Dionne Stax
tillefyzje- en/of radiopersoanlikheid
Dionne Stax by it Festival fan de Sjoernalistyk 2017
Dionne Stax by it Festival fan de Sjoernalistyk 2017
persoanlike bysûnderheden
echte nammeDionne Stax
nasjonaliteit Nederlânsk
berne22 april 1985
berteplakBoxmeer (Noard-Brabân)
etnisiteit Nederlânsk
wurkpaad
wurksum assjoernaliste, nijslêzeresse
mediumtillefyzje
wurksum byNOS
bekend fanNOS Sjoernaal
jierren aktyf2007 – no
offisjele webside
Dionne Stax op Twitter

Dionne Stax (Boxmeer, 22 april 1985) is in Nederlânsk sjoernaliste en nijslêzeresse.

Karriêre

Stax sette har tillefyzjekarriêre yn 2007 as stazjêre útein by NOS Headlines, de foarrinder fan NOS op 3. Dêr fersoarge hja wykoersichten foar it digitale temakanaal NOS Sjoernaal 24. Nei't se in twadde staazje rûn hie op 'e binnenlânredaksje fan 'e NOS, studearre Stax yn 2009 ôf oan 'e Universiteit fan Amsterdam.

Sûnt febrewaris 2012 is Dionne Stax op 'e lanlike tillefyzje ien fan 'e presintators fan it nijsbulletên fan NOS op 3. Dêrnjonken wurket hja as binnenlânmeiwurker op 'e nijsredaksje fan 'e NOS. Yn 2013 waard se ien fan 'e fêste nijslêzers fan it NOS Sjoernaal, wêrby't se yn 'e regel moarns of middeis te sjen is. Yn dy funksje hat se Annechien Steenhuizen ferfongen, dy't trochskode nei de jûnsútstjoerings fan it sjoernaal. Fan maaie 2015 ôf presintearre Dionne Stax ek de jûnbulletins. Op 5 desimber 2015 presintearre se har earste achtoeresjoernaal.

Stax hie ek tsjinst yn de tiid fan de oanslaggen yn Parys op de redaksje fan Charlie Hebdo en letter ûnder de gizelingen. Se presintearre doe ekstra sjoernaals. Fan 2015 docht Stax de ferkiezingsútslaggen as opfolger fan Herman van der Zandt.

Op 27 april 2016, Keningsdei, yn Swol wie Stax de earste sjoernalist dy't de prinsessen Amalia, Alexia en Ariane ynterviewe mocht, nei't se yn itselde fraachpetear de âlden fan de prinsessen befrege hie. Sûnt 2017 presintearret hja by Omroep MAX it programma Van onschatbare waarde en foar de NTR makke se de dokumintêrerige Lady Di & Dionne oer it libben fan Lady Diana.

Op 23 augustus 2019 presintearre se de lêste kear itfoar it lêst NOS Sjoernaal. Yn oktober 2019 stapte se oer nei de AVROTROS om fan jannewaris 2020 ôf oan it Radio 1-programma Stax&Toine te presintearjen tegearre mei Toine van Peperstraten. Yn oktober 2019 presintearre Stax tegearre mei Rik van de Westelaken it Gouden Televizier-Ring Gala. Sûnt jannewaris 2020 bringt Stax it programma DNA Onbekend, nei't Caroline Tensen oergie nei RTL 4.

Telefyzje

Jier Telefyzjeprogramma Opmerking
2015 Sail 2015 Presintator
2016 Villa Nostalgia Presintator
2016 Heel Nederland Slaapt Presintator
2016 Gouden Televizier-Ring Gala Utrikker fan de Gouden Televizierring
2017 Nasjonaal Oftelmomint 2017 (op Aldjiersjûn) Presintator
2017 Jieroersjoch 2017 Presintator
2017 Presintaasje Kabinet 2017 Presintator
2017 Operatie Live Presintator
2017 Eerste Hulp Bij Ongevallen Presintator
2017 Lady Di & Dionne Presintator
2018 Ferkiezingen NPO Presintator
2018 5 jier Kening Willem-Alexander Presintator
2018 Van onschatbare waarde Presintator
2018 Ferslachjouwing Keningsdei Presintator
2019 Gouden Televizier-Ring Gala Presintator
2019 Nasjonaal Oftelmoment 2020 Presintator
2019 DNA Onbekend Presintator
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.