Domtsjerke fan Parma

Duomo di Parma

bouwurk
lokaasje
lân Itaalje
regioEmilia-Romagna
plak Parma
bysûnderheden
type bouwurkKatedraal
boujierFanôf 1074
offisjele webside
Side aartsbisdom

De Domtsjerke fan Parma (Italjaansk: Duomo di Parma; ek Cattedrale di Santa Maria Assunta, Katedraal fan Marije-Himelfeart) is in roomske katedraal yn Parma yn de Noard-Italjaanske regio Emilia-Romagna. De oan de himelopname fan Marije wijde katedraal is de sit fan it bisdom Parma. It tsjerkegebou is in wichtich romaansk monumint, mar benammen de koepel mei in fresko fan de renêssânse skilder Antonio da Correggio is it besjen wurdich.

Skiednis

Op it hjoeddeiske domplein bestie al yn de 4e of 5e iuw in ier-kristlike tsjerke, dy't nei alle gedachten oer in heidensk hillichdom boud wie. Fanôf 860 waard tichteby útein set mei de bou fan de Marijetsjerke, de lettere katedraal. Nei de ferneatiging fan de tsjerke troch in brân waard yn 1074 in begjin makke mei de bou fan de tsjintwurdige dom. De goatyske klokketoer waard yn de jierren 1284-1294 tafoege.

Arsjitektuer

Ynterieur
Koepelfresko fan Antonio de Correggio

De katedraal is in trijeskippige basilyk mei in krúsfoarmich grûnplan. Se fertsjintwurdiget benammen de romaanske arsjitektuer, mar de klokketoer is goatysk. It neamen wurdich is de portaalgevel mei twa horizontale rigen en in oan de gevel oanpaste rige fan arkades. De gevel hat trije tagongen, foar elts skip ien.

Ynterieur

Boppe de krusing stiet in achthoekige toer, dy't mei in koepel oerwulfe is. Antonio de Correggio brocht yn de koepel in fresko oan fan de opname fan Marije yn 'e himel. Syn fresko fûn in soad neifolging fan it tema yn in soad oare barokke keunstwurken. It tsjerkeskip is dekorearre mei fresko's fan Correggio's learlingen.

Oargel

De skiednis oer de oargels fan de katedraal is mei help fan dokuminten oant 1480 werom te fieren. Hjoeddedei besit de katedraal trije oargels: it haadoargel oan de muorre fan it middenskip, in koeroargel en in lyts oargel yn de krypte. It haadoargel fan it middenskip giet werom op in nijbou út 1786, dat de bruorren Serassi yn in, yn dy tiid al besteand, 16e-iuwsk front bouden. Yn 1942 waard it oargel ôfbrutsen, mar yn 1999 rekonstruearre de oargelboufirma Mascioni dat ynstrumint mei behâld fan it âlde front en it noch besteande piipmaterjaal.

It ynstrumint hat 37 register op twa manualen en pedaal. De traktueren binne mechanysk.

Doopkapel

De oan Jehannes de Doper wijde doopkapel (Baptisterium San Giovanni) stiet súdwestlik fan de domtsjerke en is ien fan de wichtichste yn syn soarte. It achthoekige bouwurk stamt út 1196-1216 en waard fan binnen mei âld- en nijtestamintyske foarstellings beskildere.

Ofbylden

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

    This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.