Rin fan de Delaware

De Delaware is in rivier dy't lyk op rint mei de Atlantyske kust fan de Feriene Steaten.

De Delaware waard foar it earst op de kaart set troch Henry Hudson yn 1609. De kolonisten yn Nij-Nederlân neamden de rivier de "súdlike rivier". De rivier wie de grins tusken Nij-Nederlân (oan de eastigge) en Nij-Sweden (oan de westigge). Ut de lêste koloanje ûntstiene de steaten Delaware en Pennsylvania.

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.