De Weare | ||
Polityk | ||
Provinsje | Noard-Hollân | |
Gemeente | Opmar | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 855 (1 jannewaris 2023) | |
Oar | ||
Postkoade | 1661 | |
Tiidsône | UTC +1 | |
Simmertiid | UTC +2 | |
Koördinaten | 52° 43 'NB, 4° 59 'EL | |
Offisjele webside | ||
Mienskipried De Weare | ||
Kaart | ||
De Weere (Frysk en Westfrysk: De Weare) is in doarp yn 'e Noard-Hollânske gemeente Opmeer (Frysk: Opmar)[1].
It plak hat 855 (1 jannewaris 2023) ynwenners.
Skiednis
Oant 1811 foel it doarp ûnder trije ferskillende rjochtsgebieten, ea ûntstien yn 'e tiid fan Willem VI: Heechwâld, Abbekerk en Sibekarspel. Nei 1811 rekken dy gebieten harren stedsrjochten kwyt, mar it doarp bleau no ferdield oer de doe ynstelde trije ferskillende gemeenten. Dat bleau sa oant 1979, doe't der in gemeentlike weryndieling plakfûn en it hiele doarp by de gemeente Opmeer foege waard.
Sûnt de 20e iuw wurdt by it doarp ek de dearinnende wei Tropweere (Tropweare) rekkene. Foar dy tiid wie dat in apart plakje. De namme ferwiist nei 'lokaasje boppe De Weare'. Dêrnjonken wurde ta De Weere ek de buorskippen Harderwyk (Hurderwijk), Paradijs (Paradys) en Abbekerkeweere (Abbetjerkeweare) rekkene.
Namme
De plaknamme waard yn 1745 al De Weere neamd. Om oan te tsjutten om hokker stik fan it doarp it gyng, waard de namme fan it rjochtsgebiet tafoege, lykas bygelyks 'Heechwâldster Weare' of 'Abbetsjerker Weare'. Yn 'e omkriten binne mear plakjes mei deselde namme. Yn West-Fryslân komt it toponym in soad foar, it betsjut 'lân dat tusken twa ôfwetteringssletten leit', werby't it om in aardich stik lân giet.
It besjen wurdich
Ryksmonuminten yn De Weere binne de roomske Lambertustsjerke mei de pastorij en it hek en in pleats út 1913 oan 'e Driestedenweg 45.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|