Lizzing Doarn
Martenstsjerke
Mausoleum fan Wilhelm II fan Dútslân yn Doarn

Doarn (Nederlânsk en offisjeel: Doorn) is in doarp yn de provinsje Utert, gemeente Utertske Heuvelrêch, op de Utertske Heuvelrêch yn it súdeasten fan de provinsje. De Utertske Heuvelrêch is tsjintwurdich in nasjonaal park. It doarp hat 10.260 ynwenners (2021).

Skiednis en arsjitektuer

Yn in dokumint út de perioade 885-896 wurdt de delsetting "Thorhem" neamd, wenplak fan tongergod Thor (Groenedijk, 2000). Wytsingen legere by Dorestêd, it hjoeddeiske Wijk bij Duurstede, neamden it plak sa omdat de tongergod dêr fereare wurde soe. Yndie wize archeologyske opgravingen yn in heidefjildsje op it noardlik fan Doarn lizzende lângoed Hoog Moersbergen op resten fan in heidensk offerplak. De delsetting Thorhem hearde destiids by de hof Filla Thorhem (Kolman, 1996). Om 1200 wie dizze hof yn it besit fan de Utertske domproast (foarsitter fan in bepaalde ried yn de RK-tsjerke). Hy of ien fan syn opfolgers liet dêr de (Sint-)Martenstsjerke bouwe (tsjintwurdich yn hannen fan de Protestantske Tsjerke yn Nederlân) en yn de 14e iuw Hûs Doarn. Kastiel Moersbergen, dat yn 1435 foar it earst neamd wurdt, is sûnt de 17e iuw meardere kearen yngreven ferboud.

Yn de 18e iuw waard der op de heide lâns de Provinsjale wei 227 (Amersfoortsewei) wol wat boud, mar troch de grutte fan it lângoed om Hûs Doarn koe it doarp him net goed ûntwikkelje. Dat koe pas nei 1874, doe't it lângoed ferkavele waard. Ek nei de Twadde Wrâldoarloch is it doarp sterk groeid.

Doarn wie oant 1 jannewaris 2006 in selsstannige gemeente. Sûnttiids is it haadplak fan de nije gemeente Utertske Heuvelrêch.

Bekende ynwenners

De meast ferneamde ynwenner fan Doarn is wol de Dútske keizer Wilhelm II dy't yn 1918 ferballe waard en him ta wenjen sette yn Hûs Doarn. Hy wenne dêr oant syn dea yn 1941 en leit ek op it lângoed begroeven. Hûs Doarn is no in museum.

De skriuwer Simon Vestdijk hat in grut part fan syn libben (1939-1971, los fan inkele ûnderbrekkings) ek yn Doarn wenne. Maarten Maartens, yn de jierren 1890-1910 in ferneamd skriuwer, liet yn Doarn in kastieltsje sette: Zonheuvel. Tsjintwurdich hjit it kastieltsje Maarten Maartenshûs en is it part fan it Hotel-Konferinsjesintrum Zonheuvel.

Sport

  • DEV Doarn, fuotbalferiening
  • KCD - kuorbalferiening
  • Thorheim - scouting
  • HC Doarn - hockey
  • Ludenti - tennis

Berne

  • Aart Jan de Geus (1955), politikus (CDA)
  • Gijs Scholten van Aschat (1959), akteur
  • Tjalling Hidde Friso Halbertsma (1969), antropolooch
  • Robert de Loor (1980), (radio-)diskjockey
  • Claudia Belderbos (1985), roeister Nederlânske equipe
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Doorn, Utrecht fan Wikimedia Commons.
Utertske Heuvelrêch'
Doarpen:
AmerongenDoarnDriebergen-RijsenburgLeersumMaarnMaarsbergenOverberg
Buorskippen:
DarthuizenDriebergenRijsenburg • Sterkenburg
wizigje
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.