Luca Giustiniani, doge fan Genua fan 1644 oant 1646, skildere troch Jan Hovaert.
Dizze side giet oer de Italjaanske titel. Foar it plak yn Hongarije, sjoch: Döge.

Doge (útspr.: ['dɔ:ʤe], likernôch: "-dzjee"; meartal: dogi, útspr.: ['dɔ:ʤi], likernôch: "-dzjy") wie histoarysk de titel fan it keazen steatshaad fan ferskate republiken yn wat no Itaalje is. De term 'doge' is in wurd dat út it Fenesiaansk komt, fan it Latynske dux, dat "hartoch" betsjut. It is ekwivalint oan it Italjaanske duce, it Frânske duc en it Ingelske duke (dat eins in lienwurd út it Frânsk is). Froulike dogi hawwe nea bestien, mar de frou fan in doge wie in dogaresse of dogana. It eigenskipswurd dat by 'doge' heard, is dogaal.

Trochdat it dogeskip in keazen amt wie, hoewol't inkeld it manlike diel fan de aristokrasy dêrfoar syn stim útbringe mocht, waard in steat mei in doge oan it haad yn 'e regel in republyk neamd. Lykwols wie de titel fan doge dúdlik in aadliken-ien, en sadwaande sprekt men wol oer de 'kroane republiken'. Sokke steaten kamen foar yn Itaalje fan 'e Iere Midsiuwen oant de Frânske Tiid. Der wiene fjouwer kroane republiken:

It bekendst binne de dogi fan Feneesje, dêr't de útspraak fan it wurd meitiid ferskode ta doxe (útspr.: ['dɔ:ze], likernôch: "-zee"). Yn Genua waard de doge in duxe neamd (útspr.: ['dy:ʒe]; likernôch: "dúú-zjee"). Nei de Frânske Tiid hawwe der gjin dogi mear west. Yn ferskaten fan syn wurken stelde Theodor Herzl, de grûnlizzer fan it sionisme, foar dat it steatshaad fan 'e troch him propagearre takomstige joadske steat de titel 'doge' drage soe. Doe't yn 1947 de Steat Israel oprjochte waard, besleat men lykwols om gewoan it amt fan presidint yn te stellen.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.