Donatustsjerke
Lokaasje
provinsje Grinslân
gemeente Iemsdelta
plakLeermens
adresTsjerkepaad
koördinaten53° 20' N 6° 47' E
Tsjerklike gegevens
patroanhilligeDonatus fan Arezzo
Arsjitektuer
boujier11e iuw
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer40301
Webside
PKN Maarland
Kaart
Donatustsjerke (Grinslân)
Donatustsjerke

De Donatustsjerke is in midsiuwsk tsjerkegebou yn it Grinslânke plak Leermens (gem. Iemsdelta). De tsjerke is yn 2015 oerdroegen oan 'e Stifting Alde Grinslânske Tsjerken.

Skiednis

De tsjerke mei de tuorren, oertekene neffens it nachtmielsskaal út 1653.

Mei de bou fan 'e tsjerke waard healwei de 11e iuw op ien fan 'e heechste wierden fan Grinslân útein set. De tsjerke waard wijd oan Donatus fan Arezzo en it gebou bestiet út romaanske, romanogoatyske en goatyske eleminten.

De oarspronklike tsjerke waard boud fan dowestien. De sydmuorren fan it skip datearje út dy tiid, lykas ek de rûnbôgige finsters en it rûnbôgefries oan it skip. Letter waard it dwersskip tafoege. De frijkommen dowestien waard dêrby op 'e nij brûkt en de rest is fan bakstien boud. It romanogoatyske koer ferfong wer letter it romaanske koer en is hielendal fan bakstien. Yn 'e súdlike earm fan it dwersskip is noch in diel fan it doksaal mei fragminten fan muorreskilderings bewarre bleaun.

De tsjerke hie eartiids in westwurk mei twa spitsen, dy't yn 1822 fanwegen brekfalligens ferfongen binne troch in houten dakruter. De hjoeddeiske dakruter waard nei in slimme brân yn 1957, wêrby't ek it Van Oeckelen-oargel ferlern gyng, ferfongen. Yn it tuorke hinget in klok út 1971.

Ynterieur

fragmint muorreskildering koer Sint-Sebastiaan

Yn 'e tsjerke binne fragminten fan skilderings út it tiidrek 1400-1450 bewarre bleaun. Te sjen binne in pear wijingskrusen, in 15e-iuwske (fragmintaryske) foarstelling fan Sint-Sebastiaan, in troanende Marije mei Bern en Sint-Ursula op 'e súdlike koermuorre en fragminten fan Donatus en Nikolaas op 'e noardlike koermuorre. Yn it koer is ek de piskina bewarre bleaun.

It meloenfoarmige ferwulft fan it koer hat skildere siermitselwurk yn ferskillende patroanen. Heech yn it midden fan dat ferwulft is in slútring mei in ôfbyld fan it Laam Gods. Yn 'e ring dêrom hinne binne de symboalen fan de fjouwer evangelisten: de ingel fan Mattéus, de liuw fan Markus, de bolle fan Lukas en de earn fan Jehannes.

Under it koer is in krypte, nei alle gedachten de 16e-iuwske grêfkelder. Yn 1541 waard dêr Willem Clant byset. Syn sark stiet hjoeddedei yn 'e noardlike earm fan it dwersskip.

De preekstoel is 17e-iuwsk. Under de preekstoel is in lûk nei de kelder, dy't yn 'e Twadde Wrâldkriich tsjinst die as skûlplak foar ûnderdûkers.

Oargel

It ienmanualige oargel mei sân registers waard yn 1964 boud troch de bruorren Van Vulpen út Utert.

Keppeling om utens

Ofbylden

Keppeling om utens

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

    This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.