Diele
Resten fan de Dieler Skâns, dy't noch it bêste fan út de loft te besjen is
Resten fan de Dieler Skâns, dy't noch it bêste fan út de loft te besjen is
Polityk
Lânflagge fan Dútslân Dútslân
Dielsteat Nedersaksen
Lânkring Lier
Gemeente Weener
Sifers
Ynwennertal582 (31 desimber 2017)
Oerflak6,63 km²
Befolkingsticht.88 / km²
Hichte0,4–7,5 meter
Offisjele webside
Webstee fan de gemeente Weener
Kaart fan it Reiderlân
Heechspanningsmêsten by Diele

Diele is in doarp yn it Dútske diel fan it Reiderlân (Nedersaksen) en is in Ortsteil fan de gemeente Weener. Diele leit tusken Stapelmoor en Vellage.

Skiednis

Diele heart ta de âldst bewenne plakken fan East-Fryslân. Yn 1994 waarden der oerbliuwsels fan in delsetting út de jonge stientiid ûntdutsen. Ut de iere brûnstiid is in stiennen bile fûn. Dêrnei bleau, lykas yn grutte dielen fan East-Fryslân, it plak oant de iere midsiuwen ûnbewenne. Nei it Grutte Folkeferfarren wie Diele ien fan de earste plakken in East-Fryslân, dêr't de lju harren wer nei wenjen setten.

Yn de midsiuwen lei hjir in hannelswei fan it Munsterlân nei East-Fryslân oer in hege, drûge geast. Dy wei bleau lang de iennichste mooglikheid om fan it Iemslân nei East-Fryslân te kommen. Diele lei dêr tusken in bocht yn de Iems en in grut feangebiet.

It doarp kaam foar it earst yn de njoggende iuw yn in register fan de Abdij Werden foar as Dilnumarcha. De namme is nei alle gedachten ôflaat fan it Aldfryske wurd dele of dile, itjinge sokssawat "bulte" betsjut en nei de ferhege geastrêch yn de Iemsdelte, dêr't Diele op leit, ferwiist.

Nei alle gedachten waard der yn de 14e iuw begûn mei de oanlis fan de Dielerskâns om it gebiet tsjin oanfallen fan Múnsterlân te beskermjen. Doe't yn de Tachtichjierrige oarloch Nederlânske troepen nei East-Fryslân útwykten, krige Diele in bysûnder strategyske betsjutting. Om't men bang wie foar in ynfal fan de Spanjerts liet men it plak fierder fersterkje en de skânsen fergrutsje. Nei de kriich ferlear de fêsting gaueftich syn betsjutting. It ferdigeningswurk waard noch ferskillende kearen troch bûtenlânske troepen beset, benammen yn de Tritichjierrige Oarloch, doe't earst Hessen, en letter Sweden en Nederlân de fêsting yn hannen hiene. Lang om let waard de fêsting yn 1672 troch Múnsterske troepen ferwoastge.

Healwei de 19e iuw rekke Diele grutten dielen van de ynwenners kwyt troch emigraasje nei de Feriene Steaten. De flechtlingen as gefolch fan de ferdriuwing fan de Dútske befolking út East-Jeropa soarge nei de Twadde Wrâldoarloch wer foar in tydlike oanwaaks fan de Dieler befolking.

Untwikkeling ynwennertal

Jier182318481867188519051925193319461961200120092017
Ynwennertal314487814719590616683801665746574561582

Sjoch ek

Keppeling om utens

 
Weener
Flagge fan Weener
Haadplak: Weener
Doarpen: BeschotenwegDieleDielerheideHalteHolthusenHolthuserheideKirchborgumMöhlenwarfSankt GeorgiwoldStapelmoorStapelmoorerheideTichelwarfVellageWeenermoor
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.