Dom fan Orvieto

Duomo di Orvieto

bouwurk
lokaasje
lân Itaalje
regio Umbrje
provinsje Terni
plak Orvieto
bysûnderheden
type bouwurkKatedraal
boujier1288-1588
boustylRomanogotyk
offisjele webside
opsm.it

De Domtsjerke fan Orvieto (Italjaansk: Duomo di Orvieto) of de Katedraal fan de Marije-Himelfeart (Cattedrale di Santa Maria Assunta) is ien fan de grutste goatyske tsjerken fan Itaalje. De bou fan de katedraal duorre likernôch 300 jier en sette útein yn ± 1290 nei oanlieding fan it mirakel fan Bolsena. De katedraal waard yn 1889 mei de titel basilica minor fereare.

Skiednis en arsjitektuer

Goatyske gevel

Paus Urbanus IV joech yn 1290 opdracht ta de bou nei't earder in bloedwûnder yn Bolsena foar grutte opskuor soarge hie. Dêr hie yn 1262 yn 'e misse by de konsekraasje bloed út de brutsen hosty oer de hannen fan de preester dript op it alter. En om dat te betinken begûn Arnolfo di Cambio (1240–1302) mooglik al yn 1288 mei de bou fan it monumint. Wat letter soe deselde arsjitekt ek de dom en it Palazzo Vecchio fan Florâns bouwe.

De goatyske gevel fan de katedraal is ien fan de hichtepunten fan boukeunst fan de lette midsiuwen. De gevel wurdt taskreaun oan Lorenzo Maitani (1275-1330), dy't him sûnder mis beynfloedzje litten hat troch de bouskema's fan de gevels yn de Toskaanske gotyk fan de katedraal fan Siena (Giovanni Pisano (1287–1297)} en it ûntwurp foar de domstjerke fan Florâns. De gevel is dekorearre mei mozaïeken út benammen it libben fan de jongfaam Marije en reliëfs mei bibelske foarstelings.

It sintrale roasfinster fan de arsjitekt Andrea di Cione di Arcangelo (± 1308-1368) wurdt omfieme mei bylden fan de tolve apostels en dêrûnder oan wjerskanten fan it roasfinster yn pearkes âldtestamintyske profeten. Yn it midden fan it maaswurk fan it roasfinster is it antlit fan Kristus oanbrocht.

De lêste tafoegings oan de gevel binne de trije, mei foarstellings út it libben fan Kristus, fersierde brûnzen doarren. Hja binne makke yn 1970 troch de Sisyljaanske byldhouwer Emilio Grevo (1913-1995). It byld boppe it haadportaal fan in sittende Madonna mei Bern waard yn 1347 makke troch Andrea Pisano.

De sydmuorren fan de katedraal binne folle ienfâldiger útfierd en boud fan wikseljende lagen fan lokale wite travertyn en blau-grize basaltstien.

Ynterieur

Ek de muorren fan it ynterieur hawwe wikseljende lagen fan travertyn en basalt, mar dan oant in hichte fan likernôch 1.5 meter. De "lagen" dêrboppe binne tsjin it ein fan de 19e iuw skildere yn swarte en wite strepen.

Ynterieur
Doopfont

Tsjerke

By de yngong stiet it grutte moarmeren doopfont mei dragende liuwen en friezen mei ryk fersierde reliëfs. Luca di Giovanni setten yn 1390 útein mei it meitsjen fan it doopfont en it waard letter grutter makke troch Pietro di Giovanni út Freiburg, dy't it reade moarmeren bekken tafoege, en Sano di Matteo, dy't de achthoekige pyramide yn 1407 tafoege. It goatyske fresko fan in troanende Madonna mei Bern dat delsjocht op it doopfont stamt út 1425 fan Gentile da Fabriano. It is it iennige fresko dat bewarre bleau doe't yn de 16e iuw yn de sydkepen nije alters boud waarden. By it ferwiderjen fan dy alters yn de 19e iuw waarden allinne fragminten fan de 14e- en 15e-iuwske fresko's werom fûn.

Apsis

It grutte raam yn de apsis hat glês út 1328 en 1334 fan de glesker Giovanni di Bonino út Assisi. Boppe it alter hinget in grut krúsbyld dat ta taskreaun wurdt oan Lorenzo Maitani. Oarspronklik stiene de koerbanken út 1329 sintraal yn it tsjerkeskip, mar letter ferhûzen de banken nei de apsis. Efter it alter oerdekke skeinde en swier restaurearre fresko's út 1370 de trije muorren hielendal.

Cappella del Corporale

De Kapel fan de Korporale (Capella del Corporale) waard boud foar in wichtich relyk fan it bloedwûnder, dat oanlieding joech ta de bou fan de dom. It bloed dat út de hosty dripte beflekte ek de korporale en foar dat beblette doekje waard tusken 1350 en 1356 de kapel boud. Op Sakramintsdei wurdt it relikwarium yn in prosesje út de kapel droegen troch de strjitten van Orvieto. Fresko's oer de eugaristy en bloedwûnders fersiere de kapel, dy't tusken 1357 en 1363 troch lokale keunsters oanbrocht waarden. Yn in nis fan de rjochter muorre stiet it ferneamde byzantynske paneel Madonna dei Raccomandati (± 1320) fan Lippo Memmi.

Tsjintwurdich is it net mear sa bekend by de minsken dy't in besite bringe oan de domtsjerke, mar yn de kapel leit ek it grêf fan boargemaster Pietro Parenzo. Noch foar de tiid fan it bloedwûnder yn Bolsena kamen tûzenen pylgers nei Orvieto om by it grêf fan Pietro Parenzo te bidden. De boargemaster hie fan paus Innocentius III opdracht kirge om de oarde yn de stêd te herstellen en hy wie dêr sa súksesfol yn, dat ketters him yn 1199 fermoarden. Nei't guon seine dat se by it grêf fan de fermoarde boargemaster foarspraak frege èn krige hiene, brocht dat hiele folksmassa's op de fuotten foar in pylgertocht nei Orvieto. Tal fan wûnders waarden fêstlein en Parenzo waard troch it folk as hillige fereare. De Roomsk-Katolike Tsjerke ferklearre de boargemaster lykwols al dy tiid net hillich, oant op fersyk fan de biskop fan Orvieto syn ferearing erkend waard troch Leo XIII op 16 maart 1879.

Nei de bou fan de nije katedraal waard it omskot fan de boargemaster dêrhinne oerbrocht. De reliken fan de boargemaster wurde yn de relykhâlder efter in ovaal finster yn it alter bewarre.

Cappella di Madonna di San Brizio

Profeten fan Fra Angelico
Piëta yn de Cappella San Brizio

De Kapel fan de Madonna fan San Brizio waard tusken 1408 en 1444 boud en is hast identyk oan de Kapel fan de Korporale. De kapel slút foar in diel de rjochter earm fan it transept ôf en waard ynearsten de Cappella Nuovo (Nije Kapel) neamd. Fra Angelico en Benozzo Gozzoli begûnen mei it beskilderjen fan de kapel yn 1447. Ze skilderden twa dielen: Majestas Domini en Ingels en Profeten. Hja kamen net fierder om't paus Nikolaas V de twa skilders nei it Fatikaan rôp om dêr de Niccoline-kapel te beskilderjen. In heale iuw letter pakte Luca Signorelli it wurk wer op, dy't mei syn skoalle fan 1500 oant 1503 wurke oan in rige fresko's fan de Apokalyps en it Jongste Gerjocht.

Yn in nis yn in leger diel fan de muorre is in fresko fan in piëta oanbrocht. Njonken de deade Kristus, Marije Magdalena en de Jongfaam Marije stean ek twa hilligen fan Orvieto: Pietro Parenzo en Faustino. Neffens de histoarikus Giorgio Vasari (1511–1574) stie foar de deade Kristus Signorelli's soan Antonio model, dy't yn de tiid dat de fresko's skildere waarden ferstoar oan de pest.

Oargel

It earste oargel fan de domtsjerke waard yn 1588 foltôge. It hjoeddeiske ynstrumint datearret fan 1974 en waard troch Libero Rino Pinchi boud. It hat 72 registers op trije manualen en pedaal.

Palazzo dei Papi

It pauslik paleis rjocht fan de domsjerke waard fanôf it midden fan de 13e iuw boud , doe't de pausen nei Orvieto ferhûzen om in konflikt yn Rome tefoarren te kommen. Paus Urbanus IV en paus Martinus IV wennen alletwa yn 'e stêd en holden nei alle gedachten tasicht op de bou. Paus Bonifatius VIII liet it gebou útwreidzje, mar it wurk waard net dien makke om 't de pausen yn 1309 ferhûzen nei Avignon. It bleau in pauslike residinsje oant 1550, doe't it gebou oerdroegen waard oan de katedraal. Yn 1896 krige it de funksje fan museum, dat it ek no noch is.

Yn it museum binne njonken orizjineel byldhouwurk ek skilderijen, relikwaria en de oarspronklike tekenings fan de dom te sjen.


Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: en:Orvieto Cathedral


    This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.