Devil's Film | ||
algemien | ||
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
type | privaat | |
sektor | pornografyske filmstudio | |
haadkertier | Chatsworth (Kalifornje) | |
oprjochte | 1997 | |
offisjele webside | ||
devilsfilm.com |
Devil's Film is in Amerikaanske pornografyske filmstudio dy't fêstige is yn Chatsworth, yn 'e steat Kalifornje. Sûnt syn oprjochting yn 1997 hat dizze studio him talein op it produsearjen fan gonzo, it út 'e losse hân filme reality-subsjenre fan 'e pornografy, benammen op it mêd fan swingers en gangbangs, en fan oare spesifike subsjenres, lykas ynterrasiale pornografy, transseksuële pornografy en milfpornografy.
Yn 2009 bejoech Devil's Film him ek op 'e merk fan 'e pornografyske parodyen, mei de film Coctomom, dy't de gek hie mei rabbelblêdesensaasje Nadya Suleman, byneamd "Octomom", nei't se troch reägearbuisbefruchting in achtling te wrâld brocht. Neitiid folgen parodyen op û.m. de tillefyzjesearjes Big Love, Mad Men en The Bachelor, de jierren tachtich-film Fast Times at Ridgemont High en de fampierfimsearje The Twilight Saga. Devil's Film hat twa dochterûndernimmings: de studio's The L Factor, dy't lesbyske porno produsearret, en GoodFellas Productions, dy't him taleit op transseksuële pornografy, wêrûnder de film Americ's Next Top Tranny, in parody op 'e realitysearje America's Next Top Model. Yn april 2013 makke de Giant Media Group, dêr't û.m. seksboartersguodprodusint Pipedream Products ta heart, bekend dat it Devil's Film oankocht hie.
Keppelings om utens
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |