Dmitri Donskoj (fan Sergej Aleksevitsj Kirillov, 2005)

Dmitri Ivanovitsj Donskoj (Russysk: Дмитрий Иванович Донской; * 12 oktober 1350; † 19 maaie 1389) wie fan 1359 oant en mei 1389 grutfoarst fan Moskou en Vladimir. Fanwegen syn oerwinning yn 1380 op de Gouden Heap yn de Slach op it Snippenfjild by de rivier de Don wurdt er as in nasjonale held fereare. De Russysk-Otterdokse Tsjerke hat him sels hillich ferklearre (feestdei 19 maaie). De oerwinning by de Don levere him de bynamme Donskoj op.

Dmitri Ivanovitsj wie troud mei Eudoksia fan Nizjni Novgorod, in dochter fan Dmitri Konstantinovitsj en Vasilisa fan Rostov. Hja hiene tegearre teminsten tolve bern.

Regear

Dmitri Ivanovitsj kaam yn de âldens fan njoggen jier op de troan fan it foarstendom Moskou. Salang't er minderjierrich wie regearre de metropolyt Aleksej it lân. Yn 1360 droech de khan fan de Gouden Heap de meast wurdearre titel ûnder Russyske foarsten, nammentlik dy fan grutfoarst fan Vladimir en Sûzdal, oer oan Dmitri Konstantinovitsj fan Nizjni Novgorod. Yn de hjerst fan 1363 folge de ôfsetting fan dy prins en waard Dmitri Ivanovitsj kroant ta grutfoarst fan Vladimir en Sûzdal. Trije jier letter makke Dmitri Ivanovitsj it wer goed mei Dmitri Konstantinovitsj en troude syn dochter Eudoksia.

De wichtichste bydrage yn de earste jierren fan it regear fan Dmitri Ivanovitsj wie de bou fan it Moskouse kremlyn, dat yn 1367 foltôge waard. It nije fort stelde de stêd fuort yn steat om twa belegerings yn 1368 en 1370 fan Algirdas fan Litouwen te wjerstean. Yn 1375 slagge Dmitri der yn om in konflikt oer Vladimir mei Michail II fan Tver yn syn foardiel te regeljen. Oare Noard-Russyske prinsen joegen harren del ûnder de autoriteit fan Dmitri en diene it harres ta foar de oansteande konfrontaasje mei de Gouden Heap. Tsjin it ein fan syn bewâld hie Dmitri Donskoj it grûngebiet fan it foarstedom Moskou ferdûbele en wie it de sterkste macht fan Ruslân woarn.

Striid tsjin de Gouden Horde

Under it tritichjierrige regear fan Dmitri begûn de Mongoalske oerhearsking fan de Rûs ôf te broazeljen. De posysje fan de Gouden Heap rekke troch boargerkriich en opfolgingskwestjes jimmeroan mear ferswakke. Dêr makke Dmitri gebrûk fan troch de Tataren iepenlik út te daagjen en hy liede in earste militêre oerwinning op de Mongoalen. Mamai, in mongoalske generaal dy't ek op de troan longere, besocht Dmitri dêrfoar te straffen en stjoerde yn 1378 in leger, mar Dmitri's troepen fersloegen syn mannen yn de Slach by de Vozja-rivier. Twa jier letter liede Mamai persoanlik in grutte striidmacht tsjin Moskou; Dmitri kaam de striidmacht yn 'e mjitte en fersloech Mamai by Kûlikovo.

Mamai waard troch syn rivaal generaal Tochtamysj ôfset, dy't de hearskippij fan de Gouden Heap oer de Rûs wer op 'e nij ynoarder makke. De generaal hie twa soannen fan Dmitri Konstantinovitsj yn tsjinst, dy't de Moskoviten ûnder it ûnthjit de stêd te sparjen oerhellen om de poarte fan Moskou te iepenjen. De stêd waard troch de troepen oerfallen en ferwoastge, wêrby likernôch 24.000 minsken omkamen. Dmitri moast him deljaan ûnder Tochtamysj en bleau grutfoarst fan Vladimir. Nei syn dea yn 1389 wie Dmitri de earste grutfoarst dy't syn titels sûnder oerlis mei de khan oan syn soan Vasili neiliet.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: en:Dmitri Donskoj


    This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.