In diel wie de beneaming foar in diel fan Fryslân dêr't in grytman oan 't haad stie. Yn de Saksetiid waarden dielen gritenijen neamd. Gritenijen binne de foarrinners fan gemeenten. De namme 'diel' bleau bestean yn gemeentenammen as bygelyks Utingeradiel of Barradiel.
Skiednis
De dielenen binne foarme út sân distrikten dy't tusken 1345 en 1500 bestienen; dy giene letter op yn de 30 gritenijen. De sân distrikten ûnstiene wer út de âlde goaen, lykas Westergoa, Eastergoa en Sudergoa, ûntstiene as gefolch fan de waaksende befolking yn de Hege Midsiuwen.
Ut Westergoa wei kamen de distrikten Froneckere en Wildinghe. Fronackere waard spjalte yn de Frjentsjerter Fiifdielen dy't út Baarderadiel, Barradiel, Frjentjerteradiel, Hinnaarderadiel en Menameradiel bestie. Wildinghe waard it lettere Wûnseradiel.
Ut Eastergoa wei kamen de distrikten de Noardlike Njoggen en de Súdlike Njoggen. De Noardlike Njoggen waard letter wer opspjalte yn Dantumadiel, Dongeradiel en Ferwerderadiel. De Súdlike Njoggen waard opspjalte yn Idaarderadiel, Ljouwerteradiel en Tytsjerksteradiel. Letter waard Smellingerlân dêr nocch út foarme. Achtkarspelen waard wol ta de Noardlike Njoggen rekkene, alhoewol't dy in wat bysûndere posysje hie, want tsjerklik hearde it lykas de Ommelannen ta it Bisdom Múnster, wylst de rest fan Westerlauwersk Fryslân ta it Bisdom Utert hearde.
Ut Sudergoa wei waarden de distrikten Waghenbrugge en Boarnegoa wei foarme. Waghenbrugge waard opspjalte yn Easterseeïngsterlân, Doanjewerstâl, Himmelumer Aldefurd en Noardwâlde, Mirderalân en Wymbritseradiel. Boarnegoa waard opspjalte yn Opsterlân, Skoatterlân en Boernfurd, dy't letter opspjalte yn Aenjewier, Haskerlân en Utingeradiel waard.
It is net alhiel wis oft Waghenbrughe en Boarnegoa út Sudergoa kamen of út Westergoa en Eastergoa respektivelik. In grut part fan Sudergoa rekke wei yn it wetter fan it Almeare, letter de Sudersee.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|