Doc Holliday
persoanlike bysûnderheden
echte nammeJohn Henry Holliday
oare nammeTom Mackey
nasjonaliteit Amerikaansk
berne14 augustus 1851
berteplakGriffin (Georgia)
stoarn8 novimber 1887
stjerplakGlenwood Springs (Kolorado)
etnisiteit Ingelsk
Skotsk
wurkpaad
berop/amttoskedokter
aktyf asgokker en revolverman
jierren aktyftiidrek Wylde Westen
reden
  bekendheid
dielname oan 'e Sjitpartij
   by de O.K.-Kraal

Doc Holliday (eins: John Henry Holliday; Griffin (Georgia), 14 augustus 1851 – Glenwood Springs (Kolorado), 8 novimber 1887) wie in Amerikaansk toskedokter, dy't as gokker en revolverman aktyf wie yn 'e tiid fan it Wylde Westen. Hy is benammen bekend wurden om syn freonskip mei de revolverman en plysjeman Wyatt Earp en syn dielname oan 'e kant fan 'e bruorren Earp oan 'e beruchte Sjitpartij by de O.K.-Kraal yn Tombstone (Arizona) yn 1881. Sûnt 1873 litte Holliday oan tuberkuloaze, in sykte dêr't er mei 36 jier oan beswiek.

Libben en karriêre

Jonkheid en komôf

Holliday waard yn 1851 berne yn Griffin, yn 'e Amerikaanske steat Georgia, as de soan fan Henry Burroughs Holliday, in feteraan út 'e Meksikaansk-Amerikaanske Oarloch, en dy syn frou Alice Jane McKey. Syn biografe en fiere famyljelid Karen Holliday Tanner skreau yn 1998 yn it boek Doc Holliday: A Family Portrait, dat útkaam by de útjouwerij fan 'e Universiteit fan Oklahoma, dat Holliday berne waard mei in hazzelippe, dêr't er twa moannen nei syn berte oan operearre waard troch syn omke, dokter J.S. Holliday, en in neef, de ferneamde dokter Crawford Long. Neffens har soe Holliday as bern eltse dei oerenlang spraakterapy fan syn mem krigen hawwe. In oare biograaf fan Holiday, Gary L. Roberts, loek yn 2011 yn syn boek Doc Holliday: The Life and Legend it ferhaal oer de hazzelippe yn twifel. Neffens him waard doedestiden wachte oant bern in jier as twa wiene foar't sa'n oandwaning operearre waard, en soe in operaasje twa moannen nei de berte sa revolúsjonêr west hawwe dat dêr perfoarst melding fan makke wie yn 'e pleatslike of sels de lanlike media.

Holliday waard presbyteriaansk (kalvinistysk) grutbrocht, en wie in oantroude neef fan Margaret Mitchell, de (lettere) skriuwster fan 'e roman Gone with the Wind. Yn 1864, doe't Holliday trettjin jier wie, ferfear de húshâlding nei Valdosta (Georgia), dêr't syn mem op 16 septimber 1866 oan tuberkuloaze kaam te ferstjerren, doe't hysels fyftjin jier wie. In fearnsjier letter wertroude syn heit mei in Rachel Martin.

Oplieding en wurk

Yn Valdosta genoat Holliday ûnderwiis oant it Valdosta Ynstitút, dêr't er in drege klassike grûnslach krige, besteande út retoryk, grammatika en wiskunde. Hy learde der ek frjemde talen, yn 't foarste plak Latyn, mar ek Frânsk en wat Aldgryksk. Yn 1870, doe't er njoggentjin jier wie, gie Holliday út 'e hûs om yn Philadelphia, yn Pennsylvania, in oplieding ta toskedokter te folgjen oan it Pennsylvaansk Kolleezje foar Toskhielkundige Sjirurzjy (dat letter opgean soe yn 'e Skoalle foar Toskhielkunde fan 'e Universiteit fan Pennsylvania). Hy studearre ôf yn maart 1872, fiif moannen foar syn ienentweintichste jierdei, wat problematysk wie yn 'e sin dat er mearderjierrich (yn dy tiid 21 jier) wêze moast om yn syn thússteat Georgia as toskedokter oan it wurk te kinnen.

In foto fan Doc Holliday mei syn hantekening, nommen yn 1879 yn Prescott (Arizona).

Wierskynlik om dy reden gie Holliday nei syn ôfstudearjen net nei hûs. Ynstee wurke er in skoft yn St. Louis as assistint yn 'e praktyk fan in klasgenoat, in A. Jameson Fuches jr. Tsjin ein july kearde er werom nei Georgia, dêr't er ynloek by in omke fan sines yn Atlanta wylst er dêr in wurkpaad as toskedokter begûn. Hy fûn datoangeande in baan as ferfanger fan 'e foaroansteande toskedokter Arthur C. Ford, dêr't er lykwols mar oant desimber fan dat jier wurke. Holliday begûn dêrnei in eigen toskedokterspraktyk, mar begjin 1873 gied er foar hoastjen dat mar net ophâlde woe, nei in dokter dy't by him tuberkuloaze fêststelde. Der waard him oansein dat er noch mar in pear moannen te libjen hie, mar Holliday ornearre dat er dy perioade oprekke koe as er nei it Súdwesten ferfear, mei't de drûgere lucht dêre it ferrin fan 'e sykte fertraagje kinne soe.

Iere jierren as gokker en revolverman

Yn septimber 1873 ferfear Holliday nei Teksas, dêr't er mei in oare jonge toskedokter út Georgia, in John A. Seegar, in praktyk oprjochte yn Dallas. Hy begûn dêr te gokken, benammen troch poker te spyljen mei ynset fan jild, en murk al rillegau dat soks him in stabilere boarne fan ynkomsten joech as syn toskedokterspraktyk, mei't pasjinten der in in hekel oan hiene om by him te kommen omreden fan syn hoastjen. (Pas yn 1885 waard bekend dat tuberkuloaze in besmetlike sykte is, en foartiid waarden der sadwaande gjin foarsoarchsmaatregels nommen om fersprieding foar te kommen.) Op 12 maaie 1874 waard Holliday yn Dallas mei tolve oaren oanklage foar yllegaal gokken, en yn jannewaris 1875 waard er arrestearre om't er yn in sjitpartij mei in saloonútbater behelle rekke wie. By dat lêste ynsidint wie aldergeloks nimmen ferwûne rekke en Holliday waard derfan frijsprutsen. Hy ferpleatste syn praktyk nei Denison (Teksas), mar nei't er dêre skuldich befûn wie oan yllegaal gokken en dêrfoar beboete waard, besleat er Teksas te ferlitten.

Dat, Holliday sette ôf en reizge mei de postkoets nei Denver ta, yn Kolorado, wêrby't er ûnderweis oernachte yn ferskate forten fan it Amerikaanske Leger, dêr't er syn feardichheden mei pokerspyljen fierder opskerpje koe. Yn 'e simmer fan 1875 sette er him yn Denver nei wenjen ûnder de skûlnamme Tom Mackey. Hy wurke as krûpier yn in horekagelegenheid dy't Theatre Comique hiet en eigendom wie fan in John A. Babb. Dêr waard Holliday fan 'e kliïntêle gewaar dat der goud ûntdutsen wie yn Wyoming, dat op 5 febrewaris 1876 ferfear er nei Cheyenne (Wyoming), dêr't er oan it wurk koe as krûpier foar Babb syn sakepartner Thomas Mills, yn in saloon dy't de Bella Union hiet. Mills ferhuze yn 'e hjerst fan dat jier de hiele saloon nei Deadwood (Súd-Dakota), dêr't er hope te profitearjen fan 'e Goudkoarts fan 'e Black Hills, en Holliday gie mei.

Yn 1877 kearde Holliday fia Cheyenne werom nei Denver, dêr't er wei trochreizge om yn Kansas in muoike fan sines te besykjen. Ut Kansas wei kearde er werom yn Teksas, dêr't er him as gokker nei wenjen sette yn Breckenridge. Dêre rekke er op 4 july 1877 behelle yn in konfrontaasje mei in oare gokker, in Henry Kahn, dy't fan Holliday ferskate kearen mei de gongelstôk op 'e hûd krige. Beide mannen waarden arrestearre en beboete, mar letter dy deis kaam Kahn Holliday oer it mad en skeat him del, wêrby't er him slim ferwûne. Holliday helle it by de dea om 't ôf en de krante de Dallas Weekly Herald rapportearre op 7 july al syn ferstjerren, mar dat wie in fersin. Holliday syn neef George Henry Holliday kaam oer út Georgia om him te ferpleegjen, en ûnder dy syn fersoarging bettere er wer hielendal op.

Big Nose Kate, de langjierrige minneresse fan Doc Holliday.

Neitiid ferfear Holliday nei Fort Griffin, ek yn Teksas, dêr't er Big Nose Kate mette (eins Mary Katharine Horony, 1849-1940), in prostituee fan Hongaarsk komôf mei wa't er in langjierrige relaasje begûn. Yn Fort Griffin waard Holliday troch in mienskiplike freon, John Shanssey, ek yn 'e kunde brocht mei de revolverman Wyatt Earp, dy't neitiid syn bêste freon waard. Doe't Earp yn 1878 út Teksas wei ôfsette nei Dodge City (Kansas), dêr't er helpmarshal wurde koe ûnder Charlie Bassett, gie Holliday mei. Harren bân waard foargoed bestindige doe't Holliday, letter dat jiers yn Dodge, Earp yn in saloon ferdigene tsjin in groep cowboys dy't him dea hawwe woene en dêrmei, sa joech Earp sels grif ta, syn libben rêde. Tsjin dy tiid fertsjinne Holliday syn libbensûnderhâld as gokker, wylst syn toskedokterij mar in lytse byfertsjinste wurden wie.

Hoewol't Holliday de reputaasje hie in deadlike revolverman te wêzen, hat modern ûndersyk net folle gefallen opdolle kinnen wêrby't er immen delskeat. De konfrontaasje mei de lulke kliber cowboys dy't efter Earp oansiet yn Dodge City yn 1878 wie ien sa'n gefal. In oar soksoartich barren foel foar op 19 july 1879, doe't Holliday mei in oare revolverman, John Joshua Webb, oanstiek yn in saloon yn Las Vegas (Nij-Meksiko). In eardere ferkenner foar it Amerikaanske Leger, in Mike Gordon, besocht ien fan 'e servearsters, mei wa't er earder in relaasje hân hie, safier te krijen dat se mei him útnaaie soe. Doe't se him ôfstegere, stoarme Gordon breinroer nei bûten ta. Neffens ien ferslach fan it barren loek er doe syn revolver en begûn de saloon te besjitten. Neffens in oar ferslach skeat er op Holliday doe't dy him nei bûten ta folge. Yn elts gefal loek Holliday syn eigen fjoerwapen en skeat Gordon del. Doe't dy de deis dêrop stoar, naam Holliday it wisse foar it ûnwisse en joech him ôf út Las Vegas.

Tombstone en de Sjitpartij by de O.K.-Kraal

Yn septimber 1880 bedarre Holliday troch syn freonskip mei Wyatt Earp yn Tombstone (Arizona), in plakje dat grut wurden wie nei't der sulver fûn wie. Wyatt Earp wie dêr yn 1879 arrivearre en wie neitiid helpsheriff fan Pima County wurden ûnder sheriff Charlie Shibell, wylst syn âldere broer Virgil Earp de pleatslike marshal wie. De bruorren Earp rekken dêr út 'e hoedanichheid fan harren funksjes behelle yn in oangeande fete mei in binde dy't The Cowboys neamd waard. Neffens guon ferzjes fan it ferhaal frege Wyatt Earp, doe't er foar it ferstân krige dat er yn 'e swierrichheden siet, Holliday mei sin om nei Tombstone te kommen om in ekstra man oan syn kant te hawwen dy't er fertrouwe koe. Yn elts gefal rekke Holliday yn Tombstone troch syn freonskip mei de Earps al rillegau behelle yn 'e pleatslike polityk en it oanboazjende geweld dat úteinlik kulminearre yn 'e ferneamde Sjitpartij yn 'e O.K.-Kraal.

Dy fûn plak op woansdei 26 oktober 1881, doe't in groepke fan The Cowboys yn Tombstone gearkaam by in feekraal oan Fremont Street dy't de O.K.-Kraal hiet. Virgil Earp hearde dêrfan, en besleat yn syn hoedanichheid as stedsmarshal dat de mannen ûntwapene wurde moasten. Hy frege syn bruorren Wyatt en Morgan en Doc Holliday om him dêrby te helpen. Wyatt wie op dat stuit tydlik assistint-U.S. marshal, Morgan wie helpstedsmarshal, en Virgil swarde Holliday spesjaal foar dy gelegenheid ek yn as helpstedsmarshal. Holliday bewapene himsels mei in ôfseage jachtgewear sa't byriders fan postkoetslinen dy doedestiden by har hiene. Hy ferburch it wapen ûnder in lange jas. Virgil Earp naam de gongelstôk fan him oer, en troch net oerdúdlik bewapene te wêzen, besocht er de boargers fan Tombstone gerêst te stellen en de konfrontaasje mei de Cowboys freedsum te hâlden.

De tsjintwurdige deistige neispiling fan 'e Sjitpartij by de O.K.-Kraal yn Tombstone.

Middeis omtrint 15.00 oere setten se fjouweresom nei de O.K.-Kraal ta. Dêr troffen se fiif leden fan The Cowboys oan. Doe't Virgil oanjoech dat se harren wapens opjaan moasten, briek der in sjitpartij út. Ike Clanton en Billy Claiborne naaiden út, mar Frank McLaury, syn broer Tom McLaury en Billy Clanton waarden deasketten. Morgan rûn in skampskot oer de skouderblêden en de wringe op, Virgil waard troch it kût sketten en Holliday krige in skampskot. Wyatt wie de iennichste dy't alhiel ûnskansearre út it gefjocht kaam.

By in formeel ûndersyk en in harksitting waard neitiid fêststeld dat de bruorren Earp en Holliday gjin wetten oertrêde hiene by de sjitpartij. De Cowboys leine har dêr net by del, en de sitewaasje boaze al rillegau oan. Virgil Earp waard yn desimber 1881 yn in mûklaach lokke en rekke permanint ynfalide, en yn maart 1882 waard Morgan Earp fermoarde. Dêrnei namen Virgil Earp en syn húshâlding en oare leden fan 'e Earp-famylje de wyk nei feiliger oarden.

De Earp Vendetta Ride

Wyatt Earp, dy't noch altyd assistint-U.S. marshal wie, stalde in eigen posse gear, besteande út syn bruorren James en Warren, Doc Holliday, Sherman McMaster, Jack "Turkey Creek" Johnson, Hairlip Charlie Smith, Dan Tipton en Texas Jack Vermillion. Mei't de doetiidske sheriff fan Pima County, Johnny Behan, by The Cowboys belutsen wie en se dêrom fûnen dat se net mear op 'e autoriteiten fertrouwe koene, namen dy mannen de wet yn eigen hân en sette se útein mei in wraakkampanje dy't bekend kaam te stean as de Earp Vendetta Ride.

Wylst Holliday en Wyatt en Warren Earp Virgil en syn frou Addie yn Tucson op 'e trein nei Kalifornje setten, krigen se Frank Stilwell en Ike Clanton, twa leden fan The Cowboys, yn it each, fan wa't se oannamen dat se derop út wiene om 'e put ôf te meitsjen en Virgil dochs noch te deadzjen. Op moandei 20 maart 1882 waard it mei kûgels trochsingele lyk fan Stilwell njonken de spoarline weromfûn. Wyatt en fiif oaren, ûnder wa Holliday, waarden beskuldige fan 'e moard op Stilwell, en rjochter Charles Meyer feardige arrestaasjebefellen tsjin harren út.

Op 21 maart kearden de mannen eefkes werom yn Tombstone, wêrnei't se har nei in houtsjerskamp yn it Dragoonberchtme bejoegen. Dêr troffen se ien fan The Cowboys oan, in Florentino Cruz, byneamd Indian Charlie, dy't se deamakken. Twa dagen letter waard by in sjitpartij mei in stikmannich Cowboys yn 'e neite fan Iron Springs, yn it Whetstoneberchme, Curly Bill Brocius deasketten. Teminsten twa oare bindeleden dy't Earp en Holliday-en-dy derfan fertochten dat se by de moard op Morgan Earp belutsen west hiene, ferwûnen se. Mei sheriff Behan op 'e hakken besleaten de mannen om foarearst út Arizona wei te gean. Mei Wyatt en Warren Earp, Turkey Creek Johnson, Texas Jack Vermillion en Sherman McMaster teach Holliday nei Nij-Meksiko, dêr't se útinoar giene. Holliday reizge fierder en kaam mids april 1882 yn Kolorado oan.

Doc Holliday yn 1882 yn Tombstone (Arizona).

Opkearde útlevering

Op 15 maaie 1882 waard Holliday yn Denver arrestearre foar de moard op Frank Stilwell. Wyatt Earp, dy't fan miening wie dat syn freon yn Arizona net in earlike berjochting krije soe, frege in oare freon fan sines, Bat Masterson, dy't op dat stuit kommissaris fan plysje yn Trinidad (Kolorado) wie, om help om Holliday frij te krijen. De harksitting oangeande de útlevering fan Holliday oan Arizona waard belein foar 30 maaie. Op 'e jûn fan 29 maaie frege Masterson de ynfloedrike sjoernalist E.D. Cowen fan 'e Denver Tribune om help om in ôfspraak mei gûverneur Frederick Walker Pitkin te krijen. Cowen skreau letter dat Masterson him bewiismateriaal oerlei dat Holliday fermoarde wurde soe sadree't er nei Tombstone oerbrocht wie. Dat Cowen regele let op 'e jûn in moeting tusken Masterson en Pitkin, wêrby't dy lêste ek oertsjûge rekke troch hokfoar bewiis it dan ek mar wie dat Masterson him sjen liet.

De oare deis wegere gûverneur Pitkin oan it útleveringsfersyk fan Arizona te foldwaan. Hy berôp him op foarmflaters yn 'e tekst fan it fersyk, en wiisde der boppedat op dat der al in arrestaasjebefel tsjin Holliday yn Kolorado útfurdige wie. Dat wie in arrestaasjebefel omreden fan optochte beskuldigings, dat Masterson yn Pueblo (Kolorado) yninoar flânze hie. Fan gefolgen waard Holliday troch Masterson meinommen nei Pueblo, dêr't er fjirtjin dagen nei syn arrestaasje op boarchtocht frijkaam.

Dea fan Johnny Ringo

Op 14 july 1882 waard Johnny Ringo, ien fan The Cowboys, dea oantroffen yn 'e strampel fan in grutte beam yn 'e West Turkey Creek-delling, yn 'e neite fan 'e Chiricahua Peak yn it Territoarium Arizona. Hy hie in skotwûne yn syn rjochtersliep, wylst der in revolver oan 'e finger fan syn rjochterhân hong. De lykskôger hold it op selsmoard.

Yn it boek I Married Wyatt Earp, in yn 1976 publisearre 'autobiografy' dy't sabeare skreaun wie troch Josephine Marcus Earp, de widdo fan Wyatt Earp, waard lykwols útholden dat Earp en Doc Holliday temûk nei Arizona weromkeard wiene om mei Ringo ôf te weven. Doc Holliday soe dyselde mei in skot út in gewear fan op ôfstân deamakke hawwe, ek al wie de lykskôger derfan oertsjûge dat Ringo omkommen wie troch in skot út in revolver fan deunby. I Married Wyatt Earp waard lykwols eins skreaun troch Glenn Boyer, de besoarger fan it boek, en wurdt tsjintwurdich beskôge as bedroch en in hoax, dêr't men net fan op oan kin. Boyer joech letter sels ta dat er gjin inkeld bewiis oandrage koe foar syn teory oer de dea fan Ringo.

Offisjele argyfstikken fan 'e rjochtbank yn Pueblo County bewize dat Holliday dêr op 11, 14 en 18 july 1882 oanwêzich wie. Karen Holliday Tanner, de skriuwster fan Doc Holliday: A Family Portrait, spekulearret lykwols dat it mooglik is dat Holliday dêr op dy data net fysyk oanwêzich is, en dat de argyfstikken standertformulearrings befetsje dy't doedestiden foar alle rjochtsaken brûkt waarden, oft de persoan yn kwestje no oanwêzich wie of net. It mist lykwols net dat Holliday op 7 july (6 dagen foar de dea fan Ringo) yn Salida (Kolorado) arrivearre, mei't dêr melding fan makke waard yn 'e pleatslike krante. Salida leit 800 km fan 'e West Turkey Creek-delling ôf, en it liket dêrom tige ûnwierskynlik dat Holliday, mei syn swakke sûnens, dy reis sa fluch meitsje kinnen hat.

Lêste jierren

Holliday brocht de rest fan syn libben troch yn Kolorado. Hy gie nei Leadville, mar moast dêrwei doe't er oanhelle rekke mei hichtesykte. Wat langer wat mear stipe er op alkohol en it ferdôvingsmiddel laudanum om 'e symptomen fan syn tuberkuloaze del te bêdzjen. Syn sûnens en syn fermogen om troch gokken oan 'e kost te kommen, rekken almar fierder yn it neigean.

Yn 1887, doe't er foar syn tiid griis hier krigen hie en bot yn 'e minnichte rekke wie, reizge Holliday nei Glenwood Springs, in kueroard dêr't waarmwetterboarnen wiene. Hy ferbleau dêr yn it Hotel Glenwood en net yn it sanatoarium, sa't gauris sein wurdt, mei't dat sanatoarium pas lang nei syn dea boud waard. Holliday hie de hope dat de waarmwetterboarnen, dy't in hieljende wurking hawwe soene, him helpe koene, mar it hat der in protte fan wei dat de sweveldampen de tastân fan syn dochs al slim oantaaste longen noch oanboaze hawwe, en dêrmei syn ferstjerren ferflugge.

It grêf fan Doc Holliday yn Glenwood Springs.

Ferstjerren

Doc Holliday ferstoar om tsien oere moarns op 8 novimber 1887 yn syn keamer yn it Glenwood Hotel yn Glenwood Springs yn Kolorado, yn 'e âlderdom fan noch mar 36 jier. It sizzen is dat fanwegen syn riskante libbensstyl nimmen ea tocht hie dat hy op bêd sûnder learzens oan stjerre soe, dat op syn stjerbêd soed er nei syn fuotten sjoen hawwe, dêr't gjin learzens oan sieten, wêrnei't syn lêste wurden wiene: "Ferdomd, dit is grappich."

Gary L. Roberts, in resinte biograaf fan Holliday, wiist derop dat er doe al suver twa moannen net fan bêd ôf west hie, en dat it dêrom ûnwierskynlik is dat er tsjin dy tiid noch prate kinnen hat, lit stean op koherinte wize. Neffens de leginde dy't neitiid ûntstie, wie Wyatt Earp by de dea fan syn freon oanwêzich, mar dat is net wier en it nijs fan it ferstjerren fan Holliday berikte him pas twa moannen letter. Ek soe Big Nose Kate Holliday yn syn lêste dagen ferpleegd hawwe, mar ek har oanwêzigens by syn dea is twifelich.

Yn 'e pleatslike krante, de Glenwood Springs Ute Chief, ferskynde op 12 novimber 1887 in nekrology fan Holliday, wêryn't útholden wie dat er doopt wie yn 'e Roomsk-Katolike Tsjerke. Dy bewearing wie lykwols inkeld en allinne basearre op syn briefkerij mei syn suster Mary Melanie, dy't in roomske non wie. Holliday syn mem wie metodistysk grutbrocht, wylst syn heit in presbyteriaan wie. Syn mem gie foar har houlik oer nei it presbyterianisme, mar wie twer fan 'e predestinaasjelear fan dy kalvinistyske streaming, en bekearde har foàr har dea wer ta it metodisme. Fan Holliday sels is gjin doopbewiis oerlevere. Yn 'e tiid dat er yn Dallas (Teksas) wenne, skreau er dat er him dêr by in metodistyske tsjerke jûn hie. Yn Glenwood Springs wied er befreone mei sawol de roomske preester E.T. Downey as de presbyteriaanske predikant W.S. Randolph. By syn dea wie pastoar Downey net yn Glenwood Springs, dat dûmny Randolph gie foar by syn begraffenis. Holliday waard begroeven op it Linwood Cemetery yn Glenwood Springs.

Reputaasje

Doc Holliday stie by syn libben al bekend as ien fan 'e gefaarlikste revolverlju fan it Wylde Westen, dy't gâns lju ombrocht hawwe soe. Yngeander ûndersyk jout lykwols in oar byld. By de Sjitpartij by de O.K.-Kraal yn Tombstone skeat er nei alle gedachten Tom McLaury dea. It hat ek wol kâns dat hy de kûgel ôffjurre dy't Frank McLaury deade (dy't rekke waard troch twa kûgels út twa ferskillende fjoerwapens). Holliday wie ek oanwêzich by de dea fan Frank Stilwell yn Tucson en by de dea fan trije oare Cowboys ûnder de Earp Vendetta Ride. It is ûnbekend oft er dêrby persoanlik immen deamakke. Los fan 'e striid yn Tombstone is mar fan ien man dokumintearre dat er troch Doc Holliday deasketten waard, en dat wie Mike Gordon, yn Las Vegas (Nij-Meksiko) yn 1879.

Yn ferskate revolvergefjochten ferwûne Holliday syn tsjinstanner allinne mar. Sa skeat er in Billy Allen yn 'e earm en skampte syn kûgel de skalp fan in Charles White. By in oar gefjocht, mei de kastlein Charles Austin, miste Holliday folslein. In duël mei Johnny Ringo waard foarkomd doe't sawol Holliday as Ringo foartiid troch de sterke earm der wet yn 'e sel goaid waarden. Yn 1880, koart nei't er yn Tombstone arrivearre wie, skeat in dronken Holliday by in rûzje yn in pleatslike saloon de útbater, Milt Joyce, yn 'e hân, en barkeeper Parker yn 'e tean. Dat wiene fersinnen, want gjin fan beiden wie de man dêr't Holliday spul mei krigen hie.

Foar de rest hawwe Holliday syn moderne biografen gjin bewizen weromfine kinnen foar it grutte tal mannen dat er fermoarde hawwe soe by sjitpartijen en by messegefjochten. Sa fertelde Wyatt Earp fan in foarfal wêrby't Holliday in Ed Bailey, dy't falskspile by in potsje poker, yn Fort Griffin, mei in mês yn it boarst stutsen hawwe soe, dat er it bestoar. Dêrfoar soed er letter oppakt wêze troch de pleatslike marshal, mar syn minneresse Big Nose Kate soe him út 'e sel útbrutsen hawwe. Big Nose Kate fûn dat ferhaal letter healwiis, en histoarisy hawwe der alhiel gjin bewiis foar fine kinnen. Guon saakkundigen hâlde it der sadwaande op dat Holliday syn reputaasje mei opsetsin oanboaze, mooglik om potinsjele fijannen bang te meitsjen. It soe sels mooglik wêze kinne dat er yn syn hiele libben nimmen fermoarde hat.

Yn 'e popkultuer

Doc Holliday makket no ûnderdiel út fan 'e Amerikaanske folkloare. Syn libbensferhaal, en benammen syn rol yn 'e foarfallen yn Tombstone, hawwe withoefaak it ûnderwerp west fan romans, films en tillefyzjeprogramma's. It bekendst is yn dy kontekt de klassike westernfilm Gunfight at the O.K. Corral, út 1957, ûnder rezjy fan John Huston en mei Kirk Douglas yn 'e rol fan Doc Holliday. Oare bekende films oer Holliday binne Tombstone, út 1993, mei Val Kilmer as Doc Holliday, en Wyatt Earp, út 1994, mei Dennis Quaid as Holliday. De rol fan Holliday is ek spile troch û.o. Walter Huston (yn The Outlaw, út 1943); Jason Robards (yn Hour of the Gun, út 1967); Dennis Hopper (yn Wild Times, út 1980); Willie Nelson (yn Stagecoach, út 1986); en Randy Quaid (yn Purgatory, út 1999).

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.


This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.