Fjouwertakt diselmotorproses

In diselmotor is in ferbaarningsmotor mei kompresjeûntstekking (selsûntbrâning sûnder bûzjy), dêr't it brânstof-luchtmingsel fan yn 'e ferbrâningskeamer foarme wurdt (ynterne mingselfoarming) en dêr't it koppel fan oanpast wurdt troch de hoemannichte ynspuite brânstof (kwalitative regeling fan 'e belesting). Hy kin op ferskate brânstoffen wurkje, wêrûnder disel. Dieselmotoaren binne te krijen as twatakt - of fjouwertaktsûgermotors; hja wurde karakterisearre troch in relatyf heech rendemint en de mooglikheid om se te ûntwerpen mei sawol in leech as in heech fermogen.

De útfiner fan de diselmotor is de Dútske yngenieur Rudolf Diesel, dy't syn opfettings oer in motor mei in bysûnder heech rendemint foar it earst publisearre yn 1893 yn it wurk Theorie und Konstruktion eines rasjonellen Wärmemotors. Yn de jierren nei 1893 slagge it him en bou sa 'n motor yn in laboratoarium fan de Maschinenfabrik Augsburg (no MAN), mar allinnich troch ôf te wiken fan it konsept dat yn syn boek beskreaun is. Troch syn patinten, dy't yn in soad lannen registrearre waarden, en syn aktive public relation waard er de nammejouwer fan de motor en it byhearrende distillaat.

Dit artikel is in stobbe oer technology‎.
Jo wurde útnûge en foegje jo witten hjir ta.
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.