Departemint fan de Skelde en Maas Departement van de Schelde en Maas | |
---|---|
1798-1801 | |
flagge | wapen |
geografyske lokaasje | |
Departemint fan de Skelde en Maas (loftsûnder grien) yn 1798 | |
polityk | |
lân | Bataafske Republyk |
haadstêd | Middelburch |
talen | Nederlânsk, Siuwsk |
foarm | Departemint fan de Bataafske Republyk |
ûntstien út | Greefskip Seelân Greefskip Hollân Bataafsk Brabân |
opgien yn | Departemint Seelân Departemint Hollân Departemint Bataafsk Brabân |
no diel fan | Provinsje Seelân Provinsje Súd-Hollân Provinsje Noard-Brabân |
sifers | |
ynwennertal | |
befolkingstichtens | |
oerflak |
Departemint fan de Skelde en Maas wie de namme fan in departemint fan de Bataafske Republyk dat bestien hat fan 1798 oant 1801. De haadstêd wie Middelburch.
It omfieme, nei it opnij besjen fan de grûnwet yn 1798, likernôch it grûngebiet fan de eardere goaen Seelân (mar sûnder Siuwsk-Flaanderen), Hollân (besuden de Maas) en it westlik diel fan Bataafsk-Brabân.
By de opstelling fan it Steatsbewâld yn 1801 waard it departemint wer opheft en jilden de âlde grinzen fan de goaen op 'en nij: de departeminten Brabân, Hollân en Seelân waarden ynsteld.
Yndieling
Boppe de ferskate steds- en doarpsbestjoeren bestie it departemint fan de Skelde en Maas ek út sân 'ringen'. In 'ring' wie in bestjoerlike laach dy't hjoed-de-dei tusken it gemeentlik en provinsjale nivo sitte soe.
Ring | Haadplak | Ynwennertal (1798)[1] |
---|---|---|
Ie | Middelburch | 32821 |
IIe | Goes | 30791 |
IIIe | Sieriksee | 30576 |
IVe | Steenbergen | 29947 |
Ve | Breda | 31574 |
VIe | Doardt | 31350 |
VIIe | Brielle | 30123 |
Keppeling om utens
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Bataafsk-Brabân (fan 1796 ôf) • Fryslân • Gelderlân • Hollân • Oerisel • Seelân • Stêd en Lân • Utert |
Alde Isel • Amstel • Delf • Dommel • Iems • Ryn • Skelde en Maas • Teksel |