De Westhoek | ||
Emblemen | ||
Polityk | ||
Lân | Nederlân | |
provinsje | Fryslân | |
gemeente | Waadhoeke | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 260 (1 jannewaris 2023)[1] | |
Oerflak | 3,87 km², wêrfan: - lân: 3,86 km² - wetter: 0,01 km² | |
Befolkingsticht. | 63 ynw./km² | |
Oar | ||
Koördinaten | 53° 16' N 5° 33' E | |
Offisjele webside | ||
Side De Westhoek en de Oasthoek | ||
Kaart | ||
Kaart | ||
Himrik (grien) fan De Westhoek yn 'e eardere gemeente It Bilt |
De Westhoek (Frysk en Biltsk) is in doarp yn 'e gemeente Waadhoeke. De Westhoek leit noardlik fan Minnertsgea, noardwestlik fan Sint-Jabik, westlik fan Nij Altena en besuden de Waadsee. De doarpskearn fan De Westhoek leit oan de Aldebiltdyk.
De Westhoek hat 1.715 (1 jannewaris 2023)[2] ynwenners.
Skiednis
Nei de oanlis fan de Aldebiltdyk yn 1505 ûnstie der lintbebouwing oan dy dyk. Yn dit diel fan de langste strjitte fan Nederlân wiene dat de buorskippen De Westhoek en De Oasthoek. Beide buorskippen foelen yn 'e himrik fan Sint-Jabik. Oan de westlike kant gie de bou fan wenten stadich en pas yn 'e 18e iuw waarden dêr pleatsen boud. Tusken De Westhoek en De Oasthoek leit noardlik fan Sint-Jabik ek noch in buert dy't De Spitsroeden neamd wurdt.
Om 1960 drige de ôfbraak fan de lintbebouwing oan de dyk. De wenten wiene min ûnderholden en net oansletten op it rioel en de gemeente wie fan doel om alle bebouwing ôf te brekken. De prizen wiene lykwols leech en troch advertinsjes yn De Telegraaf kochten in soad minsken út de Rânestêd in hûske.
Sûnt 1991 is De Westhoek in selsstannich doarp. De Oasthoek bleau lykwols in buorskip yn de himrik fan Sint-Jabik.
Yn septimber 2018 fûn by De Westhoek it festival Westhoek Búttendyks plak.
Sûnt 2018 leit De Westhoek yn de gemeente De Waadhoeke, dêrfoar lei it doarp yn sawol de gritenij as de gemeente It Bilt.
Weach fan ûnrêst
De Golf van Onrust is in monumint ta neitins oan de oprjochting fan "Bruorretrou". Dat earste bûn fan lânarbeiders waard yn 1889, middenyn de lânboukrisis, oprjochte yn herberch ‘De Zalm’ yn de Westhoek. "In 'n landbou-gemeente as 't Bildt ferdienden, tot an de sterke meganisasy, 'n soad erbaaiers 'n stikky broad. Sij waren evenwel onmondig. In de jaren fan Domela Nieuwenhuis (+- 1880) kwam hierin wat ferandering. De erbaaiers worden hur bewust, dat 't soa niet langer kon. D'r ging 'n golf fan onrust deur de befolking. Stakings, branden, militerebesettings waren 't gefolg. De erbaaiersbeweging "Broedertrouw" worde opricht. Dut monumint is hier set as herinnering an die tiid fan striid."
Poerdersramp
De Poerdersramp is in monumint dat de poerdersramp fan 25 septimber 1935 op 't Waad boppe de Westhoek en Koehoal betinkt. "Ferskainen mânlju huurden 'n fissersboat om 'n dag te poeren, 'n form fan sportfissen. De rustige Waddensee ferandere deur 'n opstekende storm in 'n kolkende watermassa. Ondanks 't helfhaftige optreden fan ses Westhoekster fissersloi, waren d'r dochs slachtoffers onder de poerders te betreuren: Bruin Frederik Barendsma, Hendrik Radelaar, Bernardus Tromp en Jacob Verf, allegaar út Luwt."
Mienskip
Sûnt 1960 besiket Streekbelang Oast- en Westhoek de leefberens fan it doarp te ferbetterjen. Yn it doarpshûs De Spitsroeden wurde sosjale aktiviteiten organisearre. Yn it doarp is de iennige feriening fan it koaitsjetipeljen, in sport dy't allinne yn 'e eardere gemeente It Bilt beoefene wurdt.[3]
Skoalle
De Westhoek hie oant 2006 in eigen skoalle. Fanwegen it sakjende tal bern moast doe de skoalle sletten wurde. Yn 'e jierren 1980 drige ek al sluting foar de skoalle, mar dat koe doe noch tefoarren kommen wurde troch De Westhoek de doarpsstatus te jaan.
Ferienings
- Koaitsjetipelferiening
- Keatsklub Oasts- en Westhoek
(Sjoch foar de meast aktuele ynformaasje oer ferienings op de hiemside)
Publikaasjes
- Sytse Buwalda 'De Westhoek' (2013)
- Sytse Buwalda 'De Oasthoek' (2016)
Wapen
- Sjoch: Wapen fan De Westhoek
Ferskaat
Yn de buorskip De Oasthoek stiet de masjinefabryk Meijer Metal mei in kolleksje steammasjines.
Strjitten
Sjoch ek
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|