Degihaanske talen
algemien
oare namme(n)Degiha-talen
lokaasjeGrutte Flakten
tal talen5
tal sprekkers±60 (1990-2007)
taalbesibskip
taalfamyljeSûaansk
  Westsûaansk
    Mississippydelling-
        Sûaansk

        Degihaansk
subgroepen● Kansa-Osadzje †
● Kwapou
Omaha-Ponka

De Degihaanske talen of Degiha-talen foarmje in lytse taalkloft dy't diel útmakket fan 'e Sûaanske talen, in grutte taalfamylje dêr't in protte lânseigen Yndiaanske talen út Noard-Amearika ta hearre. De Degihaanske talen foarmje binnen de Westsûaanske groep mei de Dakotaanske talen, de Tsjiweare-talen en it Winnebago de saneamde Mississippydelling-Sûaanske talen (of Middensûaanske talen).

De Degihaanske talen waarden fan âlds sprutsen yn 'e dellingen fan 'e rivieren de Ohio en de Mississippy en yn it sintrale part fan 'e Grutte Flakten. Der binne yn totaal fiif ûnderskate Degihaanske talen: Kansa (Kansa of Kaw), Kwapou (Quapaw), Omaha (Omaha), Osadzje (Osage) en Ponka (Ponca). It Omaha en it Ponka, en it Kansa en it Osadzje binne sa nau oaninoar besibbe en sa goed ûnderling fersteanber dat taalkundigen se as ien taal beskôgje (Omaha-Ponka en Kansa-Osadzje), mar de oanbelangjende etnyske groepen sjogge se wol deeglik as selsstannige talen.

It Kansa, it Osadzje en it Ponka binne no útstoarn, wêrfan it Kansa yn begjin 1980-er jierren en it Osadzje yn 2005 mei de dea fan Lucille Roubedeaux, de lêste memmetaalsprekster. It Omaha en it Kwapou hawwe noch marzjinale oantallen sprekkers, opteld by de 60 om. Yn 2012 kamen op 'e Twadde Jierlikse Degihaanske Gearkomste taalaktivisten fan alle fiif Degihaanske folken byinoar om te oerlizzen oer refitalisearringsprogramma's foar harren talen.

Taalkloftopbou

  • Degihaanske talen
    • Kansa-Osadzje
      • Kansa (Kansa of Kaw) †
      • Osadzje (Osage) †
    • Kwapou (Quapaw)
    • Omaha-Ponka
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.