Masteresse
Ofbyld makke troch Édouard-Henri Avril

In dominatriks (mt.: dominatrises), koartwei ek wol domina neamd, of masteresse, is in frou dy't de dominante rol oannimt op it (seksueel-fetisjistyske) mêd fan bondaazje en SM. Dêrby kin in dominatriks sawol homoseksueel, heteroseksueel as biseksueel wêze, al hat har persoanlike seksuële oriïntaasje der net needsaaklikerwize ynfloed op hokker geslacht oft fan har ûnderdienige sekspartners hawwe.

De rol fan in dominatriks omfiemet faak it tatsjinjen fan pine oan har partner, mar net altyd; har dominânsje kin ek ferbaal utere wurde, of troch it optwingen fan fernederjende taken of fan algemiene tsjinstberheid. Dominatrises kinne professionals wêze dy't troch harren partners foar harren tsjinsten betelle wurde, mar froulju kinne de namme fan dominatriks ek gewoan yn harren privee-sekslibben oannimme. No't seksueel-fetisjistyske subkultueren har yn 'e Westerske kultuer almar iepentliker foardogge, komme werjeften fan dominatrises yn media as film en tillefyzje ek stadichoan faker foar.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.