fan Duco Onnema as fertrouwensman mei ûndertekene (sjoch Oenemastate) en waans soan Bocke stikken lân erfde fan Duco Onnema sûnder neiere betingsten.
Worp Doyngha en syn soan Tjaerd ferkeapje yn 1487 lân oan de keller fan de Skierstins. Worp wie grif in Ydtsma, mar neidat hy mei Saepck Donya troud wie, nom hy de namme fan syn frou oan. Yn de argiven komme we meardere kearen in relaasje tsjin tusken Worp en sawol Klaarkamp as de Skierstins. Worp Ydtsma soe dêrom te krijen hân hawwe mei it Idskemagoed dat Klaarkamp yn 1436 in ruil krige. It Idskemagoed, dat ek wol 'Idszengha gude' hjitte, hie in stins, dy't nei 1436 Skierstins hjitte.
De kaart fan Halma jout it hûs noch wer en tsien jier letter wurdt it troch de erfgenamte fan Tjaerdt as eigenaresse bewenne. Yn 1738 liket it ôfbrutsen te wêzen, omdat de meier fan de lannen ek de brûker is fan it hoarnleger. Yn 1758 is it hoarnleger ûnbehuze. It poartegebou hat langer stânholden neffens Teunissen en wie oant yn de 20e iuw yn gebrûk as wenhûs. Ek Ds. Potter makket yn syn "Wandelingen" melding fan dizze poarte: gewezen poort in woonhuis veranderd in het land nabij de kerk. Hy skriuwt oars te'n ûnrjochte dat it by Bongastate heard hat.
Bewenners
- 1421 Dowa Doyngha
- 1487 - 1511 Worp Ydtsma, troud mei Saepck Donya
- 1543 Popke Ydtsma, troud mei Siverdt fan Heemstra
- dochter fan Heemstra en Marten fan Schonenberg
- - 1597 Atke fan Schonenberg
- 1597 Wijger Folkertsz
- 1607 - 1631 Taecke Pyeuwes
- 1631 - 1654 Bonefaes fan Scheltema en Frouck fan Goslinga
- 1654 Tjerck fan Scheltinga
- 1687 Goslick fan Scheltinga
- Wijger Johannes
- 1698 Tjaerdt fan Aylva
- om 1738 ôfbrutsen
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|