De Westereen
Stânbyld "De Keapman fan de Westereen"Suze Boschma-Berkhout, 1988
Stânbyld "De Keapman fan de Westereen"
Suze Boschma-Berkhout, 1988
Emblemen
               
Polityk
Lânflagge fan Nederlân Nederlân
Provinsje Fryslân
Gemeente Dantumadiel
Sifers
Ynwennertal5.130 (1 jannewaris 2023)[1]
Oerflak7,91 km², wêrfan:
lan: 7,52 km²
wetter: 0,38 km²
Befolkingsticht.678 ynw./km²
Oar
TiidsôneUTC +1
SimmertiidUTC +2
Koördinaten53° 15' N 6° 2' E
Doarpsgebiet fan De Westereen (grien) yn 'e gemeente Dantumadiel
Doarpsgebiet fan De Westereen (grien) yn 'e gemeente Dantumadiel
Offisjele webside
Webstee De Westereen
Kaart
De Westereen (Fryslân)
De Westereen

De Westereen (Standertfrysk: De Westerein) is in doarp dat yn de gemeente Dantumadiel leit. De Westereen leit noardwestlik fan Twizelerheide en Sweagerbosk, eastlik fan De Falom, westlik fan Kollumersweach en besuden Wâlterswâld. De Westereen hat 5.130 (1 jannewaris 2023)[2] ynwenners. De doarpskearn fan De Westereen bestiet út de Foarstrjitte, Tsjerkestrjitte, Skoallestrjitte, Ferlinge Stasjonsstrjitte en de Noarder Stasjonsstrjitte mei tusken en om dizze strjitten ferskate oare strjitten mei tichte bebouwing.

It buorskip Kûkherne (grutste diel) heart ek by De Westereen.

Skiednis

De Westereen
Nije Feart, De Westereen

De namme fan it doarp betsjut de westlike ein fan Kollumersweach. It doarp is ûntstien as de westein fan it dykdoarp Kollumersweach, benammen dat part dat yn Dantumadiel lei. Dat dykdoarp, de dyk fan Feanwâlden nei Kollum bylâns, wie fral in doarp fan lytse keaplju en arbeiders. Yn de rin fan de 20e iuw hat Kollumersweach him fierder eastlik, tichter by Feankleaster ûntwikkele, wylst De Westereen him los dêrfan westliker by de Nije Feart ûntwikkele en útwreide nei it suden nei it spoar fan Ljouwert nei Grins.

Ein 1700 sette de joad Salomon Levy út it Dútske Hessen him yn De Westereen nei wenjen. Westereender bern dy't eartiids foar it earst nei skoalle gienen mochten in stik koeke fan de 'koekebeam' plukke. Dy koekebeam stie ferstoppe op de souder fan de skoalle.

Op 18 desimber 2007 hat de folsleine Ried fan Dantumadiel by moasje besletten de eigen Fryske taalkleur fan it doarp foar de takomst fêst te lizzen. Dêrom waard de offisjele doarpsnamme as 'De Westereen' yn de gemeentlike basisadministraasje fêstlein. De Fryske Akademy hat de namme sa ek yn de wurdboeken opnommen mei de fermelding dat de net-Westereender Friezen de namme ornaris as 'De Westerein' útsprekke.

De Westereen hat altyd al yn sawol de gritenij as de gemeente Dantumadiel lein.

Fryske Wâlden

Heidespultsje
Klokkestoel op it begraafplak
De yn 2017-2018 ferboude Ferbiningstsjerke (foarhinne de Toertsjerke)

De Westereen leit yn de Noardlike Fryske Wâlden mei in soad beamwâlen en pingo's. Eartiids wie it dêr in soad heide op earme sângrûn. De earmoede wie grut en de plaggehutten waarden bewenne troch grutte hûshâldings.De heidefjilden waarden oan it begjin fan de 20e iuw oanmakke en oant yn de 20e iuw bleaune minsken yn hutten wenjen. Yntusken binne ek de measte stiennen farianten fan dy plaggehutten hast allegear ferfongen troch moderne hûzen.

Noardlik fan De Westereen lizze tusken de Petsleat, de Kollumersweachsterfeart, de Easterbroeksterwei en de Miedwei de Sweagermieden. Utsein de boskjes yn it suden is it lânskip dêr fral iepen. Yn de Sweagermieden fiele ljippen, skrizen, tsjirken en waarlamkes harren thús.

Ferbinings

De Westereen leit op de eastigge fan de Nije Feart, in part fan de Swemmer. Dit wetter jout nei it suden ta ferbining mei de Burgumer Mar en it Prinsesse Margrietkanaal en nei it noarden mei Westergeast (Kollumerlân) en it Dokkumer Djip.

De Foarstrjitte ferbynt it doarp nei it easten ta mei Kollumersweach. Nei it westen jout de Boppewei ferbining mei de Sintrale As en fia de Easterein mei Feanwâlden.

Yn it suden hat it doarp sûnt 1902 in halte oan it spoar fan Ljouwert nei Grins. It stasjonsgebou út 1955 wie oant 1998 yn gebrûk en waard yn 2003 ôfbrutsen fanwege âlderdom.[3].

Mienskip

Ien fan de lêste wâldhûskes oan de Foarstrjitte (ôfbrutsen begjin 2023)

De doarpsferiening hjit De Westereen. De feriening 112 organisearret sûnt 2005 om it jier yn febrewaris in doarpsfeest. It sportpark hjit De Wieken. Oan de Sportleane stie it swimbad De Frosk dat yn 2016 oan reapsein rekke en neitiid sloopt is.[4] De Westereen hat in indoor fierljepsintrum. Dêr wurdt winterdeis treend.

Tsjerken

Skoallen

  • Iepenbiere basisskoalle 't Pompeblêd
  • Kristlike basisskoalle De Boustien

Ferienings

  • ANJA - tafeltennis
  • AVIOS-SVK - gymnastyk
  • AVIOS - follybal
  • Fûgelwacht De Westereen
  • Fuotbalferiening De Westereen
  • Harmonia - korps
  • Hynstefreon en Het Paardenvriendje - hynsteriden
  • Ids - skeelerjen
  • It Koarkje - fiskjen
  • Judoferiening De Westereen
  • Tennisferiening

Befolkingsferrin

Jier1744184819001954195919641969197420002004
Ynwenners2041.0272.1343.5943.7234.0534.3134.6175.0025.119
Jier200720152020
Ynwenners5.1645.0564.972

Berne

Strjitten

Alle strjitten fan De Westereen.

Sjoch ek

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dantumadiel
Doarpen en útbuorrens:
BroeksterwâldDamwâldDriezumDe FalomFeanwâldenFeanwâldsterwâl (foar in part)RinsumageastReadtsjerkSibrandahûsWâlterswâldDe Westereen
Buorskippen:
Kûkherne (foar in part)Eastwâld
Eardere doarpen:
DantumawâldIkkerwâldMoarrewâld
wizigje
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.