Dei fan de Deaden
Día de los Muertos
plak en tiid
lân Meksiko
plakhiele lân
datum12 novimber
bysûnderheden
oare nammeDía de (los) Muertos
oanliedingkultureel, religieus
soarte evenemintbetinking
org. trochnimmen (folksfeest)
besibbe meiAlderheljen, Aldersielen,
   Halloween

De Dei fan de Deaden (Spaansk: Día de los Muertos of Día de Muertos) is in Meksikaanske hjeldei, dy't elts jier troch Meksikanen yn harren heitelân en om utens fierd wurdt yn 'e nacht fan 1 op 2 novimber. Dizze hjeldei is fan âlds ferbûn mei de roomske hjeldagen Alderheljen en Aldersielen, en kin karakterisearre wurde as in betinking fan ferstoarne famyljeleden en freonen. Lykwols wurdt de Dei fan 'e Deaden oer it algemien ôfskildere as in feestdei ynstee fan in dei fan rou. Santa Muerte is de hillige dy't mei dizze hjeldei ferbûn is.

Gebrûken

De Meksikaanske folkloare wol dat de sielen of geasten fan 'e ferstoarnen op 'e Dei fan 'e Deaden foar in nacht weromkeare kinne nei de wrâld fan 'e libbenen. Tradysjes yn it ramt fan 'e hjeldei binne it opsetten fan in hûsalter of ofrenda foar de ferstoarnen dy't men betinke wol, it earjen fan 'e deaden mei Azteekske goudsjeblommen en harren leaflingsiten en -drinken, en it besykjen fan 'e grêven mei dy geskinken. Symboalen fan 'e Dei fan 'e Deaden binne plassen (skedels) en bonken. Sa wurde foar de hjeldei suertsjes yn 'e foarm fan plassen makke (saneamde calavera's), en wurdt der bôle yn 'e foarm fan bonken bakt.

Skiednis

Meksikaanske saakkundigen binne ferdield oer de fraach oft de Dei fan 'e Deaden in synkretistyske hjeldei is dy't prekolumbiaanske woartels hat yn 'e religy en/of de kultuer fan 'e Azteken en de oare Yndiaanske folken fan Meso-Amearika. Guon miene fan al, wylst oaren de Dei fan 'e Deaden sjogge as in tweintichste-iuwske omneaming fan 'e alâlde Spaanske roomske tradysje fan Alderheljen en Aldersielen.

Yn dy lêste optyk soe de Dei fan 'e Deaden, sa't dy no bestiet, fuortkommen wêze út 'e ideology fan it indigenismo ("lânseigenheid"), dy't benammen sûnt it begjin fan 'e tweintichste iuw troch ferskate linkse en anty-klerikale Meksikaanske regearings útsutele en oanfitere waard. Fral it regear fan Lázaro Cárdenas, yn 'e 1930-er jierren, besocht aktyf in lânseigen Meksikaansk nasjonalisme troch in 'Azteekske' identiteit oan te moedigjen. De Dei fan 'e Deaden soe dêrtroch as in folksfeest formeel isolearre wêze fan syn oarsprong yn 'e formele lear fan 'e Roomsk-Katolike Tsjerke.

In alter (ofrenda) fersierd mei skedels en goudsjeblommen.

In wichtige en tige ynfloedrike foarstanner foar de fiering fan 'e Dei fan 'e Deaden as ferfanger fan it roomske Alderheljen en Aldersielen wie de skriuwer en Nobelpriiswinner Octavio Paz. Yn 2008 waard de Dei fan 'e Deaden opnommen op List fan Ymmaterieel Erfgoed fan 'e UNESCO.

Tsjintwurdige tastân

Hjoed oan 'e dei is de Dei fan 'e Deaden in wichtige drager fan 'e Meksikaanske kultuer wurden en dêrmei in nasjonaal symboal. As sadanich wurdt it yn it Meksikaanske ûnderwiis ek oan 'e skoalbern leard, wêrby't ornaris in prekolumbiaanske, lânseigen oarsprong beweard wurdt. Yn Meksiko wurdt yn 'e regel de ferkoarte Spaansktalige namme Día de Muertos ("Dei fan Deaden" of "Deadedei") brûkt, mar Spaansktaligen (ek Meksikanen) bûten Meksiko sprekke almeast fan 'e Día de los Muertos ("Dei fan de Deaden"). Yn Spanje, oare Latynsk-Amerikaanske lannen en de Filipinen wurde soartgelikense rituelen holden, mar dy nimme in folle minder wichtich plak yn, falle op Alderheljen en wurde dêrom yn 'e regel oantsjut as Todos los Santos ynstee fan Día de los Muertos.

Sjoch ek

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further Reading, op dizze side.


This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.