Reproduksjes fan Midsiuwske daggen.
It Fairbarn-Sykes gefjochtsmês, in moderne dagge.

In dagge, hogge of dolk is in blank wapen besteande út in limmet en in hânsel of hêft, dat lytser is as in swurd, mar ornaris grutter as in mês (hoewol't it faak as in soarte fan mês beskôge wurdt). Sokke wapens hawwe skerpe punten, dy't ûntwurpen binne om mei te stekken, en se kinne inkel- of dûbelsnedich wêze of sels hielendal gjin snede hawwe (en dan inkeld as stekwapen bedoeld wêze). It basale ûntwerp fan 'e dagge giet tebek oant yn fier yn 'e prehistoarje. Lyksoartige wapens binne de hiele minsklike skiednis troch brûkt yn oarlochssitewaasjes en by oare gefjochten, en wurde as sadanich ek hjoed oan 'e dei noch ynset. Yn in protte âlde kultueren wiene ryklik fersierde daggen yn gebrûk foar rituële en seremoniële doelen.

It presize ûntwerp fan 'e dagge rint per kultuer, doel en histoarysk tiidrek frijwat útinoar. Sa binne de Jeropeeske rûndieldagge út 'e Midsiuwen en de Perzyske pesh-kabz inkelsnedich (en hawwe dus mar ien snijkant), wylst de hartsfanger, dy't oarspronklik foar de jacht bedoeld wie, en de Yndyske chilanum dûbelsnedich binne (en twa snijkanten hawwe). De stiletto, út 'e Renêssânse, wie inkeld in stjitwapen en gjin snijwapen, en hie dêrom hielendal gjin snijkanten.

De measte daggen hawwe in stjitplaat, foar it meastepart besteande út twa koarte parearstangen oan 'e snijkanten fan 'e dagge dêr't it limmet en it hêft gearkomme. Sa'n stjitplaat tsjinnet yn it foarste plak om 'e hân fan 'e brûker te beskermjen, sadat dy by it tabringen fan in stek net nei foarren skowe kin oer it skerpe limmet hinne. Dêrnjonken kinne der by in gefjocht mei immen dy't ek gebrûk makket fan in dagge, stjitten fan 'e tsjinstanner mei opfongen wurde. In oar skaaimerk fan in dagge is dat dy almeast sa ûntwurpen is dat it limmet yn 'e horizontale stân stiet as dejinge dy't it wapen hantearret in konvinsjonele palmgreep brûkt om it beet te hâlden. Dêrtroch kin dan behalven stjitbewegings ek snijend nei lofts en rjochts úthelle wurde.

Soarten daggen

  • chilanum
  • hartsfanger
  • katar
  • khanjar
  • koartjan
  • kris
  • madû
  • pesh-kabz
  • rûndieldagge of rûndieldolk
  • skean-dhu
  • stiletto
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en References, op dizze side.


This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.