In drokke diskoteek

In diskoteek is in útgeansgelegenheid. Yn in diskoteek wurdt meast dûnsmuzyk draaid troch in discjockey. Der is spesjale beljochting mei bytiden special effects, dit wurdt meastal fersoarge troch in LJ meastal mei help fan in ljochttafel. Grafyske bylden dy't projektearre wurde, wurde makke troch in VJ. In lytse diskoteek of in kafee mei in dûnsgelegenheid wurdt faak dancing neamd.

Skiednis

De namme discotheek komt fan de útgeansgelegenheid La Discothèque oan de Rue de la Huchette yn Parys, dy't yn 1941 iepene. It spesjale wie dat der gjin live muzyk spile waard, mar platen. Yn de jierren fyftich waard it prinsipe fan diskoteken populêrder, ek al sil it oant de jierren santich duorje eardat de namme diskoteek wrâldwiid yn swang kaam.

De muzykstreaming disko, dy't begjin santiger jierren ûntstie komt fan it wurd diskoteek en betsjutte "muzyk dy't yn de diskoteek spile wurdt".

Hoewol't disko begjin jierren tachtich oan populariteit ferlear, bleauwen de diskoteken dochs oerein, omdat dizze harren muzyk oanpasten oan de tiid; yn de jierren njoggentich gienen in soad diskoteken oerr op it draaien fan housemuzyk. Diskoteken komme geregeldwei negatyf yn it nijs troch fertinking fan it brûken fan XTC en oare drugs.

De doelgroep fan in diskoteek is anno 2008 is jongerein tusken de 16 en 25 jier. Dervbesteane lykwols ek diskoteken dy't spesjalisearre binne yn jierren tachtich-muzyk, en dêrtroch faak (ek) âlder publyk lûke.

Samling grammofoanplaten

Earder waard in grammofoanplatesamling of útlientsjinst fan platen ek diskoteek neamd. It wurd komt fan it Ald-Grykske δισκος (discos) = plaat en τιθεναι (tithenai) = pleatse, lizze).

Nofodi

De stichting Noardlike Fonoteektsjinst (Nofodi) waard oprjochte op 29 april 1969. Doel wie it útlienen fan platen fia iepenbiere bibleteken yn de trije noardlike provinsjes. It wie in spesjale diskoteekôfdieling fan de Provinsjale Bibleteeksintrales fan Drinte, Fryslân en Grinslân. Nofodi siet yn de stêd Grins. De wurksumheden gienen ein 1970/begjin 1971 út ein. Der wiene twa wurkmetoades:

  • postoarderbedriuw: it op oanfraach (út in katalogus) útlienen fan grammofoanplaten fia de bibleteken oan leden fan de Nofodi. It lidmaatskipsjild lei meastal om in tsientsje yn it jier hinne.
  • wikselkolleksjes: it hieren fan in wikselkolleksje dêr't Nofodi-leden yn de bibleteek harren platen sels út kieze koene. Dit koste meastal f 0,90 de plaat.

It tal brûkers gie fan 250 (1971) nei 650 (1974). Nofodi hâlde ein 1975 op te bestean. Utwreiding fan it ferlet oan audio-fisuele materialen makke it nammentlik needsaaklik, dat elke provinsje in eigen diskoteek hie. In Fryske diskoteek nimt dan it wurk oer.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.