In digraaf (út it Latyn, letterlik "twa-skrift") is in letter (eins sekuerder omskreaun as in grafeem) dy't twa symboalen kombinearret om as ien inkeld elemint yn 'e stavering te fungearjen. Yn it Frysk en it Nederlânsk komt datoangeande de ij (haadletter IJ) foar. Hoewol't dy, benammen by it typen, ornaris i-j stavere wurdt, feroaret dat neat oan 'e útspraak. By it skriuwen sitte de ôfsûnderlike eleminten fan dizze digraaf faak oaninoar, en sels as dat net sa is, bliuwt it dochs in digraaf, om't it foar ien inkeld lûd stiet, nammentlik de twaklank [ɛi̭]. Ek yn oare talen komme sokke oaninoar skreaune digrafen foar: yn it Dútsk de ß (fan 'sz'); yn it Frânsk de œ (fan 'oe') en yn 'e Skandinavyske talen de æ (fan 'ae'). Mar net alle digrafen wurde oaninoar skreaun. Sa kinne yn it Frysk ek 'ng', 'nj' en 'sj' foar digrafen oanmurken wurde. It begryp 'digraaf', dat útgiet fan 'e útspraak, moat net betize wurde mei de term 'ligatuer', wêrmei't ferwiisd wurdt nei in typografysk oaninoar skreaune letterkombinaasje, lykas de digrafen ij, ß of æ, mar ek lykas №, ₢, ₧ en fl, dat dúdlik gjin digrafen binne (om't se net ien inkeld lûd fertsjintwurdigje).

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Crystal, David, The Penguin Dictionary of Language (Second Edition), Londen, 1999 (Penguin), ISBN 0 14 05 14 163, s. 90.
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.