De Dokkumer Wâlden is in gebiet op in sânrech krekt súdlik fan Dokkum. Dy sânrech leit tusken de klaaigrûn oan de noardkant en in feangebiet oan de súdkant. It is in rûtfoarmich gebiet mei de noardpunt efkens besuden Dokkum, de sûdpunt by De Falom en fan east nei west tusken Driezum en Rinsumageast.
Yn de krite lizze de neikommende doarpen:
It doarp Rinsumageast wurdt meast net ta de Dokkumer Wâlden rekkene.
De Dokkumer Wâlden wurdt skaaimerke troch elzesingels dy't de freding foarmje fan de stikken lân. As hegere grûn hawwe de wâlden nei alle gedachten al ier bewenne west. Archeologyske fynsten út it Mesolitikum tsjutte op minsklike oanwêzigens yn de Dokkumer Wâlden mear as 4000 f.Kr.
De permaninte bewenning fan de Dokkumer Wâlden is begûn yn de 11e of 12e iuw. It gebiet wie doe noch heechfean en is út it klaaigebiet wei ûntgûn. Fan de klaairâne ôf is in opstrekkende ferkavelingsstruktuur opset nei it sûden ta. De bewenning lei dwers op dy ferkavelingsstruktuur; de rige lintdoarpen Ikkerwâld, Moarrewâld, Dantumawâld, Wâlterswâld en Driezum. De measte doarpen binne nei in skoftsje wer opskout nei it sûden, nei hegere grûn. Allinich Driezum bleau op itselde plak lizzen om't de sânrêch dêr in stik smeller wie. Wâlterswâld is ek wat in útsundering om't it twa bebouwingstreken hat, de noardlike rige bebouwing fan de achterwei en de nijere bebouwingsrige fan de foarwei, dy't yn it ferlingde leit fan de bebouwing fan de doarpen dy't no Damwâld foarmje.
It doarp Broeksterwâld is untstien op de himrik fan Ikkerwâld, it stie foar't it de offisjele doarpstatus krige bekind as 'Broek ûnder Ikkerwâld'.
It doarp Damwâld is yn 1971 ûntstien troch it gearfoegjen fan de doarpen Ikkerwâld, Moarrewâld en Dantumawâld.
Sjoch ek
Literatuer
- Dr. Jacob Botke - Dantumadiel