Dnipro Дніпро | ||
Polityk | ||
Lân | Oekraïne | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 1.002.950 ↓(2011) | |
Oerflak | 405 km² | |
Befolkingsticht. | 2.486 / km² | |
Hichte | 155 m | |
Oar | ||
Stifting | 1776 | |
Tiidsône | UTC+2 | |
Simmertiid | UTC+3 | |
Offisjele webside | ||
(in) Webside Dnipro |
Dnipro (Oekraynsk: Дніпро, [ˌdʲnʲipro] Dnipro; eartiids Дніпропетровськ, Dnjipropetrovsk, Екатеринослав, Jekaterinoslav) is mei 1,2 miljoen ynwenners (2002) de tredde stêd fan de Oekraïne. De stêd leit oan de rivier de Dnjepr yn it sintrale eastlik diel fan it lân, besuden fan de haadstêd Kiev.
De stêd wie yn it ferline in sintraal ûnderdiel fan de Sovjetyndustry, foaral op it mêd fan de nukleêre yndustry, wapens en lange-ôfstânsraketten. De stêd wie doe in sletten stêd.
Namme
De stêd hat yn de rin fan de skiednis ferskate nammen hân. Sy waard stifte as Jekaterinoslav (ferneamd nei Katarina II fan Ruslân). Yn 1797 waard de namme feroare ta Novorossiejsk ('Nij-Ruslân'), mar yn 1802 waard dat al weromdraaid.
Doe't de kommunisten de macht yn de Oekraïne feroveren waard Jekaterinoslav feroare yn Sicheslav ('sich' is in militêre term fan de Kozakken). De nije namme sloech lykwols net oan en amper in jier letter waard de âlde namme Jekaterinoslav wer út de kast helle. Yn 1926 krige de stêd de namme fan no doe't, as propaganda, de Oekraynske kommunistenlieder Grigori Petrovski syn namme oan it plak joech (mar der sit ek in ferwizing nei de rivier de Dnjepr yn, Dnjepropetrovsk betsjut letterlik "Djepr-Petrovski-stêd"). Nei de delfal fan de Sovjetuny woenen guonts de stêd in oare namme naam. Dat is lykwols oant no ta net bard.
- Jekaterinoslav 1776-1797
- Novorossiejsk 1797–1802
- Jekaterinoslav 1802–1917
- Sicheslav 1917–1918
- Jekaterinoslav 1918–1926
- Dnjepropetrovsk/Dnjipropetrovsk 1926–2016
- Dnipro 2016–no
Partnerstêden
Berne yn Dnipro
- Helena Blavatsky — stifter Teosofyske Feriening
- Louis Choris (1795 - 1828) - Dútsk-Oekraynsk skilder en ûntdekkingsreizger.
- Leonid Levin — kompjûterwittenskipper
- Viktor Petrov - Oekraynsk histoarikus en skriuwer.
- Sergei Prokofiev — komponist
- Boris Sagal – Amerikaansk televyzje- en filmregisseur.
- Moses Schönfinkel — logikus en wiskundige
- Herman M. Parris (30 oktober 1903) natuerkundige en komponist
- Joelija Tymosjenko (27 novimber 1960), premier yn 2005 en 2007-no
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Dnipro fan Wikimedia Commons. |