Deus ex machina (útspr.: ['deus ɛks mɑ:kʰinɑ:], likernôch: "dee-ûs eks maakinaa") is in Latynske útdrukking dy't eins in lienfertaling is fan it Grykske ἀπὸ μηχανῆς θεός, apò mēkhanês theós, dat "god út 'e masine" betsjut. Dizze term fynt syn oarsprong yn 'e iere Aldgrykske trageedzjes, dêr't in masine yn brûkt waard om akteurs dy't goaden spilen boppe it poadium 'sweve' te litten, troch se út in lûk yn it plafon boppe it poadium oan in tou omleechsakje te litten. It idee foar sa'n opkomst en de masine dy't derfoar nedich wie, waard betocht troch de toanielskriuwer Aiskylos.
Tsjintwurdich wurdt mei deus ex machina net sasear in fysyk barren yn 'e plot, as wol in ferteltechnyk bedoeld, wêrby't in skynber ûnoplosber probleem ynienen en abrupt oplost wurdt troch de hommelse (en soms forsearre) yntervinsje fan in nij foarfal, personaazje of fermogen. Ofhinklik fan 'e omstannichheden kin dit in manear foar de skriuwer wêze om fierder te kommen as er 'himsels yn in hoeke ferve' hat en gjin oare útwei mear sjocht, mar it kin ek mei opsetsin dien wurde om it publyk oer it mad te kommen of om foar in happy end te soargjen. De lêzer, sjogger of harker (ôfhinklik fan it medium) beskôget soks faak as in antyklimaks.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en References, op dizze side. |