It Lêste Oardiel fan Michelangelo yn de Sikstynske Kapel
It Lêste Oardiel troch Stefan Lochner om 1435 hinne, yn it Wallraff-Richartz-Museum yn Keulen
Printinge fan it Lêste Oardiel, makke troch Johannes Wierix yn de 16e iuw
De Dei fan it Oardiel troch William Blake út 1808 ta yllustraasje fan Robert Blair syn gedicht The Grave

De Dei fan it Oardiel, it Lêste Oardiel of de Jongste Dei of Einichste Dei is yn de leauwen fan it kristendom, joadendom, islaam en it bahaïsme, yn de snuorje fan de eintiid, de dei dat God syn oardiel oer alle minsken, libjend en dea, útsprekke sil. De Dei fan it Oardiel foarmet de kearn fan de eskatology fan de Abrahamityske religyen.

It foarfal wurdt neamd yn de fjouwer kanonike evangeeljes yn it Nije Testamint. Guon kristenen leauwe dat de Dei fan it Oardiel yn de mande mei it Weromkommen fan Jezus is, wylst oaren fan betinken binne dat it Lêste Oardiel nei it tiidrek fan it Tûzenjierrich Ryk barre sil.

Yn it kristendom

Bibelske boarnen

Yn de Bibel wurdt yn it Alde en it Nije Testamint sprutsen fan de eintiid, dêr't libbenen en deaden oardiele wurde sille. Om't de Dei fan it Oardiel in soad yn de Bibel neamd wurdt, nimt it yn de kristlike eskatology in wichtige plak yn. De Dei fan it Oardiel sil neffens de Iepenbiering fan Jehannes plakfine yn it tiidrek fan it Tûzenjierrich Ryk en wurdt it dêryn it oardiel foar "de grutte wite troane" neamd (Iepenbiering 20:11). Dan sille alle deaden út harren grêven wei ferrize om dan yn 'e mande mei de libbenen oardiele te wurden fan wat se yn it libben dien hiene. Njonken de duvel en syn fallen ingels, wurde de minsken dy't God ôfwiisd hawwe, foargoed fan God ôfsnien en yn 'e fjoerpoel smiten. Minsken dy't de genede fan God oannaam hawwe troch Jezus Kristus as harren ferlosser fan sûnden oan te nimmen, en te leauwen dat troch him it ivige libben te ervjen is, sille se rjochtfeardige wêze yn de eagen fan God en it ivige libben ervje ûnder in nije himel, op in nije ierde. God sil dan yn harren midden wenje. Neffens de Bibel hat God in boek, it Boek fan it libben, dêr't it litten en dwaan fan de minsken byholden wurdt, op grûn wêrfan't se yn it hjirneimels foar de himel bestimd binne.

  • Mattéus 10:15. "Dit sis Ik jimme: foar Sodom en Gomorra sil it op 'e oardielsdei better út te hâlden wêze as dy stêd".
  • Mattéus 11:22. "Ja, Ik sis jimme, foar Tyrus en Sidon sil it op 'e oardielsdei better út te hâlden wêze as foar jimme".
  • Mattéus 12:36,37. "Mar Ik sis jimme: fan elk hol wurd dat de minsken sizze, sille se rekkenskip jaan moatte op oardielsdei. Op grûn fan jins wurden sil men by de goeden rekkene wurde, op grûn fan jins wurden sil men feroardiele wurde".
  • 2 Petrus 2:9. "Sa wit God ek de fromme minsken út 'e besiking te rêden, en dy't ferkeard binne te straffen en fêst te hâlden foar de dei fan it oardiel".
  • 2 Petrus 3:7. "De himel en ierde fan no binne troch itselde wurd bewarre om ferbaarnd te wurden de deis fan it oardiel".
  • 1 Jehannes 4:17. "Hjiryn komt by ús de leafde ta syn doel, dat wy frijmoedichheid hawwe de deis fan it oardiel, want lykas Kristus, sa libje wy ek yn dizze wrâld".

Eachpunten

Amilennialisme

De Wikipedy hat ek in side Amilennialisme.

Neffens it eachpunt fan it amilennialisme bestiet it Tûzenjierrich Ryk net letterlik, mar earder symboalysk. Neffens amilennialisten is it Tûzenjierrich Ryk al begûn mei it begjin fan de tsjerkeskiednis en sil einigje wannear't Jezus wer weromkomt om de libbenen en de deaden te oardieljen. Dit eachpunt wurdt oannaam troch de tradisjonele kristlike streamings lykas de Roomsk-katolike, Eastersk-otterdokse, Anglikaanske en kalvinistyske tsjerken.

Milennialisme

De Wikipedy hat ek in side Milennialisme.

Neffens guon protestantske streamings, dy't leauwe neffens it milennialisme, wurdt it Lêste Oardiel foar de grutte wite troane útsprutsen troch Jezus Kristus, dêr't minsken it ivige libben ervje sille of yn 'e fjoerpoel smiten wurde sille. Felossing sil jûn wurde troch genede oan elts dy't Jezus Kristus as ferlosser en ferjouwer fan de skulden oannimt. Foar de minsken dy't de genede fan God ûntfongen hawwe, is der dan ek noch in twadde oardiel, neffens it Boek fan it libben, dêr't minsken beleand wurde sille neffens harren kristlike libben op ierde.

Wat der tusken it ferstjerren en de Dei fan it Oardiel bart, is in soad ûnwissichheid oer. Guon leauwe dat alle minsken yn it grêf sliepe oant se wer ferrize sille op 'e oardielsdei, wylst oaren leauwe dat kristenen yn de himel binne en de heidenen oer de ierde dwale. Wer oaren tinke dat dy tiid fuort en daliks foarby strykt. Nettsjinsteande, sil it lichem net earder opnaam wurde ear't de dea foargoed ferslein wurdt nei de Grutte benearing.

Protestantske milennialisten falle rûchwei yn twa kategoryen: it premilennialisme, dêr't it weromkommen fan Jezus foar it Tûzenjierrich Ryk (milennium) barre sil, en it postmilennialisme, dêr't it weromkommen fan Jezus neitiids plakfine sil.

Dispensasjonale premilennialisten leauwe oer it algemien dat de tsjerke en Israel faninoar skaat binne en leauwe ek dat Jezus weromkomt foar de grutte benearing plakfynt. Dêrnei sil er foar in twadde kear weromkomme.

Yn it joadendom

Yn it joadendom besteane der ferskate ideeën oer de oardielsdei. Guon binne fan betinken dat der sa'n dei wêze sil nei de opstanning fan de deaden. Oaren tinke dat it oardielen bart nei't der immen ferstoarn is. Wer oaren tinke dat de oardielsdei allinnich foar net-Joadske minsken fan tapassing is.

Yn de islaam

Neffens de islaam is Yawm al-Qiyāmah (Arabysk: يوم القيامة‎ "de Dei fan de Opstanning") of Yawm ad-Din (Arabysk: يوم الدين‎ "de Dei fan it Oardiel") it lêste oardiel fan God oer de minskheid. De folchoarder fan de foarfallen binne de ferneatiging fan alle skepsels, opstanning fan it lichem, en it oardielen fan elts bewustwêzend skepsel. In elts wurdt beleane of feroardiele foar syn hanneljen.

It presize stuit wit gjinien fan ôf, mar der sille grutte en lytse tekens ferskine, dy't justjes foar de tiid fan Qiyammah (eintiid) barre sille. Der wurdt leaud dat foar Qiyammah twa gefaarlike en kwea-aardige stammen, Yajuj en Majuj (Gog en Magog) frijlitten wurde. Oare tekens binne it sketterjen fan de earste trompet troch de aartsingel Israfil, en it kommen fan genederein dy't feroarsaakje sil dat minsken fan in lyts stikje fan harren sturtbonke waakse sille dy't nea fergean sil, sels net yn it grêf. In soad fersen yn de koraan, benammen de eardere, neame in soad oer it neioan wêzen fan de Dei fan de Opstanning.

It leauwen yn de Dei fan it Oardiel is fan krúsjaal belang foar alle moslims. It is ien fan de seis pylders fan it leauwen yn de islaam. De tiid fan benearing is beskreaun yn de koraan en de hadith. Eltse minske, moslim en net-moslim, sil troch God beoardiele wurde.

Yn it bahaïsme

Neffens de Báb en Baha'u'llah, de stifter fan it Bahaïsme is der mar ien trochrinnende religy fan God dêr't om de tûzen jier der in boadskipper of profeet, Rasul al-Nabii (troch bahaïsten de Manifestaasje fan God neamd) op ierde komt en fernij it Keninkryk fan God op ierde en stiftsje in nij ferbûn tusken God en de minske. Eltse kear dat der in Manifestaasje fan God komt, wurdt it as de Dei fan it Oardiel, Dei fan de Opstanning of de "Lêste Oere" beskôge foar de leauwigen en net-leauwigen fan de foarige Manifestaasje fan God.

Neffens it Bahaïsme is it kommen fan de Báb de foarseine Mahdi, en it kommen fan Baha'u'llah it weromkommen fan Jezus troch syn iepenbiering, dy't de Dei fan it Oardiel betsjut sa't dy troch Mohammed foarsein waard en de Dei fan de Opstanning sa't dy troch de Bayan foarsein waard.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.