In difyzje, soms ek oantsjut as in bedriuwssegmint, is yn it bedriuwslibben in diel fan in grutter bedriuw. Dêrby moat it gean om in grutte ûndernimming dy't dan bestiet út mear as ien difyzje. Sokke difyzjes binne bestjoerlik en organisatoarysk op harsels steande ûnderdielen fan dy ûndernimming, mar oan 'e oare kant binne it foar de wet gjin selsstannige bedriuwen sa't it gefal is mei dochterûndernimmings. Ynstee bliuwt it bedriuw wetlik ferantwurdlik foar alle ferplichtings en skulden fan 'e difyzjes. Wol is it sa dat in difyzje sizzenskip hawwe kin oer ien of mear dochterûndernimmings fan it bedriuw.
In foarbyld. The Walt Disney Company is in grut Amerikaansk mediabedriuw, dat sûnt de reorganisaasje fan 2020 ferdield is yn twa difyzjes en trije 'ynhâldsgroepen', dy't eins ek delkomme op difyzjes. By de difyzje Disney Media & Entertainment Distribution is de hiele distribúsje fan 'e produksjes fan Disney ûnderbrocht. Dêrom falle ûnder dy difyzje û.m. Walt Disney Studios Motion Pictures, de dochterûndernimming dy't de filmdistribúsje fersoarget, en Disney+, in streamingtsjinst dy't de produksjes oer it ynternet by de klanten thús oanbiedt. De difyzje Disney Parks, Experiences and Products omfiemet û.m. de ferskate ferdivedaasjeparken en de cruiseskippen fan Disney. En by de 'ynhâldsgroep' The Walt Disney Studios binne alle produksjemaatskippijen ûnderbrocht, lykas Walt Disney Pictures, de Walt Disney Animation Studios, Pixar, de Blue Sky Studios, Lucasfilm, de Marvel Studios en 20th Century Fox.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |