Dirk Jacobs Ploegsma (Ljouwert, 19 febrewaris 1769 - dêre, 21 maaie 1791) wie in Frysk keunstskilder. Soan fan Jacob Dirks en Christina Idzardi.
Hoewol't er gjin gelegenheid hie om goede foarbylden en wurken te bestudearjen skildere er fraaie stikken. Doe't er noch mar sân jier wie[1] waard er in learling fan Mathijs Accama en Johannes Verrier. Ploegsma wie in learling fan J.M. Quinckhard (1688 - 1772). Keunstfreon dy't jonge keunstskilders advisearre, wêrûnder Willem Bartel van der Kooi dy't ek les fan Verrier hân hie. Syn wurk bestiet foar in grut part út portretten en histoaryske ûnderwerpen. Der sieten skilderijen fan him yn de keunstneilittenskip fan Vegelin van Claerbergen. Wurk fan him is te sjen yn it Frysk Museum.
Gallery
- In tafel mei trije manlju deromhinne by it damspul
- Portret fan Eelco fan Haersma
- Portret fan in jongfeint
- Portret fan in âldman
- Portret fan in man yn in brune jas
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Dirk Jacobs Ploegsma fan Wikimedia Commons. |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.