Meidielingboerd by de Dútsk-Dútske grins, Achtung Demarkationslinie 100 m

In demarkaasjeline (fan it Frânske démarcation dat wer ôflaat is fan it Aldfrankyske Mark itjinge "grinslân betsjut), bestânsline of wapenstilstânline is yn de ynternasjonale polityk in grins dy't oerienkommen is, benammen nei in wapenstilstân of in wapenskoft. In demarkaasjeline wurdt gauris net as in permaninte grins sjoen, mar as in tydlike oplossing.

Afrika

  • Marokkaanske Muorre: line tusken it troch Marokko bestjoerde westlike part en de Frije Sône yn de Westlike Sahara

Amearika

Aazje

Midden-Easten

  • Blauwe Line is in demarkaasjeline tusken Libanon en Israel
  • Griene Line (Israel) is in demarkaasjeline ferwizende nei it wapenskoft fan 1949 tusken Israel en syn buorlannen Egypte, Jordaanje en Syrje.
  • Griene Line (Libanon) is in demarkaasjeline yn de Libaneeske haadstêd Beirût dy't it kristlike East-Beirût fan it islamityske West-Beirût faninoar skaten yn de Libaneeske Boargerkriich fan 1975 oant 1990.

Súd- en East-Aazje

  • McMahon-line is in demarkaasjeline tusken Yndia en Sina dy't yn 1914 oerienkommen waard tusken it Britske Ryk, Sina en Tibet.
  • Militêre Demarkaasjeline is in demarkaasjeline op de grins tusken Noard- en Súd-Koreä dy't yn 1953 fêststeld waard.
  • Line of Control is in demarkaasjeline tusken Yndia en Pakistan oer it bestridene gebiet Kasjmier

Jeropa

  • Curzon-line wie in demarkaasjeline dy't yn 1920 troch de Britske minister fan Bûtenlânske Saken Lord Curzon foarsteld waard as in mooglike wapenstilstânline tusken Poalen yn it westen en de Sovjetrepubliken yn it easten nei de Poalsk-Russyske Kriich (1919-1921). De hjoeddeistige grins fan Poalen mei Wyt-Ruslân en de Oekraïne folget foar it grutste part de Curzon-line.
  • De Foch-line wie in tydlike demarkaasjeline tusken Poalen en Litouwen dy't troch de Alliearden foarsteld waard.
  • De demarkaasjeline yn Frankryk tusken Vichy-Frankryk en it troch nazy-Dútslân besette part fan Frankryk fan 1940 oant 1942.
  • De Oder-Neissegrins waard troch de Bûnsrepublyk Dútslân foar in lang skoft sjoen as in demarkaasjeline tusken de DDR en Poalen yn plak fan as in permaninte grins.
  • De Dútsk-Dútske grins tusken West- en East-Dútslân fan 1949 oant 1990 waard troch West-Dútslân as in demarkaasjeline sjoen.
  • De grins tusken Syprus en Noard-Syprus dy't yn 1974 ta stân kaam.

Sjoch ek

  • Demilitarisearre sône
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.