Djakarta
Polityk
LânYndoneezje
provinsjeDjakarta
eilânJava
Sifers
Ynwennertal9.580.000(2010)
Oerflakmetropoal 740.28 km²
Befolkingsticht.14464,08 km²
Stêdekloft26.600.000 ynwenners
Hichte7 m
Oar
Stifting397
Koördinaten
Offisjele webside
Djakarta (toeristysk webstee)

Djakarta (offisjele Yndonezyske stavering sûnt 1972: Jakarta) is haadstêd en sit fan de regearing fan de Republyk Yndoneezje. It wie foarhinne ek bekend as Sunda Kelapa (3971527), Djajakarta (15271619) en Batavia (16191942). Fan 1942 oant 1972 wie 'Djakarta' de offisjele stavering, mar yn 1972 waard in nije ienheidsstavering mei it Maleisk ynfierd, en as ûnderdiel dêrfan waard de klank 'dj' tenei op 'e Ingelske wize stavere as 'j'. Djakarta leit oan de noardwestkust fan it eilân Java.

Yn april 2019 makke presidint Joko Widodo bekend dat it lân in oare haadstêd krijt. Unbekend is hokker stêd dat wurde sil, mar dúdlik is wol dat de nije haadstêd net op it eilân Java lizze sil.[1]

Skiednis

Djakarta waard foar it earst bewenne yn de 4e iuw en hiet oarspronklik Sunda Kelapa. Yn de 14e iuw wie de stêd in wichtige haven foar it Keninkryk Sunda. Troch Fatahillah waard de stêd ferovere en werneamd yn Jayakarta (op 22 juny 1527), hokker datum as de offisjele stiftingsdatum fan de stêd jildt.

Jan Pieterszoon Coen ferovere de stêd foar de VOC en ferneatige it. Op de resten liet er in festing en nije stêd bouwe. Ynearsten woe hy de stêd nei syn bertestêd Hoarn ferneame litte, mar de hearen XVII, de heechste bestjoerders fan de VOC, beslueten oars. It waard Batavia neamd en hâlde dy namme oant 1942, it jier dat Nederlânsk-Ynje beset waard troch Japanse troepen. Batavia waard doe Djakarta.

Nei de ôfhinklikheid fan Yndoneezje, waard Djakarta haadstêd fan de nije steat.

Berne yn Djakarta/Batavia

  • Pieter Mijer (3 juny 1812), Nederlânske politikus.
  • Eddy de Neve (2 jannewaris 1885), Nederlânske fuotballer.
  • Caro van Eyck (27 novimber 1915) echte namme Gerarda Teutelboom, aktrise.
  • Hella Haasse (2 febrewaris 1918, 20u55), Nederlânske skriuwster.
  • Frans Tutuhatunewa (26 juny 1923), presidint yn ballingskip fan de RMS.
  • Ingeborg Uyt den Boogaard (18 april 1930), Nederlânsk aktrise.
  • Tonke Dragt (12 novimber 1930), Nederlânske skriuwster.
  • Yvonne Keuls (17 desimber 1931), Nederlânske skriuwster.
  • Mischa de Vreede (1936-2020), Nederlânske skriuwster.
  • Ben Bot (21 novimber 1937), Nederlânske diplomaat en âld-minister fan Bûtenlânske Saken.
  • Jeroen Brouwers (30 april 1940), Nederlânske skriuwer.
  • Ruud de Wolff (12 maaie 1941), Nederlânske muzikant en lid fan de Blue Diamonds.
  • Boudewijn de Groot (20 maaie 1944), Nederlânske sjonger.
  • Selma Leydesdorff (7 novimber 1949), Nederlânske heechlearaar.
  • Mia Audina Tjiptawan (22 augustus 1979), Nederlânsk/Yndonezyske badmintonster.
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.