De Wylgen
Emblemen
               
Polityk
Lânflagge fan Nederlân Nederlân
Provinsje Fryslân
Gemeente Smellingerlân
Sifers
Ynwennertal670 (1 jannewaris 2023)[1]
Oerflak4,10 km², wêrfan:
- lân: 3,70 km²
- wetter: 0,41 km²
Befolkingsticht.178 ynw./km²
Oar
TiidsôneUTC +1
SimmertiidUTC +2
Koördinaten53° 05' N 6° 02' E
Lokaasje De Wylgen (grien) yn 'e gemeente Smellingerlân
Lokaasje De Wylgen (grien) yn 'e gemeente Smellingerlân
Offisjele webside
Side De Wylgen-Bûtensfallaat-Smelle Ie
Kaart
De Wylgen (Fryslân)
De Wylgen

De Wylgen is in doarp west fan Drachten yn de gemeente Smellingerlân.

De Wylgen hat 670 (1 jannewaris 2023)[2] ynwenners.

Skiednis

De Wylgen wie oant 1955 in buorskip en in tsjerke hat it doarp nea hân. Foar de reformaasje hearde it tsjerklik by Smelle Ie, dêr't it kleaster stie, en letter by Boarnburgum.

Yn 1672 wie de Republyk yn oarloch mei Frankryk, Ingelân, Münster en Keulen. Yn dat jier teach in leger soldaten fan de biskop fan Münster troch Smellingerlân op nei Ljouwert. Mar dat waard op Sumarreheide troch mannen fan Fan Aylva opwachte. De soldaten fan Münster ferspraten harren nei de nederlaach en swalken plonderjend troch it gebiet. Oan 'e ein fan de Biskopswei, by de Poalsbrêge oer de Drait, doe in furde troch it rivierke, kamen ek soldaten oan, mar hja waarden dêr opwachte. By de striid waarden trije soldaten ombrocht, dy't dêr begroeven waarden. Alhoewol't it soldaten wiene dy't dêr omkamen waarden de grêven bekend as biskopsgrêven. [3]

Brêge tusken de Hoptunen en de Broekfinne

Troch fergrizing en gjin nijbou sakke it ynwennertal nei de Twadde Wrâldkriich bot. Dat feroare mei de oanlis fan de De Sâning, in tige royaal opsette fillawyk oan de noardeastlike kant fan it âlde doarp mei frijsteande hûzen op grutte kavels oan it wetter. De Sâning waard tusken 1996 en 2002 oanlein en wurdt fan in griene sône mei wetter skieden fan it âlde doarp. Oarspronklik foel de grûn fan de nijbouwyk by Smelle Ie, mar yn it ramt fan it plan waard in grinskorreksje útfierd en kaam it by De Wylgen.

Mienskip

De Wylgen hat in mienskiplik doarpsbelang mei Smelle Ie en it buorskip Bûtenstfallaat, dat formeel by Drachten heart. Ek de flagge en it wapen fan de twa doarpen binne mienskiplik.

Ferienings

Befolkingsferrin

Jier184019591964196919742004201220152020
Ynwenners150348313282281850688662657

Strjitten

Broekfinne
  • Biskopswei - Bernhard fan Galen
  • Broekfinne
  • De Heide
  • De Trisken - buorskip De Trisken
  • Drachtster Heawei
  • Hoptunen
  • Mûntseleane
  • Nachtlân

Ferskaat

Sjoch ek

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. https://opendata.cbs.nl/statline
  2. https://opendata.cbs.nl/statline
  3. Geschiedenis van Smallingerland, J.J. Spahr van der Hoek, ISBN 90 70 010 48 8, side 23/24

Smellingerlân
Doarpen en útbuorrens:
AldegeaBoarnburgumDrachtenDrachtster KompenijeDe FeanhoopGoaiïngahuzenDe HoutigehageKoartehimmenNyegeaDe PeinDe RottefalleSmelle IeDe TikeDe Wylgen
Buorskippen:
BûtenstfallaatEibertsgeastenDe FolgerenGalhoekeDe GeastenDe KlettenDe KoaiLuchtenfjildMiddelbuorrenNoardereinNijtapOpperbuorrenPuntpealSânbuorrenSytebuorrenIt SúdSuderheideUteinWierren
wizigje
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.