Diana Rigg
akteur
Diana Rigg yn 1973.
Diana Rigg yn 1973.
persoanlike bysûnderheden
echte nammeEnid Diana Elizabeth Rigg
nasjonaliteit Britsk
berne20 july 1938
berteplakDoncaster (Ingelân)
stoarn10 septimber 2020
stjerplakLonden (Ingelân)
etnisiteit Ingelsk
jierren aktyf19572020
prizenTony Award 1994
Emmy Award 1997
offisjele webside
n.f.t.

Dame Diana Rigg (folút: Enid Diana Elizabeth Rigg; Doncaster, 20 july 1938Londen, 10 septimber 2020) wie in foaroansteand Ingelsk tillefyzje-, toaniel- en filmaktrise. Hja waard bûten har heitelân benammen bekend mei har rol as Emma Peel yn 'e detektivesearje The Avengers (dy't yn Nederlân útstjoerd waard ûnder de titel De Wrekers) en mei har rol as grevinne Teresa di Vicenzo yn 'e James Bond-film On Her Majesty's Secret Service. Op jierren skittere Rigg inkele jierren foar har ferstjerren nochris as Olenna Tyrell yn 'e fantasysearje Game of Thrones.

Libben en karriêre

Jonkheid en oplieding

Rigg waard yn 1938 berne yn Doncaster (no yn Súd-Yorkshire), as de dochter fan Louis Rigg (1903-1968), dy't liedingjaande funksje by de spoarwegen hie, en dy syn frou Beryl Hilda Helliwell (1908-1981). Fan twa moanne oant acht jier âld wenne Rigg yn Bikaner, yn wat no de Yndiaaske steat Radjastan is, yn wat doe de koloanje Britsk-Ynje wie. Har heit wurke dêr by de Bikaner State Railway. Yn dy tiid learde Rigg Hindy oan as twadde taal.

Yn 1946 waard se weromstjoerd nei Ingelân, dêr't se op in kostskoalle foar famkes by Pudsey yn Yorkshire kaam. Rigg fertelde letter dat se in grouwéligen hekel oan har tiid op 'e kostskoalle hie, mar se wie fan miening dat Yorkshire in gruttere ynfloed op 'e foarming fan har identiteit hân hie as Britsk-Ynje. Fan 1955 oant 1957 folge se in oplieding yn aktearjen oan 'e Keninklike Akademy foar de Dramatyske Keunsten yn Londen, dêr't se yn deselde klasse siet as Glenda Jackson en Siân Phillips.

Aktearkarriêre

Rigg begûn har karriêre as aktrise mei in rol yn in opfiering fan The Caucasian Chalk Circle op it Festival fan York yn 1957. Fan 1959 oant 1967 spile se mei de Royal Shakespeare Company. Se briek yn 1965 troch mei har rol as Emma Peel yn 'e Britske detektivesearje The Avengers (yn Nederlân útstjoerd as De Wrekers), wêryn't se de tsjinspylster wie fan Patrick Macnee yn syn rol as John Steed. De rol fan Emma Peel soe oarspronklik spile wurde troch Elizabeth Shepherd, dy't lykwols al nei twa ôfleverings ûntslach krige. It wie foar Rigg hiel koart dei om har op te folgjen, mar it slagge har wûnderwol. Se groeide op slach út ta in sekssymboal (eat dat har skokte). Rigg spile de rol fan Peel oant 1968 yn 51 ôfleverings fan The Avengers. It wie net har favorite tiid; doe't se foar it twadde seizoen easke dat se itselde betelle krije soe as Macnee, waard se troch de media ôfskildere as in ynklauwerige hierlinge. Macnee sei letter yn fraachpetear dat se him ris ferteld hie dat hy en har sjauffeur de iennichsten op 'e set fan The Avengers wiene mei wa't se in freonskiplike omgong hie.

Op it wite doek makke Rigg har debút yn 1968 as Helena yn in filmadaptaasje fan Shakespeare syn toanielstik A Midsummer Night's Dream. Yn 1969 hie se in oare tige bekende rol as de Korsikaanske grevinne Teresa di Vincenzo, dy't mei de Britske geheim agint James Bond trout yn 'e James Bond-film On Her Majesty's Secret Service. Har tsjinspiler yn dy film wie de Australyske akteur George Lazenby. Guon oare films dêr't Rigg yn spile, wiene Julius Caesar (1970), Theatre of Blood (1973), A Little Night Music (1977), Agatha Christie har Evil under the Sun (1982), Snow White (1987, as de boaze styfmem), A Good Man in Africa (1994), Heidi (2005, as de beppe fan Heidi), en Breathe (2017).

Op 'e tillefyzje spile Rigg yn 1973 en 1974 de haadrol yn 'e Amerikaanske komeedzjesearje Diana, dy't lykwols mar in koart libben beskern wie. Se wie ek te sjen yn tillefyzjefilms en minysearjes dy't adaptaasjes wiene fan bekende toanielstikken, lykas Oresteia (1979), Hedda Gabler (1981), Little Eyolf (1982) en King Lear (1983). Ek spile se yn tillefyzjefilms as In This House of Brede (1975), A Hazard of Hearts (1987) en Mrs. ’Arris Goes to Paris (1992), in ferfilming fan 'e roman mei deselde namme fan Paul Gallico. Foar har rol as frou Danvers yn 'e minysearje Rebecca wûn se yn 1997 in Emmy Award. Se waard yn 2001 nochris foar deselde priis nominearre foar har rol as baronesse Louise Lehzen yn 'e minysearje Victoria & Albert, oer de jonge jierren fan keninginne Fiktoaria.

Diana Rigg mei George Lazenby (dy't de rol fan James Bond fertolke) yn Switserlân op 'e set fan 'e film On Her Majesty's Secret Service (1969).

Op jierren spile Rigg fan 2013 oant 2017 de rol fan Olenna Tyrell yn achttjin ôfleverings fan 'e tige populêre fantasytillefyzjesearje Game of Thrones. Foar dy rol waard hja yn 2013, 2014, 2015 en 2018 nominearre foar in Emmy Award en yn 2013 en 2014 ek foar in Critics' Choice Award. Yn deselde snuorje hie Rigg yn 2013 ek in gastrol yn in ôflevering fan 'e science fiction-tillefyzjesearje Doctor Who, spile se yn 2017 Charlotte Montagu Douglas Scott, hartoginne fan Buccleuch yn njoggen ôfleverings fan 'e populêre biografyske minysearje Victoria, en wie se te sjen as harsels yn 'e komyske tillefyzjespecial foar de kryst A Christmas Carol Goes Wrong (2017).

Njonken har karriêre as film- en tillefyzje-aktrise hold Rigg ek har hiele libben oan mei it spyljen fan toanielrollen. Dêrby waard se trijeris nominearre foar in Tony Award: foar har rol yn Abelard and Heloïse yn 1971, foar har rol yn The Misanthrope (1975), en foar har rol yn My Fair Lady (2018). Se wûn de Tony ien kear, yn 1992 foar har rol yn Medéa fan Euripides. Oare toanielstikken dêr't Rigg yn spile, wiene û.m. King Lear, Macbeth, Twelfth Night en Anthony and Cleopatra fan Shakespeare, Pygmalion fan George Bernard Shaw, Who's Afraid of Virginia Woolf fan Edward Albee en The Cherry Orchard fan Anton Tsjechov. Rigg har lêste rol hie se yn 'e film Last Night in Soho, dy't yn 2021 postúm útkaam.

Priveelibben

Yn 'e 1960-er jierren wenne Rigg acht jier lang gear mei regisseur Philip Saville, wat ta kontroverse yn 'e media late om't Saville in stik âlder en boppedat al troud wie. Letter wie se fan 1973 oant har skieding yn 1976 troud mei de Israelyske keunstskilder Menachem Gueffen. Yn 1982 wertroude se mei Archibald Stirling, in toanielprodusint en âld-militêr, mei wa't se yn 1977, fiif jier foar de trouwerij, in dochter krige, de aktrise Rachael Stirling. Yn 1990 liet Rigg har fan Stirling skiede nei't dy in affêre hân hie mei de aktrise Joely Richardson.

Rigg wie fan 1998 oant 2008 kânselier fan 'e Universiteit fan Stirling, yn Skotlân, wat in seremoniële rol is en net in bestjoerlikenien. Se waard yn 1988 beneamd ta kommandeur yn 'e Oarder fan it Britske Ryk (OBE). Yn 1994 krige se it predikaat dame (de froulike foarm fan sir) foar har namme. Rigg begûn mei achttjin jier te smoken en pafte der yn 2009, doe't se 71 wie, op ien dei noch altyd 20 sigaretten trochhinne. Tsjin desimber 2017 wie se dêrmei opholden, nei't har smoken inkele moannen earder in hertoperaasje nedich makke hie. In foech healjier earder wie se beppe wurden, doe't har dochter Rachael en Guy Garvey, de sjonger fan 'e band Elbow, in lytsen krigen.

Ferstjerren

Diana Rigg ferstoar thús yn Londen op 10 septimber 2020 yn 'e âlderdom fan 82 jier. Neffens har dochter Rachael wie de deadsoarsaak kanker, in krupsje dy't yn maart 2020 by har mem fêststeld wie.

Filmografy

Filmografy as aktrise
jiertitelrol of funksjeopmerkings
tillefyzje
1959A Midsummer Night's Dreamfiguranttillefyzjefilm
1961Ondinefigurantútstjoerd toanielstik
1963The Sentimental AgentFrancy Wildegastrol; ôfl. A Very Desirable Plot
1964FestivalAdrianagastrol; ôfl. The Comedy of Errors
1964Armchair TheatreAnita Fendergastrol; ôfl. The Hothouse
1965ITV Play of the WeekBiancagastrol; ôfl. Women Beware Women
1965–1968The AvengersEmma Peelfêste rol; 51 ôfl.
2 × nom. foar in Emmy Award foar bêste aktrise yn in dramasearje
1970ITV Saturday Night TheatreLiz Jardinegastrol; ôfl. Married Alive
1973The Diana Rigg ShowDiana Smythenet útstjoerde pilotôflevering
1973–1974DianaDiana Smythefêste rol; 15 ôfl.
1974Affairs of the HeartGrace Gracedewgastrol; ôfl. Grace
1975In This House of BredePhilippatillefyzjefilm
nom. foar in Emmy Award foar bêste aktrise yn in spesjaal programma (drama of komeedzje)
1975The Morecambe & Wise ShowNell Gwynnesketch yn in krystshow
1977Three Piece Suiteferskaatweromkearende rol; 6 ôfl.
1979OresteiaKlytemnêstraminysearje
1980The MarquiseEloisetillefyzjefilm
1981Hedda GablerHedda Gablertillefyzjefilm
1982Play of the MonthRita Allmersgastrol; ôfl. Little Eyolf
1982Witness for the ProsecutionChristine Voletillefyzjefilm
1983King LearRegantillefyzjefilm
1985Bleak Houselady Honoria Dedlockminysearje
1986The Worst WitchConstance Hardbroomtillefyzjefilm
1987A Hazard of Heartslady Harriet Vulcantillefyzjefilm
1989The Play on OneLydiagastrol; ôfl. Unexplained Laughter
1989Mother LoveHelena Veseyminysearje
BAFTA TV Award foar bêste aktrise
1992Mrs. 'Arris Goes to Parismadame Colberttillefyzjefilm
1993Road to Avonlealady Blackwellgastrol; ôfl. The Disappearance
1993Running DelilahJudithtillefyzjefilm
1993Screen Twobaronesse Frieda von Stangelgastrol; ôfl. Genghis Cohn
1995ZoyaEvgeniatillefyzjefilm
1995The Haunting of Helen Walkerfrou Grosetillefyzjefilm
1996The Fortunes and Misfortunes of Moll Flandersfrou Golightlytillefyzjefilm
1996Samson and DelilahMaratillefyzjefilm
1997Rebeccafrou Danversminysearje;
Emmy Award foar bêste byrol fan in aktrise yn in minysearje of tillefyzjefilm
1998The Americanmadame De Bellegardetillefyzjefilm
1998–2000The Mrs Bradley MysteriesAdela Bradleyfêste rol; 5 ôfl.
2000In the Beginningde folwoeksen aartsmem Rebekkatillefyzjefilm
2001Victoria & Albertbaronesse Louise Lehzenminysearje;
nom. foar in Emmy Award foar bêste byrol fan in aktrise yn in minysearje of tillefyzjefilm
2003Murder in MindJill Craiggastrol; ôfl. Suicide
2003Charles II: The Power and the Passionkeninginne Hinriëtte Marijeminysearje
2006Extrasharselsgastrol; ôfl. Daniel Radcliffe
2013–2017Game of ThronesOlenna Tyrellweromkearende rol; 18 ôfl.;
4 × nom. foar in Emmy Award foar bêste gastaktrise yn in dramasearje
2 × nom. foar in Critics' Choice Television Award foar bêste gastoptreden yn in dramasearje
2013Doctor WhoWinifred Gillyflowergastrol; ôfl. The Crimson Horror
2015Penn Zero: Part-Time Heroboargemaster Pink Pandaas stimaktrise; weromkearende rol; 3 ôfl.
2015You, Me and the ApocalypseSuttonweromkearende rol; 5 ôfl.
2015Professor Branestawm Returnslady Pagwelltillefyzjefilm
2017DetectoristsVeronicaweromkearende rol; 6 ôfl.
2017VictoriaCharlotte Montagu Douglas Scott, hartoginne fan Buccleughweromkearende rol; 9 ôfl.
2017A Christmas Carol Goes Wrongharsels / fertelstertillefyzjespecial yn it ramt fan 'e kryst
2019The Snail and the Whalefertelsterkoarte tekenfilm
2020All Creatures Great and Smallfrou Pumphreygastrol; 2 ôfl.
2020Black Narcissusmem Dorotheapostúm útstjoerd
films
1968A Midsummer Night's DreamHelena
1969Mini-Killers ?koarte film
1969The Assassination BureauSonya Winter
1969On Her Majesty's Secret Servicegrevinne Teresa "Tracy" di Vincenzo
1970Julius CaesarPortia
1971The HospitalBarbara Drummondnom. foar in Golden Globe foar bêste byrol fan in aktrise yn in spylfilm
1973Theatre of BloodEdwina Lionheart
1977A Little Night Musicgrevinne Charlotte Mittelheim
1981The Great Muppet Caperlady Holiday
1982Evil Under the SunArlena Marshall
1987Snow Whitede boaze styfmem
1994A Good Man in AfricaChloe Fanshawe
1999Parting ShotsLisa
2005Heidibeppe fan Heidi
2006The Painted Veilmem-oerste
2015The Honourable Rebelfertelster
2017Breathelady Neville
2021Last Night in Sohofrou Collinspostúm útbrocht

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.


This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.