De Dielerskâns (Dútsk: Dieler Schanze, Nederlânsk: Dijlerschans) is in letmidsiuwske fêsting flakby it doarp Diele yn it Eastfryske Reiderlân. Dy fêsting waard nei alle gedachten oan de ein fan de fjirtjinde iuw boud, en spile in wichtige rol yn de skiednis fan Eastfryslân. Syn betsjuttenis naam ta doe't it Greefskip Eastfryslân ûntstie en it plak oan de súdgrins fan it greefskip lei en dêrfan as in grinsfêsting tsjinne. Hy spile letter in wichtige rol by grinsskelen mei de tichteby lizzende Nederlannen en it Múnsterlân. De fêsting bestie mei-inoar út in systeem fan skânzen, redûten, wâlen en grêften fan likernôch twa kilometer.
Lizzing
De Dielerskâns leit op in strategysk geunstich plak op in geastrêch tusken de delte fan de Iems en in grutte lape feangrûn oan de oare kant. Tichteby de fêsting rûn yn de midsiuwen in hannelswei fan Múnsterlân nei Eastfryslân oer de geastrêch hinne. Dy wei wie de iennichste mooglikheid om fan it Iemslân nei Eastfryslân te kommen.
Skiednis
Nei alle gedachten waard it earste ferdigeningswurk yn de iere fjirtjinde iuw boud. Yn dy snuorje wie der yn Eastfryslân noed foar in oanfal fan it Prinsbisdom Múnster.
Doe't yn de Tachtichjierrige Kriich Nederlânske troepen nei Eastfryslân útwykten, bea de fêsting harren in strategyske ferdigening tsjin de Spanjerts. De fêsting waard doe útwreide. De fêsting bestie doe út in haadskâns en ferskate lytsere skânzen dy't fan de Iemsouwer ôf by it doarp Dielerheide lâns nei it fean ta rûn oer in ôfstân fan goed twa kilometer. De wichtichste parten fan de fêsting wiene de beide gruttere skânzen, de Jemgumer Twinger en Hakelwerk. De redûten Kiek in de Ems, Kiek in de Bosch, Bratpan, Sieh dich vor en de Lytse Dielerskâns foltôgen de fêsting. De skânzen en redûten wiene mei-inoar ferbûn troch wâlen en grêften.
De haadskâns, de Jemgumer Twinger, waard mei in trije oant fjouwer meter hege ierden wâl en twa ringfoarmige foarskânzen troch in likernôch 16 meter brede wettergrêft omjûn. Hy hie fjouwer twingers yn de hoeken, dêr't it ôfwargeskut op stie. Hy wie mei twa klapbrêgen tagonklik út it doarp wei. De binnenkant fan de skâns waard omjûn troch in muorre mei yn alle fjouwer hoeken in toer. By it ferdigeningswurk wiene ek twa slûzen ynboud, dy't it omlizzende lân ûnder wetter strûpe litte koe yn gefal fan striid.
Mei-inoar moatte der sa'n 400 soldaten yn de fêsting legere west hawwe. Yn de santjinde iuw waard er noch mar troch 7 manlju beset. Yn de Tritichjierrige Kriich waarden foar it ûnderhâld de bewenners fan it Opperreiderlân oansprutsen. Yn 1633 moasten se foar de kosten foar in wachterhûs opdraaie en fan 1642 oant 1645 moasten se kearsen en turf leverje.
Yn de tiid dêrnei waard de fêsting troch troepen om utens beset. Yn 1637 besetten Hessyske troepen Eastfryslân yn de snuorje fan de Tritichjierrige Kriich, en waarden dy yn de fêsting legere. Tsien jier letter oermastere it Ryksleger de fêsting en wreiden se de fêsting út fan boumateriaal fan hûzen yn it doarp dy't se ôfbrutsen.
Nei de Tritichjierrige Kriich waard de fêsting troch troepen fan de Múnsterske biskop Kristoffel Bearend fan Galen (Bommen Bearend) oermastere, dy't de fêsting brûke woe foar syn oanfal op de Republyk fan de Sân Feriene Nederlannen en syn bûnsmaat Eastfryslân. Yn de nacht fan 18 op 19 desimber 1663 namen Múnsterske troepen de fêsting sûnder bloedferjitten yn. De Múnsterske troepen moasten 300.000 thaler garje dy't foarst Joaris Kristiaan fan Eastfryslân saneamd oan it Hûs Lychtenstein as rjochtsopfolger fan de greven fan Rietberg foar it ôfstean fan it Harlingerlân skuldich wie. Joaris Kristiaan koe net mei it bedrach opkomme om't it dêrfoar bestimde jild yn de Tritichjierrige Kriich troch protestantske legeroanfierder Peter Ernst II fan Mansveld rôve waard. Mei help fan de Nederlânske Steaten-Generaal en hartoch Eberhard fan Wuertemberch koene de Múnsterske troepen ferdreaun wurde, in kompromis sletten wurde, en mei in bedrach fan 200.000 taler opkommen wurde. Dat bedrach moast Joaris Kristiaan fan de Nederlannen liene. As ûnderpân namen Nederlânske troepen de Dielerskâns en it doarp Diele yn 1664 yn besit. Acht jier letter, yn de Hollânske Kriich, namen Múnsterske troepen de fêsting fannijs yn en waard troch harren ferneatige om neitiids net weropboud te wurden.
Hjoed-de-dei
It plak fan de fêsting waard letter eigendom fan guon Dieler boeren en wurdt hjoed-de-dei foar de lânbou brûkt. It is begroeid mei gers en strewielen. Fan de eardere grêften binne noch trôgen oer, en de âlde wâlen waarden troch de jierren hinne sljochte.
De oerbliuwsels fan de haadskâns, de Jemgumer Twinger, binne út de loft wei goed te sjen en foarmje in monumint. De âlde grêften en wâlen binne noch hieltyd goed yn it lânskip werom te kennen.
Keppeling om utens
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |