Brielle (ek wol, benammen histoarysk, Den Briel) is in stêd en eardere gemeente yn de Nederlânske provinsje Súd-Hollân dat leit op it eilân Foarne. De eardere gemeente beslacht 31,32 km² wêrfan’t 3,71 km² wetteroerflak is. Yn de eardere gemeente Brielle lizze ek de doarpen Vierpolders en Zwartewaal. Brielle hat 12.160 ynwenners. De eardere gemeente is ûnderdiel fan it gearwurkingsferbân Stedsregio Rotterdam en de Metropoalregio Rotterdam-De Haach.
Sûnt 2023 is Brielle part fan de nije gemeente Foarne oan See.
Brielle leit oan de Brielske Mar, in ôfdamme stik fan de Maas dat as rekreaasjegebiet ûntwikkele is. It leit oan de eastkant fan de âlde fargeul Brielske Gat.[1] Oant 1700 waard dat wetter brûkt as ferbining nei Rotterdam, dêrnei waard it troch fersâning minder goed befarber. It Goereeske Gat wie in alternatyf.
Skiednis
Brielle, yn de midsiuwen de fyfde stêd fan it gewest Hollân, is in âlde festingstêd en it bekendste beafearstplak fan Súd-Hollân. De foar it meastepart santjinde iuwske festing fan Brielle is in ryksmonumint en ien fan de bêst bewarre ferdigeningswurken fan Nederlân.
De namme giet werom op it Keltyske wurd 'brogilo' ('ynsletten gebiet, jachtgebiet') en út âlde geskriften blykt, dat de hjoeddeiske lokaasje 'de nije Briel' is. Yn de 11e en 12e iuw bestie Voorne út in pear lytse en grutte eilantsjes. Op dy eilannen fêstigen har boerefamyljes. Se ûntgûnen feangrûnen dy’t se dêrnei yn gebrûk nommen foar lânbou en feehâlderij, mar dizze gebieten oerstreamden geregeldwei troch de Noardsee en de Maas. De boerefamyljes leine dêrom diken oan sadat se yn dy gebieten dochs wenjen bliuwe koene. Troch de oerstreamings waard it ûntgûne lân in eilân en sa ûntstie stadichoan Brielle. De Grutte of Sint-Catharijnetsjerke waard boud en in soad kleasters ûntstiene dêr’t de stêd fierder omhinne boud is.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |