In difyzje (fan it Frânske division) is in grutte militêre ienheid of formaasje fan 'e lânmacht en it marinierskorps, dy't ornaris bestiet út tusken de 10.000 en 20.000 manskippen. Yn 'e measte legers wurde difyzjes opmakke út ferskate brigades of rezjiminten. Sels foarmje ferskate difyzjes in legerkorps. Yn 'e moderne oarlochfiering is in difyzje yn 'e regel de lytste ienheid dy't troepen fan ferskillende lânmachtwapens omfiemet, lykas ynfantery, kavalery, artillery en sjeny. Dêrmei kin in difyzje beskôge wurde as in legerke op himsels. It befel oer in difyzje is ornaris yn 'e hannen fan in generaal-majoar.
De betinker fan 'e opdieling fan in leger yn ferskate difyzjes (yn 'e sin fan in militêre ienheid besteande út troepen fan ferskillende lânmachtwapens) wie de maarskalk yn Frânske tsjinst Maurits fan Saksen (1696-1750), dy't it idee opskreau yn syn boek Mes Rêveries, mar stoar ear't er it yn 'e praktyk bringe koe. Sadwaande waard it difyzjesysteem pas ûnder de Oarloggen fan de Frânske Revolúsje (1792-1802) foar it earst yn Frankryk yn gebrûk nommen. It bliek in grut súkses te wêzen, mei't it legers fleksibelder ynsetber en makliker om mei te maneuvrearjen makke. Under Napoleon waarden ferskate difyzjes foar it earst feriene yn in legerkorps. Troch de Frânske militêre súksessen yn 'e Napoleontyske Oarloggen (1803-1815) waard it difyzjesysteem al rillegau troch frijwol alle oare Jeropeeske legers oernommen.
Geandewei de tweintichste iuw (mei as hichtepunt de Twadde Wrâldoarloch) ûntjoech de difyzje him ta de wichtichste gefjochtsienheid fan 'e moderne kriichsmacht, wêrmei't it dy posysje oernaam fan 'e brigade. Hjoed-de-dei hawwe yn prinsipe alle kriichsmachten fan 'e wrâld in opdieling yn difyzjes, of it moat wêze dat se te lyts binne om mear as ien difyzje gear te stallen. Yn 'e regel bestiet in difyzje út ien oant fjouwer brigades fronttroepen, mei dêropta in brigade of in rezjimint ûnderstypjende gefjochtstroepen (ornaris artillery) en in stikmannich rjochtstreeks ûnder it difyzjebefel ressortearjende bataljons mei spesjalisearre taken, lykas ynljochtings, logistyk, militêre ferkenning en sjeny.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en References, op dizze side. |