Dieren
Biodiversiteit fan it bisteryk.
Biodiversiteit fan it bisteryk.
Taksonomy
domein:eukaryoaten (Eukaryota)
ryk:dieren (Animalia)
Linnaeus, 1758

De dieren of bisten (Latynske namme: Animalia) foarmje yn 'e taksonomyske yndieling fan libbene organismen in ryk, dat yn 'e mande mei de riken fan 'e planten (Plantae), skimmels (Fungi), protisten (Protista) en guon lytsere groepen organismen it domein of bopperyk fan 'e eukaryoaten (Eukaryota) opmakket. (De eukaryoaten steane dan wer op ien hichte mei de baktearjes (Bacteria) en de oerbaktearjes (Archaea).)

Dieren binne rjusellige organismen dy't foar it meastepart mobyl binne, wat sizze wol dat se har spontaan en ûnôfhinklik bewege kinne. Harren lichemsfoarm berikt op in beskaat stuit yn harren libben it punt dat it in fêste foarm kriget (ophâldt mei groeien), al binne der guon soarten dy't letter yn it libben in proses fan metamorfoaze trochmeitsje. Alle dieren binne heterotroof en moatte dus oare libbene (of deade) organismen opite om harsels fan enerzjy te foarsjen, dy't se frijmeitsje troch in reäksje mei soerstof. Biologysk sjoen is de minske gewoan ien fan 'e withoefolle bistesoarten.

Fan 'e measte groepen dy't tsjintwurdich ta de dieren rekkene wurde, geane de fossile (foar-)foarmen tebek oant de saneamde Kambryske Eksploazje, sa'n 542 miljoen jier lyn. De bekenste groepen bisten (dy't it bekendst binne om't de soarten dy't derta hearre it grutst fan stal binne) hearre ta de stamme fan 'e rêchstringdieren (Chordata) en dêrbinnen ta de ûnderstamme fan 'e wringedieren (Vertebrata). Dy groepen binne û.m. de sûchdieren, reptilen, fûgels, fisken en amfibyen. Oare grutte groepen binne de lidpoatigen (mei û.m. de ynsekten, spineftigen, kreefteftigen en tûzenpoatigen), de ferskate groepen wjirms, de weakdieren, de spûnsdieren en de kwabben.

It diereryk kin yn trije haadgroepen yndield wurde op grûn fan kompleksiteit en it al of net besitten fan beskate lichaamlike skaaimerken:

  • spûnsdieren (Parazoa)
  • muldieren (Mesazoa)
  • orgaandieren (Eumetazoa)

In yngeandere, taksonomyske ûnderferdieling wurdt hjirûnder jûn.

Klassifikaasje fan dieren

In skiifdiagram dêr't de ferdieling fan it bisteryk yn soarten op werjûn is. (De Arthropoda (ljochtblau) binne de lidpoatigen; de Mollusca (pears) binne de weakdieren; de Chordata (ljochtgrien) binne de rêchstringdieren.)
Klassifikaasje fan it Bisteryk
  • ryk bisten (Animalia)
    • ûnderryk middendieren (Mesozoa)
      • stamme inkelgeslachtsselligen (Monoblastozoa)
      • stamme rjochtbannigen (Orthonectida)
      • stamme rútdieren (Rhombozoa of Dicyemida)
    • ûnderryk echte dieren (Metazoa)
      • tuskenryk spûnsdieren (Parazoa)
        • stamme plakdieren (Placozoa)
        • stamme spûnzen (Porifera)
      • rangleas tuskentakson orgaandieren of weefseldieren (Eumetazoa)
        • tuskenryk radiaaldieren (Radiata)
          • stamme netteldieren (Cnidaria)
            • klasse blomdieren (Anthozoa)
            • ûnderstamme kwabdieren (Medusozoa)
              • klasse kubuskwabben (Cubozoa)
              • klasse kwabpolipen (Hydrozoa)
              • klasse rjupoatigen (Polypodiozoa)
              • klasse skiifkwabben (Scyphozoa)
              • klasse stâlkwabeftigen (Staurozoa)
            • klasse slymdieren (Myxozoa)
          • stamme ribkwabben (Ctenophora)
            • klasse Scleroctenophora
            • klasse tintakelleaze ribkwabben (Nuda)
            • klasse tintakelribkwabben (Tentaculata)
        • tuskenryk twasidigen (Bilateria)
          • rangleas tuskentakson riedseltermdieren (Xenocoelamorpha)
            • stamme riedselwjirms (Xenoturbellida)
            • boppestamme termleazen (Acoelomorpha)
              • stamme echte termleazen (Acoela)
              • stamme snoerhûdigen (Nemertodermata)
          • rangleas tuskentakson termdieren (Nephrozoa)
            • boppestamme nijmûnigen (Deuterostomata)
              • stamme rêchstringdieren (Chordata)
                • ûnderstamme manteldieren of sturtgorda's (Tunicata, foarhinne Urochordata)
                  • klasse mantelfiskjes (Appendicularia)
                  • klasse salpen (Thaliacea)
                  • klasse sekpipen (Ascidiacea)
                  • klasse sorberaten (Sorberacea)
                • ûnderstamme plasseleazen of kopgorda's (Cephalochordata)
                  • klasse lansetfiskjes (Leptocardii)
                • ûnderstamme wringedieren (Vertebrata)
                  • boppeklasse kaakleaze fisken (Agnatha)
                    • klasse Anaspida
                    • klasse Cephalaspidomorphi
                    • klasse Conodonta
                    • klasse Haikouellida
                    • klasse Myllokunmingiida
                    • klasse Pteraspidomorphi
                    • rangleas tuskentakson rûnmûnigen (Cyclostomata)
                    • klasse Thelodonti
                  • tuskenstamme kaakdieren (Gnathostomata)
                    • boppeklasse bienfiskeftigen (Osteichthyes)
                      • klasse kwastfinnigen (Sarcopterygii)
                      • klasse strielfinnigen (Actinopterygii)
                    • klasse kreakbienfisken (Chondrichthyes)
                    • klasse pânserfisken (Placodermi) †
                    • klasse stikelhaaien (Acanthodii) †
                    • boppeklasse fjouwerpoatigen (Tetrapoda)
                      • klasse amfibyen (Amphibia)
                      • rangleas tuskentakson sauropsiden (Sauropsida)
                      • rangleas tuskentakson synapsiden (Synapsida)
                        • klasse pelykosauriërs (Pelycosauria)
                        • rangleas tuskentakson terapsiden (Therapsida)
                          • rangleas tuskentakson teriodonten of bisttoskigen (Theriodontia)
                            • rangleas tuskentakson sûchdiereftigen (Mammaliaformes)
              • rangleas tuskentakson krûpwjirms (Ambulacraria)
                • stamme kraachdragers (Hemichordata)
                  • klasse ikelwjirms (Enteropneusta)
                  • klasse wjukearmigen (Pterobranchia)
                • stamme stikelhûdigen (Echinodermata)
                  • ûnderstamme Blastozoa
                    • klasse Blastoidea
                    • klasse Eocrinoidea
                    • klasse Paracrinoidea
                  • ûnderstamme echte stikelhûdigen (Echinozoa)
                    • klasse Helicoplacoidea
                    • klasse Ophiocistioidea
                    • klasse seekladden (Echinoidea)
                    • klasse seekomkommers (Holothuroidea)
                  • ûnderstamme seeleelje-eftigen (Crinozoa)
                    • klasse Edrioasteroidea
                    • klasse seeleeljes (Crinoidea)
                    • klasse Rhombifera
                    • klasse systoïden (Cystoidea) †
                  • ûnderstamme seeleppeleftigen (Homalozoa) †
                    • klasse Ctenocystoidea
                    • klasse Homostelea
                    • klasse Homoiostelea
                    • klasse Stylophora
                  • ûnderstamme seestjereftigen (Asterozoa)
                    • klasse seestjerren (Asteroidea)
                    • klasse slangestjerren (Ophiuroidea)
            • boppestamme oermûnigen (Protostomata)
              • stamme pylkwjirms (Chaetognatha)
              • rangleas tuskentakson ferfellingsdieren (Ecdysozoa)
                • rangleas tuskentakson hynstehierwjirms en rûnwjirms (Nematoida)
                  • stamme hynstehierwjirms (Nematomorpha)
                  • stamme rûnwjirms (Nematoda)
                • stamme korsetdieren (Loricifera)
                • rangleas tuskentakson lidpoatigen en sibben (Panarthropoda)
                  • stamme beardieren (Tardigrada)
                  • stamme Dinocaridida
                  • stamme ferwielwjirms (Onychophora)
                  • stamme lidpoatigen (Arthropoda)
                    • rangleas tuskentakson spindieren (Arachnomorpha)
                      • ûnderstamme Aglaspidida
                      • ûnderstamme Cheloniellida
                      • ûnderstamme gifkakigen (Chelicerata)
                        • klasse seeskorpioenen (Eurypterida) †
                        • klasse seespinnen (Pycnogonida)
                        • klasse spineftigen (Arachnida)
                        • klasse swurdsturteftigen (Merostomata)
                      • ûnderstamme grutliddigen (Megacheira) †
                      • ûnderstamme trilobiten (Trilobita) †
                    • ûnderstamme seispoatigen (Hexopoda)
                      • klasse binnenkakigen (Entognatha)
                      • klasse ynsekten (Insecta)
                    • ûnderstamme kreefteftigen (Crustacea)
                      • klasse hegere kreefteftigen (Malacostraca)
                      • klasse kaakpoatigen (Maxillopoda)
                      • klasse kiuwpoatkreeften (Branchiopoda)
                      • klasse ljedderkreeften (Remipedia)
                      • klasse mokselkreeften (Ostracoda)
                      • klasse strykizerkreeften (Cephalocarida)
                      • klasse Thylacocephala
                    • ûnderstamme tûzenpoatigen (Myriapoda)
                      • klasse krappoatigen (Pauropoda)
                      • klasse miljoenpoaten (Diplopoda)
                      • klasse tûzenpoaten (Chilopoda)
                      • klasse woarteltûzenpoaten (Symphyla)
                • stamme peniswjirms (Priapulida)
                • stamme stikelwjirms (Kinorhyncha)
              • rangleas tuskentakson platwjirmeftigen (Platyzoa)
                • rangleas tuskentakson echte platwjirmeftigen (Rouphozoa)
                  • stamme búkhierrigen (Gastrotricha)
                  • stamme platwjirms (Platyhelminthes)
                • rangleas tuskentakson toskplatwjirmeftigen (Gnathifera)
                  • stamme heakwjirms (Acanthocephala)
                  • stamme krânsdieren (Cycliophora)
                  • stamme lytstoskdieren (Micrognathozoa)
                  • stamme rêddieren (Rotifera)
                  • stamme toskmûlwjirms (Gnathostomulida)
              • rangleas tuskentakson kaamkrânsdieren (Lophotrochozoa)
                • rangleas tuskentakson kaamdieren (Trochozoa)
                  • stamme ringwjirms (Annelida)
                    • klasse boarstelwjirms (Polychaeta)
                    • klasse sealwjirms (Clitellata)
                      • ûnderklasse bloedsûgers (Hirudinea)
                      • ûnderklasse dauwjirmeftigen (Oligochaeta)
                      • ûnderklasse kreeftebloedsûgers (Branchiobdellida)
                    • klasse Machaeridia
                    • klasse slurfwjirms (Echiura)
                  • stamme snoerwjirms (Nemertea)
                    • klasse earmleaze snoerwjirms (Anopla)
                    • klasse earmsnoerwjirms (Enopla)
                  • stamme weakdieren (Mollusca)
                    • rangleas tuskentakson skulpdragende weakdieren (Conchifera)
                      • klasse Helcionelloida
                      • klasse inketfisken (Cephalopoda)
                      • klasse mûtsweakdieren (Monoplacophora)
                      • klasse Rostroconchia
                      • klasse slakken (Gastropoda)
                      • klasse toskskulpen (Scaphopoda)
                      • klasse twakleppigen (Bivalvia; foarh. Lamellibranchiata en Pelecypoda)
                    • rangleas tuskentakson stikelweakdieren (Aculifera)
                      • klasse krobslakken (Polyplacophora)
                        • ûnderklasse korsetkrobslakken (Neoloricata)
                        • ûnderklasse oerkorsetkrobslakken (Paleoloricata) †
                      • klasse plaatleaze stikelweakdieren (Aplacophora)
                        • ûnderklasse skyldpoatigen (Caudofoveata)
                        • ûnderklasse wjirmweakdieren (Solenogastres)
                • rangleas tuskentakson tentakelkrânsdieren (Lophophorata)
                  • rangleas tuskentakson earmpoatigen en hoefizerwjirms (Brachiozoa)
                    • stamme earmpoatigen (Brachiopoda)
                    • stamme hoefizerwjirms (Phoronida)
                  • stamme Hyolitha
                  • stamme moasdieren (Bryozoa)
                    • klasse neakenstrôtigen (Gymnolaemata)
                    • klasse smelstrôtigen (Stenolaemata)
                    • klasse tearstrôtigen (Phylactolaemata)
                  • stamme tsjelkwjirms (Entoprocta)
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Bibliography, op dizze side.


This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.