![](../I/Nordensk%C3%B6ld_firing_depth_charge.jpg.webp)
Sweedske ûnderseeboatjager HMS Nordenskjöld lansearret in djiptebom.
In djiptebom is in wapen dat sûnt syn ûntwikkeling, yn 1916, brûkt wurdt tsjin ûnderseeboaten. It bomfet is meast in sylinder mei dêryn de springstof en in ûntstekking dy't op in beskate djipte ôfsteld wurde kin. De skokweach dy't troch de ûntploffing ûnstiet, moat de dûkboat om samar te sizzen 'kreakje', en him sa slim skansearje dat er boppe wetter twongen wurdt of te sinkt brocht wurdt.
Djiptebommen kinne brûkt wurde fanôf oerflakteskippen (ek as kop op in raket) en út fleantugen wei. In djiptebom kin ek in nukleêre lading hawwe.
- In âld type djiptebom fan de U.S. Navy.
- Djiptebommen ûnder fleugel fan in Short Sunderland
![]() Wikimedia Commons | Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Depth charges fan Wikimedia Commons. |
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.