Dieblich
De Heesenburg yn Dieblich
FlaggeWapen
Polityk
Lân Dútslân
Dielsteat Rynlân-Palts
LandkreisLandkreis Mayen-Koblenz
Sifers
Ynwennertal2.656 (31-12-2019)
Oerflak17,68 km²
Befolkingstichtens150 /km²
Hichte72 m. boppe seenivo
Oar
TiidsôneUTC+1
SimmertiidUTC+2
Websidewww.dieblich.de

Dieblich is in plak oan de Mûzel yn de Dútske dielsteat Rynlân-Palts. It plak hat likernôch 2.400 ynwenners.

Bestjoer

Dieblich makket diel út fan it Landkreis Mayen-Koblenz en heart by de Verbandsgemeinde Rhein-Mosel.

Monuminten

  • Yn it sintrum fan Dieblich stiet de yn 1829 troch de Prusyske arsjitekt Johann Claudius von Lassaulx boude skoalle. Hjoeddedei is hjir it gemeentebestjoer fêstige.
  • De katolike Pfarrkirche St. Johannes waard tusken 1844 oant 1848 troch de arsjitekt Ferdinand Nebel boud.
  • By de tsjerke stiet in fersterke hûs mei de namme Heesenburg. De oarsprong fan it hûs giet werom nei de 13e iuw en wie ea it besit fan de famylje Von der Arken út Koblenz. Yn 1762 erfde frijhear Johann Philipp Ernst von und zu der Hees it hûs.

Natoer

Yn it wetter en oan de seame fan de Mûzel by Dieblich libbet de yn Dútslân tige seldsume Dobbelstiennjirre. De wetterslang hat dêr ien fan de fjouwer Dútske populaasjes. It gebiet dêr't de njirre libbet begjint krekt súdlik fan Dieblich en rint troch oant de Moselgoldbrücke by Niederfell. Fanwegen it foarkommen fan de slang wurdt it gebiet sûnt in jiermennich beskerme. Buorden oan de B-49 ynformearje oer it natoergebiet.

Ofbylden

Keppeling om utens

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is in oersetting fan de Dútske Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis:

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.