Dené-Jenisejaanske talen | ||
algemien | ||
lokaasje | Noard-Amearika en Sibearje | |
tal talen | ±52 | |
tal sprekkers | ±215.000 (2010) | |
taalbesibskip | ||
taalfamylje | gjin algemien akseptearre heger nivo fan taalfamylje | |
subgroepen | ● Jenisejaansk ● Na-Dené |
De Dené-Jenisejaanske talen foarmje in taalfamylje besteande út talen dy't sprutsen wurde yn it noardwesten en súdwesten fan Noard-Amearika en teffens yn sintraal Sibearje, yn it streamgebiet fan 'e rivier de Jenisej. De taalfamylje falt útinoar yn 'e Na-Dené-talen út Noard-Amearika en de Jenisejaanske talen út Sibearje. De ôfstamming fan dy beide taalgroepen fan ien mienskiplike oertaal waard yn 2008 ûntdutsen troch taalkundige Edward Vajda. De Eskimo-Aleoetyske talen bûten beskôging litten is dit de earste bewiisde geneälogyske link tusken talen út 'e Alde Wrâld en de Nije Wrâld dy't ea ûntdutsen is. De grutste taal fan dizze famylje is it Navaho, út Nij-Meksiko en Arizona mei sa'n 170.000 sprekkers.
Taalkundich ûndersyk
In mooglik ferbân tusken de Jenisejaanske talen fan sintraal Sibearje en de Na-Dené-talen fan Noard-Amearika waard foar it earst yn 1923 foarsteld troch de taalkundige Alfredo Trombetti. Hy ferwiisde dêrby benammen nei typologyske skaaimerken fan 'e beide taalfamyljes, yn 't bysûnder nei it feit dat beide in yngewikkelde agglutinative ynkorporaasje hawwe wêrby't tiidwurden as foarheaksels oan oare wurden tafoege wurde, in taalstruktuer dy't ôfwykt fan 'e measte oare talen yn Aazje en de Amearika's.
Yn 1998 publisearre Merritt Ruhlen it earste serieuze wittenskiplike artikel dat it bestean fan in Dené-Jenisejaanske supertaalfamylje bewize woe yn it Amerikaanske faktydskrift Proceedings of the National Academy of the Sciences. Datselde jiers suggerearre Michael Fortescue ûnôfhinklik fan Ruhlen it bestean fan in Dené-Jenisejaanske taalfamylje yn syn boek Language Relations across the Bering Strait (wêryn't de auteur trouwens ek kommentaar leveret op syn kollega's, dy't er omskriuwt as optimistyske 'bultesmiters' en pessimistyske 'aparthâlders'.)
Op in taalkundich sympoasium dat yn febrewaris 2008 yn Alaska holden waard, hold taalkundige Edward Vajda fan 'e Universiteit fan Westlik Washington (WWU) in lêzing wêryn't er tsien jier fan yngeand ûndersyk gearfette mei de konklúzje dat der nei alle gedachten yndie in geneälogysk ferbân bestie tusken de Jenisejaanske talen en de Na-Dené-talen. Yn 2010 publisearre er dêroer it wittenskiplik artikel The Dené-Yeniseian Connection yn it boek Anthropological Papers of the University of Alaska, dat alle lêzings fan it sympoasium omfiemet.
It bewiismateriaal dat Vajda oanfierde, besloech mear as 110 korrespondearjende morfemen en likernôch tsien homologe prefiks- en suffiksposysjes fan tiidwurden. Vajda ferliek de besteande rekonstruksjes fan it Proto-Jenisejaansk en it Proto-Na-Dené mei-inoar, folle dy oan op grûn fan 'e skynbere relaasje tusken dy beide oertalen, en suggerearre klankferskowings dy't se gearbrochten ta ien ûnderstelde Proto-Dené-Jenisejaanske oertaal. Teffens suggerearre er dat de tonale ferskillen yn 'e Jenisejaanske talen har oarsprong hawwe kinne yn 'e oan- of ôfwêzigens fan glottalisearre konsonanten yn 'e wurdlideinen, sa't dy noch altyd besteane yn 'e Na-Dené-talen.
Vajda syn foarstel foar it bestean fan in Dené-Jenisejaanske taalfamylje is oer it algemien geunstich ûntfongen troch ekspêrs op it mêd fan 'e Jenisejaanske talen en de Na-Dené-talen. De iennichste taalkundige fan namme dy't net oertsjûge wie, wie Lyle Campbell, dy't in kritysk kommentaar op Vajda syn ideeën skreau. Fierder taalkundich ûndersyk troch oare linguïsten hat útwiisd dat it by de Dené-Jenisejaanske talen nei alle gedachten net giet om in oarsprongsgebiet yn sintraal Sibearje of Sintraal-Aazje; ynstee wurdt it oarsprongsgebiet fan 'e talen yn 'e krite fan 'e Beringstrjitte pleatst, dêr't guon folken wei nei it easten ta, nei Noard-Amearika, migrearre wêze soene, en oaren werom nei it westen ta, nei sintraal Sibearje.
Grutter ferbân
Guon taalkundigen hawwe besocht om 'e Dené-Jenisejaanske talen yn in noch grutter ferbân te pleatsen, wêrby't fanwegen in ferlykbere tiidwurdstruktuer gauris in bân lein wurdt mei de Noardwestkaukazyske talen (Abgazysk, Sirkassysk, ensfh.) en/of de Noardeastkaukazyske talen (Tsjetsjeensk, Avaarsk, ensfh.), en fierders mei isolearre talen as it Soemearysk út 'e Aldheid en it Boerûsjasky út 'e westlike Himalaya. De resultearjende hypotetyske taalfamylje wurdt yn 'e regel beneamd as de Dené-Kaukazyske talen. Edward Vajda hat hjiroer sein dat er gjin bewizen fûn hat foar it bestean fan sa'n grutter ferbân, mar oan 'e oare kant hat er sels ek gjin bewizen fine kinnen foar in bân tusken it Haida fan 'e Keninginne Sjarlotte-eilannen en de rest fan 'e Na-Dené-talen, dêr't it Haida likegoed gauris ta rekkene wurdt.
Underferdieling
|
Wurdferliking
Hjirûnder in ferliking tusken guon wurden út it Kettysk, de iennichste noch libbene Jenisejaanske taal, en it Navaho, de grutste Na-Dené-taal:
wurd | Kettysk | Navaho | |
---|---|---|---|
Syrillysk | IPA | ||
'stien' | ты’сь | təˀs | tsé |
'foet' | ки’сь | kiˀs | (a)keeʼ |
'âld' | синь | sīn | sání |
'slange' | тиг/тих | tìɣ | tłʼiish |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Bibliography, op dizze side. |