De Wâldfinnen

De Wâldfinnen of De Wâldfennen is in polder oan de eastkant fan Langwar en Boarnsweach. De polder wurdt begrinze troch de Skarster Rien, de Langwarder Wielen en de A7. Oan de súdkant rint de Hollandiastrjitte, dy 't Skarsterbrêge ferbynt mei De Jouwer. Yn de noggentjinde iuw hearde de polder ta it wetterskip de Wâldfinnen.

Yn de polder leit oan de kant fan Boarnsweach in djip sângat, de Put fan Nederhorst. De Put, faak ‘it gat’ neamd, ûntstie troch sânwinning foar de oanlis fan de A7 tusken Snits en De Jouwer. It wetter wurdt brûkt foar fisk- en rekreaasjeplasse. Sa binne der geregeld dûkers te finen. Oan de put leit ek in strantsje.

Troch de polder rint fan de Put fan Nederhorst yn eastlike rjochting fan de A7 de dyk ‘Wâldfinnen’. Hjiroan leit bungalowpark en jachthaven de Wâldfinnen.

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.