Kamjanske
Prometej
Prometej
Polityk
LânOekraïne
OblastDnipro
Sifers
Ynwennertal229.794 (2021)
Oerflak138 km²
Befolkingsticht.1.700/km²
Oar
Stifting1750
Offisjele webside
www.dndz.gov.ua

Kamjanske (Oekraynsk: Кам'янське) is in stêd yn de Oekraïne, yn de oblast Dnjepropetrovsk. Tusken 1936 en 2016 hjitte de stêd Dniprodzerzjynsk. Dy namme ferwiisde tagelyk nei de Dnjepr as nei Feliks Dzerzjinski, de oprjochter fan de Tsjeka, de earste bolsjewistyske geheime tsjinst.

Kamjanske leit oan de rivier de Dnjepr en is feitlik in satellytstêd fan de miljoenenstêd Dnipro. De stêd is bekend fanwege dat Sovjetlieder Leonid Brezjnev dêr berne waard.

Fan 1941-1943 waard Kamjanske troch de Dútske Wehrmacht beset en foar in grut part ferneatige.

Ekonomy

De stêd hat in ferskaat oan grutte yndustry: 57% is metaalyndustry en 17% gemyske yndustry. Dêrfandinne is it ek ien fan de meast fersmoarge stêden yn de wrâld.

De grutte keardaam yn de Dnjepr waard yn 1964 oplevere.

Stedsbyld

Berne

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.