Didius Julianus, folút yn it Latyn Marcus Severus Didius Julianus (30 jannewaris 133 of 2 febrewaris 137 – 1 juny 193), wie keizer fan Rome fan 28 maart oant 2 juny 193. Hy kaam oan de macht troch de troan te keapjen. Dat barren wurdt sjoen as it begjin fan de Romeinske boargerkriich yn 193, dy't sawat fjouwer jier duorje soe. Hy waard itselde jier noch ôfset en fermoarde troch syn opfolger Septimius Sevearus.
Libben
Didius Julianus waard grutbrocht yn it húshâlden fan Domitia Lusilla, de mem fan Markus Aurelius en wie konsul yn 175. As generaal hat er meidien oan krigen tsjin de Sjauken en de Sjatten yn Germaanje. Hy wie letter gûverneur fan û.o. de provinsjes Neder-Germaanje, Dalmaasje en Pontus et Bithynia.
Nei de moard op Pertinaks waard de troan troch de praetoriaanske garde by opbod ferkocht oan de heechste bieder. Didius Julianus wie mei syn ûnbidich bod fan 25.000 sestertii foar eltse soldaat de heechste bieder en waard troch de senaat, mei twang fan de militêren as keizer útroppen. Syn frou en dochter krigen beiden de titel Augusta.
Dy gong fan saken joech yn it hiele Romeinske ryk in soad konsternaasje dat trije gûverneurs ûnôfhinklik fan inoar yn opstân kamen om dêr in ein oan te meitsjen. Ien fan harren, Septimius Severus, gie fuortendaliks nei Rome, sette Didius Julianus ôf en liet him ûnthalzje; hy sette de praetoriaanske garde alhiel ôf, dejingen dy't Pertinaks fermoarde hiene liet er deadzje en sparre de oaren.