Logo fan de Deutsche Bahn op in lokomotyf.
In ICE 1 op it nije spoar twiske Neurenberch–Ingolstadt

Deutsche Bahn AG (ôfkoarte; DB) is it grutste spoarwegebedriuw fan Jeropa. It bedriuw hat alle dagen mear as 30,000 treinen riden en hat mear as 5,000 treinstasjons. It bedriuw hat it haadkertier yn Berlyn, Dútslân.

De DB waard op 1 jannewaris 1994 oprjochte om de Deutsche Bundesbahn, it spoarwegebedriuw fan West-Dútslân, en de Deutsche Reichsbahn, it spoarwegebedriuw fan East-Dútslân.

DB is ek warber op it mêd fan logistyk en is eigner fan bedriuwen sa as Schenker. DB seit oer himsels dat hja it twadde grutste ferfiersbedriuw op 'e wrâld binne.

Treinsoarten

De DB hat de neikommende spoarlinen, om better oan te tsjutten om wat foar in trein it giet:

  • InterCityExpress (ICE): faasjetrein, dy't 300 km yn it oer ride kin.
  • InterCity / EuroCity (IC/EC): lange ôfstântrein dy't in maksimum faasje fan 200 km yn it oer hat. De EC is de ynternasjonale fariant fan de IC, mar der binne ek IC treinen dy't om utens ride. Binnen Dútslân binne de EC-treinen wat status oanbelanget lykweardich oan IC-treinen.
  • InterRegio (IR): langeôfstântrein dy't ûnderweis mear hohâld. Hat likernôch deselde faasje as de IC. Dy treinkategory moast fuort fanwegen jildbesparjen en it herstrukturearringbelied. In soad ferbinings binne opheven, in stikmannich feroare nei IC en in lyts tal linen naam de DB regio foar har noed.
  • InterRegioExpress (IRE): ynterregionale faasjetreinen dy't guon IR-treinen út it stee krongen hawwe.
  • RegionalExpress (RE): trein dy't op guon linen as stoptrein rydt, kin 160 km yn it oere.
  • RegionalBahn (RB): trein dy't wat faker hohâld.
  • S-Bahn (S): "stêdstrein". Trein ferbining boppe de grûn yn stêden. Hat soms wol wat fan in tram, mar kin likegoed op it treinnetwurk oansletten wêze.

Keppeling om utens

Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Deutsche Bahn fan Wikimedia Commons.
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.